Springe nei ynhâld

Eenum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 okt 2022 om 04.38 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eenum
Andréastsjerke
Andréastsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 119 (31-12-2021) [1]
Oerflak 2,28 km², wêrfan:
lân: 2,26 km²
wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 53 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 46' E
Offisjele webside
Side Eenum
Kaart
Eenum (Grinslân)
Eenum

Eenum (Grinslânsk: Ainum, Ainem of Aimen) is in doarpke yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta. It leit likernôch twa kilometer noardeastlike fan Loppersum.

Neffens ûndersyk wie de wierde fan Eenum al yn 500 f.Kr. bewenne. Ofgravings brochten Romeinske saken út de 3e of 4e iuw oan it locht, lykas in ivoaren heft fan in knyft mei in ôfbyld fan in Romeinske keizer út dat tiidrek.

Eenum wurdt yn 1040 'Enon' neamd, doe't kening Hindrik III it besit fan Uffo en syn bruorren yn Eenum en Leermens oan biskop Bernold fan Utert joech. Oare nammen fan dy tiid binne 'Einon' (9e of 10e iuw) en 'Enun' (11e iuw). Unbekend is de oarsprong fan de namme; guon sykje it yn in wetternamme of de namme Agino of Agin.

Boarch fan Eenum

Yn 'e 16e iuw krige de famylje Ubbena jimmeroan mear rjochten yn it doarp troch û.o. dy te keapjen fan de famylje Bolsiersema. Yn 1639 wurdt der foar it earst oer in boarch skreaun. Troch fererving foel de boarch n de 17e iuw yn hannen fan de famylje Alberda fan de Alberdaheerd. Om't de doetiidske eigner in soad mei har man op Nienoard wie, stie de boarch sûnt 1744 jimmeroan faker leech. Nei't hja ferstoar waard de boarch yn 1800 lang om let ferkocht om ôf te brekken. Letter waard in grut part fan it skathûs ôfbrutsen en nei 1880 waard ek noch it stee ôfgroeven. It hûske oan it Kerkpad 4 is noch in oerbliuwsel fan it skathûs. Twa fazen fan de boarch krigen in plakje op it dak fan de pleats oan de Bosweg 4.

Oant fier yn de 18e iuw leine oan de wei nei Zeerijp de resten fan in midsiuwske stinswier.

Yn it lêst fan de 19e iuw waard útein set mei it ôfgraven fan de wierde fan Eenum. De ôfgraving fan it noardlike diel fûn yn de jierren 1880-1885 plak. it westlike diel wie in aparte wierde mei de namme De Knol. Tusken 1917 en 1940 waard de rest fan de wierde ôfgroeven. Om't de âlde pastorij op de wierde stie (noardwestlik fan de tsjerke) moast ek dy yn 1919 ferdwine. De ôfgraving en de ôfbraak fan de pastorij binne troch it meitsjen fan in rige foto's goed dokumintearre. Tusken 1915 en 1925 waard it diel fan 'e wierde ôfgroeven, dêr't no de iisbaan leit en tusken 1910 en 1930 ferdwûn ek de Eenumerhoogte, it noardlike diel fan de wierde. Mei't der in ein oan de ôfgravings kaam, rekke ek de haven fan it doarp yn ûnbrûk.

Fan de middenstân dy't it doarp oan it begjin fan de 20e iuw noch hie is neat oerbleaun. Om Eenum stiene eartiids in soad fruitbeammen mei beiestrûken. It doarp hie in eigen apel mei de namme 'Renet fan Eenum' en sûnt 1902 foar de rispinge ek in eigen feiling mei de namme 'Pomona', dy't yn 1922 ferhûze nei Loppersum. Yn de jierren 1960 naam de fraach nei de rassen fan Eenum ôf en sakken de prizen. De hôven om it doarp hinne ferdwûnen en troch mechanisaasje naam ek it tal lânboubedriuwen ôf. Yn 2005 wiene der noch mar trije ikkerbouwers oerbleaun. It lêste kafee oan de Oosterwijtwerderweg ferdwûn yn 1991. Bewenners bouden dêrnei yn 1993 sels it doarpshûs 'De Schans'.

De Wikipedy hat ek in side Andréastsjerke (Eenum).

De tsjerke fan Eenum datearret út it lêste fearn fan de 12e iuw. De measte Grinslânske tsjerken binne romanogoatysk, mar de romaanske tsjerke fan Eenum is ien fan in útsûnderings. Mooglik is it tsjerkje it âldste noch besteande bakstiennen tsjerkje fan Grinslân. Yn de tsjerke stiet in oargel fan Arp Schnitger út 1703.

Randelsweer

Oan de Hogeweg 8 stiet in oar ryksmonumint, de kop-hals-romppleats 'Randelweer' út 1859. It steatlike foarhûs datearret fan 1926. Súdeastlik fan it doarp oan de Oosterwijtwerderweg 6 stiet de grutte pleats 'Elema' út 1870.

Njonken de tsjerke stiet de eardere 19e-iuwske kosterij (Kerkpad 12). De skoalle foarme eartiids ûnderdiel fan de kosterij en krige yn 1889 in nij gebou oan de Hogeweg 2, dy't al yn 1935 sletten waard. De bern fan Eenum krige doe in mienskiplike skoalle mei de doarpen Leermens en Oosterwijtwerd oan de Dieftil.

It earder earmhûs fan de diakony stiet oan de Oosterwijtwerderweg 2.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1859 1869 1879 1889 1899 1920 1930 1947 1971 1995 1999 2005 2015 2021
Ynwenners 63 94 161 142 135 195 190 158 95 140 120 100 90 119

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje