Stasjon Putten

Ut Wikipedy
Stasjon Putten
station Putten
Stasjon Putten yn 2015
Stasjon Putten yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Putten
plak Putten
adres Stationsstraat 127a
arsjitektuer
stasjonskoade Pt
iepening 20 augustus 1863
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1929 2e stasjonsgebou
sloopjier 1929 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1863
N.J. Kamperdijk
1e stasjonsgebou
1929
H.G.J. Schelling
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Sintraalspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Putten (Gelderlân)
Stasjon Putten

Stasjon Putten (Pt) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Putten yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1863 oan de Sintraalspoarwei (Utert-Sintraal - Kampen).

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1e stasjonsgebou stasjon Putten om en de by 1910

It oarspronklike spoarweistasjon fan Putten wie in standertstasjon fan de NCS, in stasjon fan it type tredde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de trije stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou, wie ûntwurpen troch de arsjitekt Nicolaas Johannes Kamperdijk (1815 - 1887). It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1876 útwreide en yn 1892 waarden de platte dakken fan de beide fleugels ferfongen troch in brutsen dak. It earste stasjongsgebou waard ôfbrutsen yn 1929.

It stasjon waard yn 1929 ferfongen troch in nij gebou, nei ûntwerp fan arsjitekt Schelling. In strak mar asymmetrysk gebou mei in heech middenpart útrinnend yn ien punt, en twa fleugels. Oan de kant fan de strjitte bestiet it gebou út twa parten, wylst oan de perron kant trije ferskillende parten te sjen binne. It gebou krijt in pear tsjinstromten, loketten en in wachtromte. Yn 'e linkerfleugel komt de fracht ôfhanneling. Yn 1972 kriget it stasjon in fuotgongersbrêge tusken beide perrons. It stasjon hat gjin liften, reizgers mei in rolstoel kinne it twadde perron berikke fia de oerwei yn de Stationstraat en de P+R.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5600 Sprinter (NS) Utert SintraalAmersfoart Sintraal – 'PuttenSwol

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: