Stasjon Utert Overvecht
Stasjon Utert Overvecht station Utrecht Overvecht | ||
Stasjon Utert Overvecht yn 2005 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
plak | Utert | |
adres | Tiberdreef 12 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Uto | |
iepening | 26 maaie 1968 | |
boujier | 1968 1e stasjonsgebou 1995 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | Jierren 90 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1968 C. Douma 1e stasjonsgebou 1995 C.M. Laboyrie 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Sintraalspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Utert Overvecht (Uto) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Utert. En waard iepene yn 1968 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Utert Overvecht wie in Standerttype Sextant. It gebou, wie ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 'e njoggentiger jierren, om plak te meitsjen foar útwreiding fan it tal spoaren en in tunnel tusken de wenwiken oan wjerskanten fan it spoar.
It stasjonsgebou waard yn 1995 ferfongen troch in nij gebou, nei ûntwerp fan arsjitekte C.M. Laboyrie. In opfallend gebou mei in totale hichte fan mar leafst tsien meter. It grutste part fan it skots en skeane gebou bestiet lykwols út lege romte. De treppen oan de kant fan it stasjonsgebou binne útfierd as in amfiteäter. It healrûne teäter is omseame troch in swarte kolonnade. As lêste is it nije eilânperron foarsjoen fan in markante perronoerkaping dy't ophongen is oan in hege skeane pylder. Yn 2011 is it grutste part fan de treppen ferfongen troch in tún. Oan de kant fan it stasjonsgebou is in glydbaan nei it perron makke.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4900 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Utert Overvecht – Hilfertsom – Almere Sintrum | Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900. |
14900 | Sprinter (NS) | Almere Sintrum – Hilfertsom – Utert Overvecht – Utert-Sintraal | Rydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900. |
5500 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Utert Overvecht – Den Dolder – Baarn | Rydt jûns en yn it wykein 1 x yn 'e oere. |
5600 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Utert Overvecht – Amersfoart Sintraal – Swol | |
5700 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Utert Overvecht – Hilfertsom – Weesp – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Hoofddorp |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|