Stasjon Amersfoart Schothorst
Appearance
Stasjon Amersfoart Schothorst station Amersfoort Schothorst | ||
Stasjon Amersfoart Schothorst yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Amersfoart | |
plak | Amersfoart | |
adres | Zielhorsterweg 65 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Amfs | |
iepening | 31 maaie 1987 | |
boujier | 1987 | |
arsjitekt | Hans Bak | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Sintraalspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Amersfoart Schothorst (Amfs) is in stasjon oan de Sintraalspoarwei yn Amersfoart yn de provinsje Utert.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It waard yn gebrûk naam op 31 maaie 1987. It stasjonsgebou is in ûntwerp fan arsjitekt Hans Bak. It stasjonsgebou bestiet út in giel kubus-foarmich skelet dat foar de helte opboud is út bakstien en glês mei dêryn in lytse stasjonshal, loketten en tsjinstromten. De yngong fan it gebou leit oan it stasjonsplein dat boppedat tagong jout ta de perrontunnel. De boppeste helte fan it gebou bliuwt iepen mei oan elke kant in NS-logo. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid en it giel fan de kubus is yntusken swart oerskildere.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
11600 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Duivendrecht – Hilfertsom – Amersfoart Sintraal – Amersfoart Schothorst | Foarmet tusken Skiphol Airport en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1600. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11700. |
11700 | Intercity (NS) | Amersfoart Schothorst – Amersfoart Sintraal – Utert Sintraal – Gouda – De Haach Sintraal | Foarmet tusken De Haach Sintraal en Amersfoart Sintraal in healoeretsjinst mei searje 1700. Foarmet tusken Amersfoart Sintraal en Amersfoart Schothorst in healoeretsjinst mei searje 11600. |
5600 | Sprinter (NS) | Utert Sintraal – Amersfoart Sintraal – Amersfoart Schothorst – Swol | |
5800 | Sprinter (NS) | Amersfoart Vathorst – Amersfoart Schothorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom– Weesp – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp | Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|