Springe nei ynhâld

When Harry Met Sally...

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 feb 2022 om 23.16 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
When Harry Met Sally...
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Reiner
produsint Rob Reiner
Andy Scheinman
Nora Ephron
senario Nora Ephron
kamerarezjy Barry Sonnenfeld
muzyk Marc Shaiman
Harry Connick jr.
filmstudio Castle Rock Entertainment
Nelson Entertainment
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Billy Crystal
Meg Ryan
byrollen Carrie Fisher
Bruno Kirby
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 july 1989
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $16 miljoen
opbringst $92,8 miljoen
prizen 1 × BAFTA
1 × Grammy Award

When Harry Met Sally... is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 1989 ûnder rezjy fan Rob Reiner, mei yn 'e haadrollen Billy Crystal en Meg Ryan. De titel betsjut "Doe't Harry Sally Mette…". It ferhaal folget de titelpersonaazjes troch de jierren hinne as se mei-inoar yn 'e kunde komme en inoar net lije meie, en as se inoar neitiid ferskate kearen op 'e nij tsjinkomme, freonen wurde en úteinlik beseffe dat se faninoar begûn binne te hâlden. When Harry Met Sally... krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar in Oscar en fiif Golden Globes, en wûn in BAFTA en in Grammy Award. Yn it kollektyf ûnthâld stiet When Harry Met Sally... fral bekend om 'e sêne wêryn't Sally (Meg Ryan) yn in drokbesocht restaurant in orgasme simulearret nei't Harry (Billy Crystal) beweard hat dat er it altyd witte soe as in frou mei wa't er op bêd gie net echt klearkaam.

Yn 1977 studearje Harry Burns en Sally Albright allebeide ôf oan 'e Universiteit fan Chicago, mar yn ferskillende stúdzjerjochtings. Se kinne inoar dêrom net, mar Sally is in freondinne fan Harry syn faam Amanda Reese. As se allebeide nei New York moatte, dêr't Harry in karriêre begjinne wol en Sally in sjoernalistike oplieding folgje sil, stelt Amanda foar dat se, om kosten te besparjen, dêr tegearre hinne ride sille. Mei't it in rit fan mear 24 oeren is, hawwe se alle tiid om it ûnderweis oer fan alles en noch wat te hawwen.

Sa beprate se harren (tige ferskillende) ideeën oer relaasjes tusken manlju en froulju. Harry oppenearret dat manlju en froulju net inkeld freonen wêze kinne om't in man altyd seks hawwe wolle sil mei in frou. Sally fynt dat in healwize opfetting. As se oanstekke by in weirestaurant, merkt Harry op in stuit op dat er Sally oantreklik fynt. Sy fettet dat op as in besykjen om har te fersieren, wat se walchlik fynt om't er de feint fan har bêste freondinne is. Harry ûntstriidt dat er it op dy manear bedoelde, mar de fierdere rit ferrint ûnder spande omstannichheden. Nei oankomst yn New York geane se net bepaald as freonen útinoar, hoewol't se inoar wol it bêste tawinskje.

Fiif jier letter moetsje Harry en Sally inoar wer as se tafallich yn itselde fleantúch sitte. Sally hat op dat stuit krekt in relaasje oanknope mei Joe, in eardere buorman fan Harry, en as er dy op 'e lofthaven begroetet, kin er Sally net rjocht pleatse. Letter, op 'e flecht, sjit him tebinnen wêr't er har fan kin, en wikselet er fan plak mei in oare passazjier sadat er njonken har sitte kin. Hy fertelt har dat er ferloofd is mei in frommeske, Helen, eat dêr't Sally har oer besaut om't se net tocht hie dat Harry, mei syn nuvere opfettings oer de bannen tusken manlju en froulju, ea in serieuze relaasje krije soe. Nei oankomst op 'e lofthaven fan bestimming stelt Harry foar om freonen te bliuwen. Sally bringt him dêrop syn eardere teory oer de ûnmooglikheid fan freonskippen tusken manlju en froulju yn 't sin, wat Harry oanset ta in filosofyske útinoarsetting oer dat ûnderwerp. Dêrby konkludearret er úteinlik dat er it earder by it rjochte ein hie. Se geane útinoar sûnder freonen te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fiif of seis jier letter komme Harry en Sally inoar wer tsjin yn in boekhannel yn New York. Sally hat krekt har relaasje mei Joe beëinige om't se ferskillende dingen yn it libben wolle (hy wol gjin bern hawwe en sy al), wylst Harry yn skieding leit mei Helen, dy't fereale rekke is op in oare man. It dielen fan harren relaasjeswierrichheden skept in bân, en se drinke in kopke kofje tegearre. Dêrnei geane se eintsje te kuierjen en de folgjende dagen prate se wer ôf. Geandewei reitsje se befreone. Se fiere tillefoanpetearen oant djip yn 'e nacht, geane tegearre út te iten en binne ek op oare manearen gauris yn inoars selskip. Se beprate harren leafdeslibbens en jouwe inoar datoangeande goede en minder goede (mar wol goedbedoelde) rie.

Op in feest op âldjiersjûn, wêrby't it wizânsje is dat men om midsnacht dejinge tutet mei wa't men kommen is, fielt it ynienen ûnnoflik tusken Harry en Sally, en se beseffe dat se fereale opinoar wurden binne. Allebeide besykje se dat gefoel te negearjen om net te ferliezen wat se hawwe, dat se geane op in dûbel ôfspraakje, wêrby't Harry Sally oan syn bêste freon Jess besiket te keppeljen, wylst Sally Harry oan har bêste freondinne Marie keppelje wol. De jûn kriget in ûnferwachtse ôfrin as blykt dat Jess en Marie Sally en Harry hielendal net oantreklik fine, mar inoar nammenste mear. Se sette oan 'e ein fan 'e jûn tegearre ôf, krije in relaasje en ferloovje har al rillegau.

As Harry en Sally yn in winkel binne om tegearre in houlikskado foar Jess en Marie út te sykjen, rinne se dêr Harry syn eks-frou Helen en har nije man Ira tsjin it liif. Harry rekket alhiel oerémis fan dy moeting. Letter dy middei makket er rûzje mei Sally as sy tsjin him seit dat er net altyd alles der samar útsmite kin wat er tinkt en hy har ferwyt dat se har gefoelens oer har ôfbrutsen relaasje mei Joe ûnderdrukt. Net folle letter heart Sally dat Joe in nije freondinne hat mei wa't er trouwe sil. No is dat noch dêroan ta, mar it frommes is ek al yn ferwachting, en dat wie no krekt it punt dêr't hàr relaasje mei him op stikkenrûn is. Sally konkludearret dêrom dat Joe wol bern hawwe woe, allinne net mei hàr. Se is alhiel yn triennen en Harry hastiget him nei har appartemint ta om har te treastgjen. It rint derop út dat er de nacht oerbliuwt en seks mei har hat.

De oare moarns fielt Harry him skuldich om't er it gefoel hat misbrûk makke te hawwen fan Sally har kwetsberens. Sally hat lykwols nearne lêst fan en dat liedt der wer ta dat Harry him ferstikt fielt. Hy spilet gau-gau fan ruten mei in trochsichtich ferlechje, en harren freonskip bekuollet, nettsjinsteande Harry syn oanhâldende krewearjen om dy yn stân te hâlden. Op 'e brulloft fan Jess en Marie krije Harry en Sally úteinlik heechoprinnende rûzje en Sally fertelt Harry dat se fynt dat se gjin freonen mear wêze kinne.

Op âldjiersjûn fan dat jier lit Sally har troch Jess en Marie beprate om mei te gean nei in feest, in beslissing dêr't se al rillegau spyt fan kriget. Harry bringt de jûn allinne thús troch, en giet tsjin midsnacht de stêd yn om him wat te fertrêdzjen. Wilens beprakkesearret er alles nochris en komt er ta de konklúzje dat er fan Sally hâldt en dat er de rest fan syn libben net sûnder har trochbringe wol. Hy draaft nei it plak dêr't it feest holden wurdt dêr't Sally is, en treft har dêr krekt as se se foartidich nei hûs sil. Hy fertelt har wat er foar har fielt, mar sy riddenearret dat er allinne mar kommen is om't er iensum is. Hy reägearret dêrop troch alle dingen op te neamen wêrom't er fan har hâldt, eat dêr't er har mei fermurvet. Se tútsje en in fearnsjier letter trouwe se, persiis tolve jier en trije moannen nei't inoar foar it earst troffen hawwe.

Billy Crystal yn 2012.
Meg Ryan yn 2009.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Harry Burns Billy Crystal
Sally Albright Meg Ryan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Marie Carrie Fisher
Jess Bruno Kirby
Joe Steven Ford
Alice Lisa Jane Persky
Amanda Reese Michelle Nicastro
Ira Stone Kevin Rooney
Helen Hillson Harley Kozak
froulike klant Estelle Reiner

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

When Harry Met Sally... wie it resultaat fan in gearkomste dy't regisseur Rob Reiner, filmprodusint Andy Scheinman en senarioskriuwster Nora Ephron yn 1984 yn in New Yorksk restaurant hiene oer in mislearre filmprojekt. Se rekken oan 'e praat oer it libben as frijfeint fan Reiner en Scheinman en besleaten te sjen oft der gjin ferhaal siet yn harren eigen ûnderfinings op it mêd fan relaasjes. Foar har senario befrege Ephron Reiner en Scheinman oer harren libbens, en op dy ynformaasje basearre se it personaazje Harry Burns. Har eigen ûnderfinings en dy fan guon fan har freondinnen brûkte se om Sally Albright te kreëarjen.

Troch de jierren hinne wurke Ephron oan ferskate ferzjes fan har skript, wylst Reiner de films Stand by Me en The Princess Bride makke. As se fêst kaam te sitten mei har senario, befrege Ephron bekenden út 'e filmyndustry oer harren relaasjes om oan nije ideeën te kommen. Underwilens studearre akteur Billy Crystal foar syn oankommende rol sûnder dat er it sels wist, om't er de bêste freon fan Reiner wie, en sadwaande dy syn skieding fan filmmakster Penny Marshall en syn dêropfolgjende bestean as frijfeint fan tichteby meimakke.

It senario fan Ephron waard úteinlik ûnder de titel When Harry Met Sally... regissearre troch Rob Reiner. As produsinten wiene Reiner, Scheinman en Ephron by it projekt belutsen foar de filmstudio's Castle Rock Entertainment en Nelson Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $16 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Barry Sonnenfeld, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marc Shaiman en Harry Connick jr. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn New York. Reiner joech syn mem Estelle en syn dochter Tracy beiden lytse roltsjes yn 'e film.

De distribúsje fan When Harry Met Sally... waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 19 july 1989 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. De byhearrend soundtrack ferskynde yn july 1989 yn 'e foarm fan in muzykalbum by platemaatskippij Columbia Records. Ein 1989 kaam When Harry Met Sally... foar it earst út op VHS-keapfideo en op 9 jannewaris 2001 waard er foar it earst útbrocht op dvd. De earste blu-ray-edysje fan 'e film ferskynde op 5 july 2011.

Fan 'e filmkritisy krige When Harry Met Sally... oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times Rob Reiner omreden fan dizze film as "ien fan Hollywoods alderbêste komeedzjeregisseurs." De film sels fûn er "foar it meastepart gewoan, yn 'e sin fan opbou en de wize dêr't er ús ferwachtings op ferfollet. Mar wat him bysûnder makke, los fan it senario fan Ephron, is de gemy tusken Crystal en Ryan." Yn 'e krante USA Today parte Mike Clark 3 fan 4 stjerren ta oan When Harry Met Sally... Hy skeau: "Crystal is grappich genôch om foar te kommen dat Ryan mei de hiele film fuortrint. Sy is lykwols ferpletterjend yn in optreden dat wol as in iepenbiering kwalifisearre wurde kin […]."

In ôfwikende miening wie Caryn James fan The New York Times tagedien, dy't When Harry Met Sally... omskreau as in "faak grappige, mar alderraarst sa holle film". Hja ornearre dat de film oer de "romantisearre libbens fan yntelliginte, súksesfolle, neuroatyske New Yorkers" gie, en karakterisearre de film as "de tillefyzjekomeedzjesearjeferzje fan in Woody Allen-film, fol fermaaklike útspraken en sênes, [mar] allegear trochdrinzge mei in ûnkomfortabel gefoel fan déjà-vu."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat When Harry Met Sally... in heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 74 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Rob Reiner syn oandwaanlike, grappige film sette in nije standert foar romantyske komeedzjes, en dêrby waard er aldertigenst holpen troch de skerpe ynteraksje tusken Billy Crystal en Meg Ryan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet When Harry Met Sally... in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 17 resinsjes.

When Harry Met Sally... brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $92,8 miljoen op. Hoewol't de wrâldwide opbringst net bekend is, wie de film dêrmei al in behoarlik kommersjeel súkses. Ofset tsjin it budget fan $16 miljoen betsjut dat nammentlik in winst fan $76,8 miljoen. Dêr moasten de marketingkosten noch wol fanôf.

Yn 1990 waard When Harry Met Sally... by de Oscars nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste orizjinele senario (Nora Ephron). By de Golden Globes waard de film nominearre foar fiif prizen, yn 'e kategoryen bêste film (musical of komeedzje), bêste regisseur (Rob Reiner), bêste akteur (Billy Crystal), bêste aktrise (Meg Ryan) en bêste filmsenario (Nora Ephron). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard When Harry Met Sally... nominearre foar de priis foar bêste film en wûn er de priis foar bêste orizjinele senario. Sjonger Harry Connick jr. wûn mei syn wurk oan 'e soundtrack fan 'e film syn earste Grammy Award foar bêste manlike jazz-optreden mei sang.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.