Springe nei ynhâld

Neoklassisisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Neoklassisistyske styl)
In ferneamd foarbyld fan strang neoclassicisme is it skilderij De eed der Horatii fan Jacques Louis David
Let-Barokklassisisme: G. P. Pannini, Romeinske ruïnes en byldhouwurken (1756)
De fasade fan La Madeleine yn Parys, neoklassisisme yn de arsjitektuer
Schermerhorn Symphony Center

Neoklassisisme is in keunststreaming, wêryn't men de ferûnderstelde súverens fan de klassiken neistribbe. Men rjochte har op de keunst fan de âlde Griken en Romeinen. Dizze styl waard fral tapast oan de ein fan 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw.

De grins yn de tiid tusken it klassisisme en neoklassisisme, is net altyd dúdlik. Yn ferskillende lannen wurdt de namme faak foar ferskillende tradysjes brûkt. De namme klassisisme wurdt meast brûkt foar 17e-iuwske keunstners sa as Nicolas Poussin en Claude Lorrain, dy't harren ynspirearje lieten troch de antike keunst fan de Romeinen en Griken. Mei 'neoklassisisme' wurdt it wurk fan lette 18e-iuwske en ier 19e-iuwske keunstners omskreaun, sa as de Frânske skildersJacques Louis David en Jean Auguste Dominique Ingres, of de byldhouwers Antonio Canova en Bertel Thorvaldsen. Sy stribben sterker nei in trouwe neifolging fan de idealen fan de Griken en Romeinen. Foaral eleminten fan de klassike timpels mei harren pylderfronten fynt men werom yn it Neoklassisisme. Yn Nederlân hearre de measte tsjerken út de earste helte fan de 19e iuw ta de neoklassike boustyl. It Paleis fan Justysje yn Ljouwert is der ek in foarbyld fan.

De neoklassike streaming kaam op nei in twatal wichtige archeologyske fynsten dy't it omtinken foar de Aldheid oanwakkerjen die: de opgraving fan Pompeii (1748) en de fynst fan de stien fan Rosetta (1799) en de ûntsifering derfan troch Champollion (1822). It wurk fan de tekeners en wittenskippers dy't Napoleon Bonaparte meinaam nei Egypte, spriek ta de ferbylding fan de minsken fan doe. De teoryen fan Johann Joachim Winckelmann spilen fierders in kaairol by it omtinken. It neoklassisisme fersprate him oer Eurpoa en Noard-Amerika fan Rome út.

Yn de betiteling neoklassisisme klinkt somtiden in weardeoardiel troch: keunststilen dy't de tradysje fan de renessânsee-keunstners en de klassike Grykske en Romeinske keunst op respektabele wize trochsetten, wurde faak 'klassisistysk' neamd, wylst harren eklektyske neifolgers 'neoklassisistysk' hjitte te wêzen.
Yn Nederlân kin Johannes van Dreght rekkene wurde ta de keunstners dy't yn dizze styl wurken.

Neoklassisisme yn de 21e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it tiidrek dêr't moderne arsjitektuer foar master opsloech (rûchwei nei WWII oant mids 1980er jierren), is it neoklassisisme hjir en dêr wer wat yn it opkommen. Yn de Feriene Steaten wurde guon publike gebouwen wer yn de neoklassike styl boud; yn 2006 noch, waard sa it Schermerhorn Symphony Center.

Yn it Brittanje binne ek wer in stik as wat arsjtekten warber yn de nijklassike styl. Foarbylde binne twa universiteitsbibleteken: Quinlan Terry syn Maitland Robinson Library yn Downing College en fan 'Robert Adam Architects' de Sackler bibleteek. De mearderheid fan nijklassike bouwurken binne lykwols gewoane wenten.

Yn de 21e iuw falt neoklassike arsjitektuer ûnder de sammelnamme 'tradisjonele arsjitektuer'.[1] In tal foarbylden fan de postmoderne arsjitektuer is ynspirearre troch- en hat skaaimerken fan it neoklassisisme; it Nasjonale Teater fan Kataloanje yn Barselona sit dêr by.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Traditional Architecture Group
  • Wikipedia nl. Neoclassicisme
  • Wikipedia en. Neoclassicism