Springe nei ynhâld

Westeremden

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 apr 2023 om 02.23 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (ynfoboks mei posysjekaart en gemeente aktualisearre)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Westeremden
Andreastsjerke
Andreastsjerke
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 350 (31-12-2021) [1]
Oerflak 0,33 km²
Oar
Postkoade 9922
Koördinaten 53° 21' NB, 6° 43' EL
Kaart
Westeremden (Grinslân)
Westeremden

Westeremden is in terpdoarp yn it noardeasten fan de provinsje Grinslân. It leit yn de gemeente Iemsdelta, foar 2021 de gemeente Loppersum. Yn 2021 wennen der 350 minsken.[2]

It âlde rjochthûs. Boppe de twadde (lytsere) poarte fan links stiet it ôfbyld fan in opstigende ruter.
De troch Helmantel werboude weem

Westeremden is om it begjin fan de jiertelling hinne ûntstien as in havenplak oan de doetiidske mûning fan de Fivel. Dat is yn de namme fan it doarp werom te finen: e-muda betsjut "mûning fan de rivier". It foarheaksel Wester- is letter tafoege om it plak ûnderskiede te kinnen fan de East-Fryske stêd Emden. It doarp leit op in kwelderwâl dy't fan Uskwert oer Middelstum en Zeerijp nei Spijk by Delfsyl rint. De âlde struktuer fan Westeremden, in beskerme doarpsgesicht, is noch altyd goed te sjen, al is in part fan de terp yn de tweintichste iuw ôfgroeven. By dy ôfgravings binne yn 1917 en 1928 stikjes hout mei runeninskripsjes fûn.[3] Boppe-op de terp stiet it âldste gebou fan it doarp, de Romaansk-Goatyske Andreastsjerke, dy't út de trettjinde iuw datearret.

Oan de ein fan de Hege Midsiuwen stie yn it doarp de earste skoalle fan Noard-Nederlân. Dizze waard stifte troch de Grinslânske abt Emo fan Witewierum (±1170-1237), dy't yn dy tiid yn Westeremden wenne. Emo wie ek de stifter fan it Kleaster Blomhôf by Witewierum, dat súdlik fan Westeremden leit.

Westeremden leit yn in gebiet dêr't sûnt 1986 lichte ierdskokken te fernimmen binne, dy't ûntstean om't yn dit part fan Grinslân ierdgas wûn wurdt. De boaiem yn dizze kriten fersakket dêrtroch ek.

Yn it doarp wennet en wurket de Grinslanske keunstskilder Henk Helmantel (1945).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. (ned) CBS Statline 2021
  3. (ned) J.H. Looijenga, J.H. (1997) Runes around the North Sea and on the Continent AD 150-700 (haadstik 9), Grins: Ryksuniversiteit, ISBN 90-6781-014-2
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje