Springe nei ynhâld

Porg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 jul 2022 om 22.16 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (porg)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In porg.

In porg is in fiktyf bist út 'e Star Wars-franchise, dat lânseigen is op 'e planeet Ahch-To. Dizze bistesoarte waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it twadde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy.

Porgs binne in soartemint fûgel dy't nêstelet op 'e rotsen fan 'e fulkanyske eilantsjes op Ahch-To. Se hawwe wol wat wei fan seepappegaaien, mei in lichemshichte fan 18 oant 26 sm en tige fine fearren, dy't op 'e bealch wyt binne, en op 'e wjukken en de rêch dûnkergriis oant swart. Porgs hawwe lykwols gjin snaffel, mar in bek, wêrfan't de beide hoeken omleech wize, en in snútsje mei skean steande noasters. De eagen binne grut en rûn en dominearje it gesicht. De oranje poaten binne foarsjoen fan swimfluezzen tusken de teannen.

Porgs kenne seksuele dimorfy: de wyfkes binne grutter as de mantsjes, en de mantsjes hawwe om 'e eagen hinne ljochtbrune fearren. Se ite fisk, dy't se fange troch yn see te dûken. Behalven dat se earsten swimmers binne, kinne se ek op lân út 'e fuotten, mei't se tige fluch en behindich drave kinne. Porgs binne lykwols gjin sterke fleaners.

Yn 'e Star Wars-franchise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi is te sjen hoe't guon porgs yn oanfarring komme mei de Wookiee Chewbacca, dy't se hinderje by syn reparaasjes oan it romteskip de Millennium Falcon. Meitiid kriget er lykwols in swak foar de bistkes, en teminsten twa pear porgs meitsje harren nêst oan board fan it romteskip. Mei Millennium Falcon ferlitte se neitiid harren thúswrâld en ferspriede har oer oare dielen fan it Stjerrestelsel.

In protte fans fan Star Wars en filmkritisy mienden dat de porgs, dy't troch party as in yrritante en ûnnedige tafoeging oan The Last Jedi beskôge waarden, inkeld yn 'e film stoppe wiene foar merchandisingdoelen. Neffens regisseur Rian Johnson wiene se lykwols de oplossing foar in probleem. De sênes op Ahch-To waarden opnommen op it Ierske eilân Skellig Michael, dêr't it optilde fan 'e seepappegaaien. Dy wiene op 'e eftergrûn te sjen yn eltse opname. Om't it in bealchfol wurk west hie, en boppedat djoer, om 'e fûgels yn 'e postproduksje mei special effects digitaal te ferwiderjen, waard besletten om se mar gewurde te litten en de porgs te kreëarjen as útlis foar wat dêr hieltyd op 'e eftergrûn omfleach.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa