Poiesz Supermerken
Poiesz Supermerken B.V. is it ienige selsstannige regionale grutwinkelbedriuw yn it noarden fan Nederlân.
Poiesz is in famyljebedriuw, ûntstien yn 1923, doe't Lodewijk Poiesz yn Snits in grientewinkel fan 12m² iepene oan de Havenstrjitte. Yn 1962 waard ek yn Snits, in pân fan 200m² oankocht en waard de earste 'Poiesz Supermerk' iepene. De twadde folge yn 1969 yn Frjentsjer en al gau waarden de filialen Boalsert en Warkum iepene.
De famylje Poiesz is noch altiten eigener fan de keten. Wyls is it bedriuw útgroeid ta in keten fan 58 supermerken wêrfan 55 mei in sliterij. Der wurkje sa'n 4200 meiwurkers en it bedriuw is oansluten by de ynkeaporganisaasje Superunie.
Ein oktober 2009 waard it fyftichste filiaal iepene yn Beilen. Hjirnei is begjin maart 2010 in tredde filiaal yn Assen iepene en binne sân fêstigingen fan Super de Boer oernommen fan Jumbo Supermerken. It betreft hier de fêstigingen Assen, Boppesmilde, Grins, Easterwâlde, Staphorst, Warkum en Súdhorn. Yn 2011 waard it 60ste filiaal iepene yn Dronryp.
Bedriuwsfiering
Omdat Poiesz in sterk regionaal oriïntearre bedriuw is, hat it in breed assortimint fan Fryske produkten. Eartiids fierde Poiesz de slogan 'Hoog geprezen, laag geprijsd'. Letter waard it 'Waar het opvalt dat het meevalt'.
Filialen
Trivia
- De Poiesz filialen steane benammen yn de provinsje Fryslân. yn Grinslân en Drinte binne inkele fêstigingen, en fierder binne der twa yn Emmeloard (Flevolân) en ien yn Staphorst (Oerisel).
- Poiesz Supermerken is yn 2006 en 2007 útroppen ta bêste supermerkformule fan Nederland. De regionale supermerkketen liet dêrby grutte nasjonale ketens as Jumbo en Albert Heijn efter him.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |