Alde line
De Alde line (Amsterdam Rotterdam) is in spoarwei yn it westen fan Nederlân oer de rûte Amsterdam Sintraal – Haarlim – Leien Sintraal – De Haach HS – Rotterdam Sintraal. It is de âldste spoarline fan Nederlân en is oanlein troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM).
Skiednis
De spoarline begûn by stasjon d'Eenhonderd Roe krekt bûten Amsterdam, en waard folslein evenwijdich oan de besteande Haarlimmertrekfeart nei Haarlim oanlein. De treintsjinst foarme dan ek in direkte konkurrint fan de besteande trekskûte. Hjir riedt ek de earste trein op 20 septimber 1839 lutsen troch twa lokomotiven: de Arend en de Snelheid. Yn de jierren 1842- 1847 waard de spoarline ferlinge nei Leien – De Haach – Rotterdam. Ynearsten wie de spoarline útfierd yn breedspoar, mei in spoarwiidte fan 1.945 m. Yn 1865 waard it spoar smeller makke ta normaalspoar (1.435 mm) by dizze oanpassing waard it trajekt ek daalks dûbeldspoarig.
Stasjon d'Eenhonderd Roe lei op it grûngebiet fan Gemeente Sleat, nei't de HIJSM oerienstimming mei de stêd Amsterdam berikt hie oer in stasjon tichter by de stêd, waard yn 1842 stasjon Amsterdam Willemspoarte yn gebrûk nommen en waard Stasjon d'Eenhonderd Roe sletten. Dit stasjon Amsterdam Willemspoarte waard sletten yn 1878, wêrby't de line ferlinge waard nei it tydlike stasjon Amsterdam Westerdok. Yn 1889 koe it nije sintraal stasjon yn gebrûk naam wurde.
Op it plak fan it oarspronklike stasjon fan Haarlim út 1839 waarden de wurkplakken foar it ûnderhâld fan it spoarweimaterieel ynrjochte, it begjin fan de Haadwurkplak Haarlim. Yn 1842 waard it earste stasjonsgebou op it hjoeddeiske plak iepene.
Yn Leien, Den Haach, Delft, Skiedam en Rotterdam waarden de stasjons krekt bûten de stedswâlen lein. Dêr troch kaam it stasjon De Haach HS te lizzen op it grûngebiet fan Rijswijk (SH). Yn 1843 waard dit Haachsk grûngebiet.
It Rotterdamske einpunt kaam krekt bûten de Delftske Poarte te lizzen. It waard stasjon Rotterdam Delftsche Poort. Nei't dit stasjon yn de Twadde Wrâldkriich ferlern gien wie, is in stikje fierderop yn 1957 it sintraal stasjon fan Rotterdam iepene it nije einpunt fan de âlde line.
De âlde line waard elektrifisearre yn 1924-1927. It wie de earste wichtige spoarline yn Nederlân dy 't lektrifisearre waard (de nije Hofpleinline wie de earste elektrifisearre spoarline). Foar de elektryske tsjinst op de âlde line waard it Blokkendoas-materieel (Mat '24) oanskaft.
Iepening fan de spoarline
De spoarline nei Rotterdam waard yn fazen yn gebrûk naam.
Datum | Traject | Tuskenstasjons |
---|---|---|
20 septimber 1839 | Amsterdam - Haarlim | Amsterdam Sloterdijk, Halfweg-Zwanenburg, Haarlim Spaarnwoude |
2 juny 1842 | Haarlim- Veenenburg | Heemstede-Aerdenhout, Hillegom |
17 augustus 1842 | Veenenburg - Leien | Voorhout |
1 maaie 1843 | Leien - Voorschoten | De Vink |
6 desimber 1843 | Voorschoten- De Haach | De Haach Mariahoeve, De Haach Leane fan NOI |
3 juny 1847 | De Haach - Rotterdam | De Haach Moerwijk, Rijswijk, Delft, Deflt Campus, Skiedam Sintrum |
Treinûngelokken
Op de âlde line ha de ôfrûne trije iuwen in tal treinûngelokken plak hân.[1]
- 9 maart 1843 - Op de weromreis fan in proefrit fan Haarlim nei Leien ûntspoarde lokomotyf Vesta trochdat de rolbrêge oer de Warmonder Leede net fergrindele wie, de masjinist rekke beknipe ûnder de lokomotyf en oerlibbe it ûngelok net. It wie it earste treinûngelok yn Nederlân mei in deadlik slachtoffer.
- 10 augustus 1856 - De lêste trein fan dy dei botste foarby Skiedam op de foarlêste trein, dy't dêr ophâlden wie. Oarsaken fan it ûngelok wiene dat de HIJSM noch gjin gebrûk makke fan slútlantearnen en der net riden waard mei blokbefeiliging, mar allinnich mei tiidynfal.
- 14 augustus 1874 - Om't de houten brêge by Warmond ferfongen waard troch in stiennen eksimplaar, wie der op it plak mar ien fan de twa spoaren beskikber. In trein mei leech materieel út de rjochting Amsterdam, lutsen troch lokomotyf Pluto, hie foar it inkeldspoarige part wachtsje moatten op in sneltrein út Rotterdam, mar passearre it stoptongjende sein yn folle feart. De trein botste frontaal op lokomotyf de Flora.
- 11 augustus 1882 - Troch wurksumheden oan de brêge oer de Leidsefeart moast treinferkear út beide rjochtingen fan itselde spoar gebrûk meitsje en troch in loads begelaat wurde. De trein út Rotterdam hie syn loads oppikt en hie tastimming krigen om troch te riden, de trein út Amsterdam hie lykwols gjin loads oan board naam en wie trochriden sûnder tastimming. De twa treinen botsten frontaal.
- 17 jannewaris 1914 - Lokomotyf Nestor, dy't in proefrit makke, waard flak foar Leien yn de flank rekke troch in lytse ranzjearlokomotyf. De Nestor foel om en de masinist kaam ûnder de lokomotyf telâne, hy oerlibbe it ûngelok net. De ranzjearlokomotyf bliek troch in ûnfeilich ranzjearsein riden te wêzen.
- 9 septimber 1926 - Besuden fan halte De Vink, by Leien, ûntspoarde in sneltrein. In part fan de trein bedarre yn de sleat, wêrby't fjouwer minsken om it libben kamen. De ûntspoaring wie feroarsake troch in minne tastân fan it baanfak.
- 16 desimber 1940 - Fan in koaletrein mei 50 weinen, dy't út Den Haach rjochting Utert ried, ûntspoarden by Leidschendam de lêste fyftjin weinen. De sneltrein Amsterdam-De Haach ried op de ûntspoarde weinen yn en ûntspoarde. De foarste bak fan de sneltrein skode fan de spoarbaan ôf en kaam mei de kabine yn de modder ta stilstân.
- 13 jannewaris 1943 - Troch in spoarstaafbreuk ûntspoarden te stasjon De Haach Leane fan NOI de efterste rydtugen fan trein 1107 Amsterdam – Doardt.
- 14 novimber 1952 - By de Laansleootseweg yn Skiedam wie in lokomotyf mei in frachtwagon oan it ranzjearjen op in sydspoar, doe't de wagon oanriden waard troch in lege passazjierstrein. De wagon bedarre ûnder de trein, wêrtroch't de trein opwipt waard, kantele en fan de spoardyk skode. De masinist bruts syn skonk.
- 27 desimber 1982 - De ynternasjonale trein Warschau-Hoek fan Hollân wie tsien minuten te let fuortgien út Utrecht, trochdat by de lokomotyf in luchtlekkaazje ferholpen wurde moast. Nei it fuortgean út Rotterdam moast de trein in pear spoaren trochwikselje om op de Hoekse Lijn út te kommen. De stoptrein út Amsterdam rûn hjirtroch foar in read sein, mar ried troch. De twa treinen rekken elkoar sa goed as frontaal.
- 21 april 2012 - Yn it wykein fan 21 april wiene der wurksumheden oan it spoar tusken Amsterdam Sintraal en Amsterdam Sloterdijk. Dêrtroch wiene der om de oanslúting Singelgrêft hinne minder spoaren beskikber as gebrûklik. Treinen yn beide rjochtingen moasten om beurten gebrûk meitsje fan itselde spoar. Op 'e hichte fan it Westerpark, tusken de stasjons Amsterdam Sintraal en Sloterdijk mist de masinist fan in sprinter in read sein en botst frontaal op in intercity.
- 4 april 2023 - By stasjon Voorschoten botste in frachttrein op in boukraan, dy't brûkt waard by wurksumheden oan it spoar. In tsjinkommende reizgerstrein botste dêrnei op de brokstikken fan de kraan, ûntspoarde en kaam neist it spoar yn de greide telâne. De kraanmasinist oerlibbe it ûngelok net.
Stasjons en gebouwen
Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 20 stasjons: (kursyf: earder stasjon)
Stasjon | Iepene | hjoeddeistich gebou | |
---|---|---|---|
Amsterdam Sintraal | 1889 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Cuypers | |
Amsterdam Westerdok | 1878 | Gjin, gebou sloopt yn 1889, stasjon sletten yn 1889 | |
Amsterdam Willemspoarte | 1842 | Gjin, gebou sloopt yn 1878, stasjon sletten yn 1878. | |
d'Eenhonderd Roe | 1839 | Gjin, gebou sloopt yn 1850, stasjon sletten yn 1842. | |
Sloterdijk Súd | 1890 | Gjin, gebou sloopt yn 1986, stasjon sletten yn 1985. | |
Amsterdam Sloterdijk | 1983 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Reijnders. | |
Halfweg-Zwanenburg | 1842 | Gjin, gebou sloopt yn 1941. | |
Haarlim Spaarnwoude | 1998 | Gjin | |
Haarlim | 1839 | 1906, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Margadant. | |
Zijlweg | 1891 | Gjin, stasjon sletten yn 1903 | |
Leidsche Straat | 1904 | Gjin, stasjon sletten yn 1923 | |
Heemstede-Aerdenhout | 1872 | 1958, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van der Gaast. | |
Mannepad | 1872 | Gjin, stasjon sletten yn 1927 | |
Vogelenzang-Bennebroek | 1842 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Margadant. Stasjon sletten yn 1944. | |
Doodweg | 1891 | Gjin, stasjon sletten yn 1900 | |
Hillegom | 1891 | Gjin, gebou sloopt yn 1970 | |
Hillegommerbeek | 1842 | Gjin, stasjon sletten yn 1900 | |
Veenenburg | 1842 | Gjin, gebou sloopt yn 1903 , stasjon sletten yn 1896 | |
Lisse | 1891 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Margadant. Stasjon sletten yn 1944. | |
Piet Gijzenbrug | 1842 | Gjin, gebou sloopt yn 1964, stasjon sletten yn 1944 | |
Voorhout | 1892 | Gjin, gebou sloopt yn 1940 | |
Leidsche Straatweg | 1891 | Gjin, stasjon sletten yn 1902 | |
Postbrug | 1842 | Gjin, stasjon sletten yn 1842 | |
Warmond | 1842 | Gjin, gebou sloopt yn 1964, stasjon sletten yn 1952. | |
Leien Sintraal | 1842 | 1996, 4e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Reijnders. | |
De Vink | 1906 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Fikkers. | |
Voorschoten | 1843 | 1995, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Bak. | |
Statistiek | 1944 | Gjin, stasjon sletten yn 1949 | |
De Haach Mariahoeve | 1966 | Gjin, tagong tunnel ferburgen yn in kantoargebou. | |
De Haach Leane fan NOI | 1843 | 1978, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Douma. | |
De Haach HS | 1843 | 1891, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Margadant. | |
De Haach Moerwijk | 1996 | Gjin | |
Rijswijk-Wateringen | 1847 | Gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1938. | |
Rijswijk | 1965 | 1996, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Fikkers. | |
Kleiweg | 1887 | Gjin, stasjon sletten yn 1906. | |
't Haantje | 1887 | Gjin, stasjon sletten yn 1903. | |
Singelweg | 1886 | Gjin, stasjon sletten yn 1905. | |
Schoolpoort | 1886 | Gjin, stasjon sletten yn 1905. | |
Delft | 1885 | 2015, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Benthem en Crouwel. | |
Delft Campus | 1970 | Gjin, gebou sloopt yn 2006. | |
Kethel | 1892 | Gjin, stasjon sletten yn 1938. | |
Skiedam Sintrum | 1847 | 2000, 4e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Belkum. | |
Beukelsdijk | - | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Margadant. Stasjon nea yn gebrûk naam. | |
Rotterdam Sintraal | 1957 | 2012, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Benthem en Crouwel. | |
Rotterdam Delftsche Poort | 1847 | Gjin, gebou yn 1940 ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich. Stasjon sletten yn 1957. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|