Andréastsjerke (Eenum)

Ut Wikipedy


Andréastsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Eenum (Ienum)
koördinaten 53° 20' N 6° 52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Andréas
Arsjitektuer
boujier healwei 12e-iuwsk
boustyl romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 40300
Webside
PKN Vredekerk Maarland
Kaart
Andréastsjerke (Grinslân)
Andréastsjerke

De Andréastsjerke fan Eenum (Frysk: Ienum) (gem. Iemsdelta) is ien fan 'e âldste bakstiennen tsjerken fan 'e provinsje Grinslân. It romaanske tsjerkje stiet op in foar in part ôfgroeven wierde yn it sintrum fan it doarpke. De tsjerke wurdt in pear kear yn 't jier brûkt troch de PKN.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarstelling fan 'e tsjerke foar de bou fan 'e toer op in út de tsjerke ôfkomstich brânskilderd raam (tsjintwurdich Grinzer Museum).

De tsjerke datearret út it lêste fearn fan 'e 12e iuw. Oarspronklik hie it in healrûne apsis, dy't healwei de 19e iuw ôfbrutsen is. Yn dy tiid waard ek it ynterieur feroare. Yn 'e 16e iuw waarden yn 'e súdlike muorre gruttere ramen ynbrocht.

De toer út 1710 ferfong in dakruter en hinget in meter út it lead, dat nei alle gedachten feroarsake waard troch it ôfgraven fan de wierde. Om't de toer it skip drige mei te lûken, waard yn 1975 besletten de tsjerke te restaurearjen. De toer krige doe in nije fundearring mei peallen fan 11 meter djip, dêr't in fundearingsplaat op stoart waard om fierdere fersakking tefoarren te kommen.

Nei't de skea troch ierdskoddings en it fersakjen fan 'e grûn yn 2014 ferholpen waard, feroarsake in oare ierdskodding yn febrewaris 2015 nije skea.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynrjochting.

De iken preekstoel datearret út 1654 en hat in kûp mei fykwurk, de trep en it efterskot binne 19e-iuwsk. De banken foar de tsjerkeried hawwe ûnderdielen út 'e 17e iuw. De noardlik fan 'e preekstoel steande bank draacht wapens fan 'e famyljes Ubbena en Coenders.

Op 'e súdlike muorre is noch in wijingskrús fan foar de reformaasje bewarre bleaun. De oare beskilderings datearje nei alle gedachten fan nei de reformaasje.

Oan 'e noardlike muorre stiet in epitaaf út 1742 fan Reint Alberda, immen fan it Grinslânske skaai Alberda, boarchhear fan Eenum.

De klok yn 'e toer waard yn 1410 getten en komt oarspronklik út de toer fan 'e tsjerke fan Oosternieland (Easternijlân). Doe't dy toer sloopt waard is de klok yn 1823 oankocht troch de tsjerke fan Eenum.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel.

It oargel yn 'e tsjerke waard yn 1704 ûnder tafersjoch fan Arp Schnitger troch syn feint Johannes Radeker boud as in ienmanualich oargel mei tsien registers. Yn 'e rin fan 'e jierren wie it ûnderhâld fan it oargel tabetroud oan bekende oargelbouwers lykas Albertus Antoni Hinsz, Heinrich Hermann Freytag (dy't in oanhongen pedaal tafoege) en dy syn soan Herman Eberhard Freytag. Healwei de 19e iuw feroare Petrus van Oeckelen de disposysje om it oargel neffens de hearskjende moade oan te passen en Jan Doornbos gyng dêrmei fierder yn 1891.

It oargel hie te lijen hân fan de restauraasje yn 1977 en moast dêrfandinne yn 'e jierren 1983-1988 troch Reil út Heerde yngreven restaurearre wurde. It ynstrumint waard doe ek yn 'e oarspronklike steat werom brocht. De feroarings fan Van Oeckelen en Doornbos binne by dy restauraasje ferwidere, wylst de wynfoarsjenning fan Jan Doornbos út 1891 bleau. It oargel krige lykas eartiids wer tsien registers en yn it ramt dêrfan hat Reil in pear fan 'e oarspronklike registers rekonstruearre. De tremulant is deselde as dy fan H.H. Freytag en ek it oanhongen pedaal fan dy oargelbouwer bleau hanthavene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brosjuere Stifting Alde Grinslânske Tsjerken (Side SAGT)