Stasjon Geleen-Lutterade
Stasjon Geleen-Lutterade station Geleen-Lutterade | ||
3e stasjonsgebouw Stasjon Geleen-Lutterade yn 1991 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Limburch | |
Gemeente | Sittard-Geleen | |
plak | Geleen | |
adres | Minister Ruysstraat 47 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Lut | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 25 april 1868 1 maaie 1949 weriepening | |
sluting | 15 maaie 1938 | |
boujier | 1890 1e stasjonsgebou 1931 2e stasjonsgebou 1976 3e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1930 1e stasjonsgebou 1975 2e stasjonsgebou 2006 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1890 ûnbekende arsjitekt 1e stasjonsgebou 1931 S. van Ravesteyn 2e stasjonsgebou 1976 C. Douma 3e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline E | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Geleen-Lutterade (Lut) is in spoarweistasjon yn Geleen en waard iepene yn 1868 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). Yn dizze Limboarchske stêd is yn 1976 it tredde stasjonsgebou sûnt 1868 iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjonsgebou wie in lyts gebouke mei in wenning foar de stasjonssjef, letter waarden der tsjinstlokalen oanboud.
Yn 1930 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch in grutter gebou eins fjouwer geboukes mei in oerkaping op it perron nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn, dit gebou kaam yn 1931 ree. It stasjon waard yn 1938 sletten, mar op 1 maaie fan 1949 waard it stasjon weriepene.
It stasjonsgebou út 1931 waard yn 1976 ferfongen troch in nij gebou, bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It gebou waard yn 2006 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stasjon waard iepene yn ûnder de namme "Stasjon Geleen" mar doe't yn 1896 der in twadde stasjon iepene waard yn Geleen dat de namme Geleen-East krige waard de namme fan it stasjon feroare yn "Stasjon Lutterade". Yn 1954 waard de namme "Stasjon Geleen-Lutterade".
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 12 32400 |
Stoptrein (Arriva) | Maastricht Randwyck – Maastricht – Geleen-Lutterade – Sittard – Roermond |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|