Springe nei ynhâld

Stasjon Doardt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Dordrecht)
Stasjon Doardt
station Dordrecht
Stasjon Doardt yn 2014
Stasjon Doardt yn 2014
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Doardt
plak Doardt
adres Stationsplein 1
arsjitektuer
stasjonskoade Ddr
iepening 1 jannewaris 1872
boujier 1870
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 522309
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 7
spoarline Steatsline I
Spoar fan Elst nei Doardt
24.483 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Doardt (Doardt-Sintrum)
Stasjon Doardt

Stasjon Doardt (Ddr) is it âldste spoarstasjon fan de stêd Doardt, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It op 1 jannewaris 1872 iepene stasjon leit besuden it sintrum, by de njoggentjinde-iuwske skyl. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS earste klasse, en is ien fan de twa stasjons dy't yn dizze klasse boud is, de oar is Stasjon Swol.

It stasjon leit bûten de eardere stedsmuorren fan Doardt en bûten de eardere bebouwing. Om de stêd te ferbinen mei it stasjon is in streekrjochte trochstek nei de stêd oanlein, de Johan de Wittstrjitte. Lâns dizze rûte is yn 1879 in hynstetramwei iepene nei it sintrum fan Doardt en de Merwekade, dêr 't oansluting wie op de fearboaten nei de streek. Dizze tram is yn 1919 opheft. It stasjonsgebou is yn neorenêssânsestyl oplutsen en falt op troch syn monumintale boustyl. Yn de tiid dat it stasjon boud waard, stie it op it grûngebiet fan de doetiidske gemeente Dubbeldam.

Stasjon Doardt beskikt oer trije perrons mei dêrlâns sân perronspoaren: 1 oant en mei 5, 15 en 20. De spoaren 1 oant en mei 5 wurde brûkt foar trochgeande treinen, perronspoar 15 is in kopspoar oan de eastkant, yn gebrûk foar treinen rjochting Geldermalsen en it westlike kopspoar 20 wurdt allinnich yn de moarntiid brûkt troch in Sprinter rjochting Rotterdam. Dêrneist hat Doardt noch in tal frachtspoaren. Oan 'e westkant fan it emplasemint, op 'e hichte fan de eardere Spoarweihaven, slút de stamline nei de Doardtske havens oan.

Yn 1995 is in tredde spoar rjochting Lage Zwaluwe oanlein. Dit om frachttreinen de mooglikheid te jaan om te wachtsjen bûten it stasjon sûnder reizgerstreinen te hinderjen. Ek kommende fan Geldermalsen is in ekstra spoar oanlein.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
2200 Intercity (NS) Amsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkHaarlimLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardtRoosendaalFlissingen
2400 Intercity (NS) Lelystêd SintrumAlmere BûtenAlmere SintrumAmsterdam SúdSkiphol AirportLeien SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalDoardt
3700 Intercity (NS) DoardtRotterdam SintraalSkiedam SintrumDelftDe Haach HSLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdUtert-SintraalDe BoskEindhoven SintraalHelmondVenlo Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.
21400 Intercity (NS) Rotterdam SintraalDoardtEindhoven SintraalUtert-Sintraal Alinne freedtenachts
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenDoardt
5900 Sprinter (NS) DoardtRoosendaal Jûns en yn it wykein ien kear yn 'e oere.
6600 Sprinter (NS) DoardtBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim Sintraal Rydt allinnich yn de spits tusken Nimwegen en Arnhim Sintraal v.v.
7100 Sprinter (Qbuzz) DoardtGorkum
7300 Sprinter (Qbuzz) DoardtGorkumGeldermalsen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: