Stasjon Eindhoven Strijp-S (Ehs) is in spoarweistasjon yn de stêd Eindhoven yn de provinsje Noard-Brabân en waard iepene yn 1971 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit benoarden de Rûnwei (diel Marconilaan / Beukenlaan), op de grins fan de wiken Woensel en Strijp, njonken it eardere Philips fabryksterrein Strijp-S mei it Klokgebouw. It stasjonsgebou is bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma, it stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as snackbar. It stasjon waard iepene yn ûnder de namme "Stasjon Eindhoven Beukenlaan" yn 2016 waard de namme feroare yn stasjon Eindhoven Strijp-S. Al yn 2018 hie it stasjon ferboud wurde sillen en tagonklik makke wurde foar reizgers mei in rolstoel, mar Prorail en de gemeente Eindhoven binne it noch altyd (2023) net iens oer it úteinlike ûntwerp.