Springe nei ynhâld

Stasjon Hillegom

Ut Wikipedy
Stasjon Hillegom
station Hillegom
Stasjon Hillegom yn 2018
Stasjon Hillegom yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Hillegom
plak Hillegom
adres 2e Loosterweg 4
arsjitektuer
stasjonskoade Hil
iepening 1 jannewaris 1891
28 maaie 2000 Weriepening
sluting 17 septimber 1944
boujier 1900
sloopjier 1970
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Alde line
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Hillegom (Súd-Hollân)
Stasjon Hillegom

Stasjon Hillegom (Hil) is in spoarweistasjon yn de gemeente Hillegom yn de provinsje Súd-Hollân. En waard iepene yn 1891 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). Yn 1944 waard it stasjon sletten, mar yn 2000 waard it stasjon op 28 maaie weriepene.

stasjonsgebou stasjon Hillegom yn 1900

It stasjon hie in breed eilânperron mei dêrop trije gebouwen mei ûnder oare loketten, wachtromten en húskes. It gehiel wurdt oerdutsen troch in lange perronkape. Ta gefolch fan de spoarweistaking wurdt it stasjon sletten. De earste jierren nei de Twadde Wrâldkriich stopje der yn it bolleseizoen noch geregeld treinen foar toeristen op stasjon Hillegom. Yn de jierren ’50 ferdwynt de stasjonskap en yn de jierren 60 binne de trije gebouwen ôfbrutsen en begjin jierren 70 ein jierren 60 is ek it perron fuorthelle. Al bleau oant healwei jierren 80 frachtferfier mooglik. It hûs fan de stasjonsjef is it lêste restant fan it âlde Stasjon Hillegom. Dit is tsjintwurdich in gemeentlik monumint.

Yn 2000 wurdt it stasjon weriepene. Trochdat de spoaren nei it sluten fan it stasjon lizzen bleaun binne, krijt it stasjon opnij in breed eilânperron, diskear sûnder fierdere foarsjenningen. It stasjon is troch in hege rinbrêge mei it stasjonsplein ferbûn. De beide liftskachten binne foarsjoen fan bûgde dakken. fjierder is it typyske foarstêd stasjon foarsjoen fan in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen, en binne der in pear parkearplakken oanwêzich.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
6300 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalHillegomHeemstede-AerdenhoutHaarlim Rydt nei 20.00 oere en yn it wykein tusken Leien Sintraal en Haarlim.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: