Springe nei ynhâld

Stasjon Geldermalsen

Ut Wikipedy
Stasjon Geldermalsen
station Geldermalsen
Stasjon Geldermalsen yn 2013
Stasjon Geldermalsen yn 2013
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente West Betuwe
plak Geldermalsen
adres Genteldijk 3
arsjitektuer
stasjonskoade Gdm
iepening 1 novimber 1868
boujier 1867 1e stasjonsgebou
1884 2e stasjonsgebou
sloopjier 1884 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1867
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 523723
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 5
spoarline Steatsline H
6495 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Geldermalsen (Gelderlân)
Stasjon Geldermalsen

Stasjon Geldermalsen (Gdm) is in spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Geldermalsen yn de provinsje Gelderlân. It waard iepene yn 1868 oan de Steatsline H (Utert-Sintraal - Boxtel).

It oarspronklike spoarweistasjon fan Geldermalsen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Houten, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en ien fan de seis stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode en Gerrit van Diesen. It earste stasjongsgebou waard al yn 1884 ôfbrutsen, fanwegen oanpassingen oan it spoar troch de krusing mei de Betuweline.

It stasjon waard ferfongen troch in grut asymetrysk gebou. In middenpart fan it stasjon is 2,5 ferdjipping heech, en hat twa 1,5 ferdjipping hege fleugels. Yn 2011 waard op stasjon Geldermalsen in nije fuotgongersbrêge yn gebrûk naam. Dy traverse ferfong de tunnel oan de eastkant, dy't as sosjaal ûnfeilich typearre waard, en de âlde, smelle brêge oan de westkant. De nije brêge, is foarsjoen fan liften sadat it stasjon ek tagonklik is foar reizgers mei in rolstoel. De fuotgongersbrêge waard yn 2021 alwer ferfongen troch in nije fuotgongerstunnel.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
6000 Sprinter (NS) Utert-SintraalGeldermalsen De Bosk
6900 Sprinter (NS) De Haach SintraalGoudaUtert-SintraalGeldermalsenTiel
7300 Sprinter (Qbuzz) DoardtGorkumGeldermalsen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: