Kleaster Blomhof
It kleaster Blomhof, mei de Latynske namme Floridus Hortus, wie yn kleaster yn Witewierrum yn de provinsje Grinslân.
It waard stichte yn 1213 en hearde oan de oarder fan de Premonstratinzers. It kleaster lei op in wier oan de rjochterigge fan de Fivel. Rillegau nei de stifting fan Blomhof soen de kleasterlingen harren bemuoie mei de wettersteatsorganisaasje. It kleaster waard opheft yn 1561. De lêste abt wie Cornelis Hermanni. De kleastergebouwen waarden tawiisd oan de krekt beneamde biskop Johannes Knijff (1561 - 1576), dy't de bakstiennen dêrfan brûkte foar de útwreiding fan syn residinsje, it Prinsenhof yn Grins. De eardere kleastertsjerke is úteinlik 1863 ôfbrutsen. Sûnt stiet de tsjerke fan Witewierum op de fûneminten.
Bloemhof is fral ferneamd meidat syn iere skiednis beskreaun is yn de kronyk fan Blomhof, dy't optekene is fan de earste abten Emo en Menko. Twa manuskripten binne yn it besit fan de Universiteitsbibleteek Grins.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De kronyk fan Wittewierum, út de Bysûndere Kolleksjes fan de UB Grins