Nicolaas Johannes Kamperdijk
Nicolaas Johannes Kamperdijk | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 maart 1815 | |
stoarn | 8 febrewaris, 1887 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | arsjitekt | |
jierren aktyf | ± 1840-1887 | |
bekendste wurk(en) |
sjoch galery |
Nicolaas Johannes Kamperdijk (Utert, 3 maart 1815 - Voorburg, 8 febrewaris, 1887) wie in Nederlânske arsjitekt.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de karriêre fan Nicolaas J. Kamperdijk is net folle bekend. Kamperdijk folge partikuliere lessen by Christiaan Kramm en nei alle gedachten wie er letter ek in skoft yn tsjinst by de Utertske túnarsjitekt S.A van Lunteren. Hy wie sels wurksum as arsjitekt fan om 1840 ôf oant yn de jierren 1870. Hy ûntwurp twa tsjerken yn in neogotyske styl, wêrfan't de herfoarme tsjerke fan Seist de meast bekende is. Letter ûntwurp Kamperdijk yn neoklassisistyske styl. Dêrfan binne de spoarstasjons it bêste foarbyld. Yn 1863 ûntwurp Kamperdijk trije klassen standerdstations foar de Nederlandsche Centraal-Spoorweg-Maatschappij. Hy soe ek Stasjon Swol en Stasjon Dordrecht ûntwerpe. Hoewol't dy stasjons taskreaun wurde oan Karel Hendrik van Brederode, wie Kamperdijk de arsjitekt fan dy stasjons. [1][2] Kamperdijk wie ek belutsen by in tal restauraasjeprojekten. Sa wie er belutsen by de restauraasje fan 'e Dom fan Utert en de Berte fan 'e Hillige Johannes de Doper yn Montfoort. Yn Utert ûntwurp hy om 1871 hinne it konsertgebou yn Park Tivoli.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar:
-
Koetshûs mei stâl en wenning yn Oud-Zuilen, ûntwurpen yn 1858
-
Aarstbiskoplik paleis, Utert
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nicolaas Johannes Kamperdijk fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |