Stasjon De Vink

Ut Wikipedy
Stasjon De Vink
station De Vink
Stasjon De Vink yn 2023
Stasjon De Vink yn 2023
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Leien
plak Leien
adres Alexandrine Tinneplein 298
arsjitektuer
stasjonskoade Dvnk
iepening 1 jannewaris 1906
2 juny 1985 Weriepening
sluting 15 maaie 1928
boujier 1995
arsjitekt Th.J.B. Fikkers
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 4
spoarline Alde line
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon De Vink (Leien)
Stasjon De Vink

Stasjon De Vink (Dvnk) is in spoarweistasjon yn de gemeente Leien yn de provinsje Súd-Hollân. En waard iepene yn 1906 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn 1928 waard it stasjon sletten, mar yn 1985 waard it stasjon op 2 juny weriepene.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stasjon is eartiids ferneamd nei in njonkenlizzende útspanning. Bûten de besteande wachterswenning wiene der gjin fierdere foarsjenningen en yn 1928 ferdwynt De Vink alwer út it Spoarboekje.

Yn de jierren 80 binne sawol Leien as Voorschoten sa groeid dat NS yn 1985 op hast itselde plak stasjon De Vink wer yn gebrûk nimt. De spoarline foarmet op 'e hichte fan it stasjon de gemeentegrins tusken beide plakken en dy krijt dêrom yn earsten gjin offisjele namme. Mei it each op de spoarferdûbeling tusken Leien en De Haach hat it stasjon de earste tiid nei de weriepening houten perrons, inkelde ienfâldige wachtromten en in ienfâldige brêge oer de spoaren.

Yn 1991 is de nije tunnel ûnder de spoaren klear en kin de tydlike brêge sloopt wurde. Yn 1995 binne de spoarferdûbeling en de nijbou fan it stasjon nei ûntwerp fan arsjitekt Theo Fikkers ree.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vink hat twa eilânperrons dy 't út de tunnel wei mei treppen en liften te berikken binne. Beide perronnen hawwe 40 meter lange oerkapingen. Op it plein oan de Leidske kant stiet in ienfâldich stasjonsgebou. Oan de kant fan it spoar hat it gebou in lytse rûne toer.

Treinûngelok by De Vink (1926)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kranteknipsel oer it treinûngelok

Op 9 septimber 1926 ûntspoarde by De Vink, tusken Voorschoten en Leien, de om 14.21 oere út Rotterdam Delftsche Poort ôfsetten sneltrein 218, dy't ûnderweis wie nei Amsterdam Sintraal.

Nei it passearjen fan kastiel Duivenvoorde by Voorschoten bliek de stoomlokomotyf sterk te skommeljen. De masinist sleat dêrnei de stoomtafier ôf en hearde dêrnei in hurde knal, wêrnei't de lokomotyf sterk ôfremme. Hjirtroch rûn de lokomotyf fêst en kantele mei de tender nei links. De trein wie doe deunby De Vink yn doe noch de gemeente Voorschoten.

De bagaazjewein achter de lokomotyf kaam dwers op it spoar te stean, it earste rydtúch dêrefter glied foar in part fan de spoardyk ôf en bedarre yn in sleat. Fan it twadde houten rydtúch waard de foarwand ôfskuord en waard it dak fersplintere.

De masinist waard fan de lokomotyf slingere, mar seach kâns om efkes letter op de mashine werom te kommen en de stoom ûntsnappe te litten en it fjoer mei sân te dôvjen, wêrtroch't mooglik slimmere gefolgen foarkaam binne. Mar twa kollega's op de trein koene it ûngelok lykwols net mear neifertelle. Hja rekken bedobbe ûnder gleone koallen en ferbrânden troch stoom dy't by de ôfbrutsen stoomfluit ûntsnapte. De haadkondukteur waard út syn útkykpost slingere en bedarre yn in sleat.

By it ûngelok kamen fjouwer minsken om it libben, en rekken tsien minsken swierferwûne en in mearfâld lichtferwûne. Under de deadlike slachtoffers wie it akteurspear Greta Lobo en David Jessurun Lobo.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3300 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe VinkLeien SintraalHoofddorpSkiphol AirportSaandamPurmereinHoarnHoarn Kersenboogerd Jûns nei 20:00 oere en yn it wykein wurdt der net riden tusken Hoofddorp en De Haach Sintraal v.v. en tusken Hoarn en Hoarn Kersenboogerd.
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe VinkLeien SintraalSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe VinkLeien SintraalHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: