Springe nei ynhâld

The Karate Kid Part III

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 sep 2021 om 00.24 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
The Karate Kid Part III
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John G. Avildsen
produsint Jerry Weintraub
senario Robert Mark Kamen
kamerarezjy Steve Yaconelli
muzyk Bill Conti
filmstudio Columbia Pictures
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Ralph Macchio
Pat Morita
byrollen Thomas Ian Griffith
Robyn Lively
Sean Kanan
Martin Kove
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 30 juny 1989
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 111 minuten
budget en resultaten
budget $12,5 miljoen
opbringst $38,9 miljoen
filmsearje
filmsearje The Karate Kid
● foarich diel The Karate Kid Part II
● folgjend diel The Next Karate Kid

The Karate Kid Part III is in Amerikaansk sportdrama oer karate út 1989 ûnder rezjy fan John G. Avildsen. De haadrollen waarden fertolke troch Ralph Macchio en Pat Morita. It is it trêde diel fan 'e Karate Kid-filmsearje en as sadanich it ferfolch op 'e súksesfolle film The Karate Kid Part II, út 1986. It ferhaal folget Daniel LaRusso en syn karatelearaar, menear Miyagi, as se it doelwyt wurde fan in wraakaksje fan harren fijân John Kreese en dy syn âlde striidmakker, de miljonêr Terry Silver. The Karate Kid Part III krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes omreden fan it op 'e nij oereidzjen fan eleminten dy't yn 'e foargeande beide films al oan 'e oarder kommen wiene. Yn 'e bioskopen wie The Karate Kid Part III mar in beheind kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat waard der in fjirde film yn deselde rige makke, The Next Karate Kid, dy't útkaam yn 1994.

The Karate Kid Part III is opdroegen oan James Crabe, dy't as kameraregisseur behelle wie yn 'e produksje fan sawol The Karate Kid (1984) as The Karate Kid Part II (1986). Dyselde kaam op 2 maaie 1989 mei 57 jier te ferstjerren oan AIDS.

Nei de oerwinning fan Daniel LaRusso yn it All-Valley Karate-toernoai fan 1984 (sjoch: The Karate Kid) falt John Kreese, de eigner fan 'e ferliezende Cobra Kai-dojo, op it parkearterrein syn eigen learlingen oan. Menear Miyagi, Daniel syn learaar, grypt yn, weeft sûnder swierrichheden mei him ôf en set him op fernederjende wize teplak (sjoch: The Karate Kid Part II). Neitiid litte Kreese syn learlingen, dy't no in priuwke fan syn wiere aard krigen hawwe, him yn 'e steek. In goed healjier letter moat Kreese syn dojo slute om't er gjin learlingen mear hat en it finansjeel net mear bolwurkje kin.

Hy nimt kontakt op mei syn maat Terry Silver, mei wa't er yn 'e Fjetnamoarloch yn deselde ienheid tsjinne hat, om him te fertellen dat er it gebou fan 'e dojo, dat eigendom is fan Silver, net mear nedich hat. Silver, in súkselsfol sakeman dy't miljonêr wurden is troch it dumpen fan radio-aktyf ôffal, wol dêr lykwols neat fan witte. Hy stjoert Kreese op fakânsje nei Tahity om te bekommen fan al syn soargen, en seit ta dat er in hiele keatling fan dojo's opsette sil foar Kreese. Ek ûnthjit Silver dat er Kreese helpe sil om wraak te nimmen op Daniel en Miyagi.

Wylst Kreese troch Silver by de Ynternasjonale Lofthaven fan Los Angeles ôfset wurdt en nei binnen giet, komme Daniel en menear Miyagi krekt út it gebou nei't se weromkeard binne út Okinawa (sjoch: The Karate Kid Part II). Se ûntdekke dat it appartemintekompleks dêr't Daniel mei syn mem Lucille wennet en dêr't Miyagi as konsjerzje wurket, folslein renovearre wurdt. Dat betsjut dat Daniel syn wente en Miyagi syn baan kwyt is. Mei't Miyagi al syn eigen jild bestege hat om op Okinawa in nij hûs sette te litten foar syn âlde flam Yukie, komt dat wol hiel min út. Underwilens is Lucille LaRusso weromkeard nei Nij-Jersey, dêr't de LaRusso's oarspronklik wei komme, om foar har sike omke Louie te soargjen. Daniel lûkt foarearst yn by Miyagi.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It is de bedoeling dat Daniel nei de universiteit giet en foar syn stúdzje betellet mei it jild dat er op Okinawa by in weddenskip wûn hat (sjoch: The Karate Kid Part II). Hy beslút it lykwols ynstee te brûken om Miyagi syn dream te finansieren om in winkel yn bonsaibeamkes te iepenjen. By wize fan tank makket Miyagi him ta folweardich partner yn 'e ûndernimming. Daniel besiket in pottebakkerij lyk foar harren nije winkel oer om blompotten te keapjen foar de beamkes. Dêr moetet er Jessica Andrews, in famke fan syn eigen jierren dat inkele moannen yn Los Angeles foar har muoike wurket foar't se weromgiet nei Columbus (Ohio). Daniel hat daliks in eachje op har en freget har mei út op in ôfspraakje, mar sy fertelt him dat se thús in feint hat, dat se prate ôf om inkeld freonen te wurden.

Underwilens hiert Silver in Mike Barnes yn, in jonge karateka dy't bekend stiet om syn ûnmeilydsumens. Dy moat Daniel útdaagje foar syn kampioenstitel yn 'e folgjende edysje fan it All-Valley Karate-toernoai. Daniel kriget fan 'e organisaasje fan dy kompetysje in brief wêryn't útlein wurdt dat de regels feroare binne: de regearjend kampioen is fan no ôf oan wis fan in plak yn 'e finale, dat hy hoecht fan 't jier mar oan ien wedstryd mei te dwaan. Miyagi hat lykwols tige tradisjonele tinkbylden oer karate en beskôget it net as sport, mar inkeld as in manear om jin te ferdigenjen. Hy ornearret dat der gjin reden foar Daniel is om oan it toernoai mei te dwaan, mei't er dêr neat fan wearde te ferdigenjen hat. Daniel is it dêr net mei iens, mar Miyagi wegeret him foar it toernoai te trainen, en úteinlik leit Daniel him dêr by del. De jûns dat er Miyagi dat fertelt, is krekt de jûns dat Silver yn 'e wente fan Miyagi ynbrutsen hat om ynformaasje oer syn tsjinstanners te sammeljen, en hy harket it petear ôf.

Neitiid stjoert Silver Mike en syn oare beide jonge trewanten Snake en Dennis efter Daniel oan om him lestich te fallen en him troch yntimidaasje op oare gedachten te bringen. Dat mislearret lykwols. Underwilens kringt Silver sels op tûke wize it libben fan Daniel en Miyagi binnen troch him foar te dwaan as de sympatike karatelearaar fan John Kreese, dy't oerkommen is út Súd-Koreä nei't Kreese ferstoarn is oan in hertoanfal. Hy ûntskuldiget him foar it hâlden en dragen fan syn eardere learling en seit dat er besykje wol it goed te meitsjen troch de Cobra Kai-dojo nij libben yn te blazen mei in bettere foarm fan karate as Kreese ûnderwiisde.

Jûns komme Mike-en-dy Daniel en Jessica oer it mad yn 'e bonsaiwinkel. Diskear bliuwt it net by yntimidaasje, mar rint de konfrontaasje út op mishanneling en fandalisme. As Miyagi op it toaniel ferskynt, makket dy gau regaad, en de trije jonges kieze it hazzepaad. By thúskomst, nei't se Jessica thúsbrocht hawwe, ûntdekke Daniel en Miyagi lykwols dat harren hiele foarrie bonsaibeamkes stellen is. Op it plak dêr't dy stiene, hinget no inkeld in oanmeldingsformulier foar it karatetoernoai. Daniel is alhiel breinroer, mar Miyagi bliuwt der kalm ûnder, wat by Daniel foar noch mear argewaasje soarget. Hy giet nei de plysje om oanjefte te dwaan.

De oare deis sette Daniel en Jessica, dy't ûnderfining mei abseilen hat, nei in klif by de kust fan 'e Stille Oseaan, dêr't Miyagi healwei de boaiem mear as fjirtich jier lyn, nei't er foar it earst yn Kalifornje oankommen wie, in kostbere wylde bonsai út Okinawa plante hat. Daniel hat it him yn 'e holle helle dat er it beamke útgrave moat om it te ferkeapjen, om't dat de iennichste manear is om oan jild te kommen dêr't harren stellen foarrie bonsaibeamkes mei ferfongen wurde kin. Mei help fan Jessica wit er it beamke te berikken, mar hy lit it kneppelje, sadat se hielendal nei de boaiem fan it klif delgean moatte om it op te heljen. Mike, Snake en Dennis binne harren temûk folge, en as Daniel en Jessica ûnderoan it klif steane, lûke dy de abseiltouwen yn. Daniel en Jessica kinne gjin kant út en de floed komt op, dat se hawwe net folle tiid. Under dy twang stimt Daniel der einlings mei yn om it oanmeldingsformulier foar it toernoai te ûndertekenjen. Neitiid litte Mike-en-dy harren omheech, mar as se ienris boppe-oan it klif binne, ûntfytmannet Snake Daniel it kostbere bonsaibeamke, dat wol mear as $10.000 wurdich is. Mike pakt it kwetsbere plantsje oer en brekt midstwa.

As Daniel neitiid yn alle steaten thúskomt mei it tegnjirde beamke, docht bliken dat Miyagi in nije foarrie bonsaibeamkes oanskaft hat mei it jild fan 'e ferkeap fan syn pick-uptruck. De âldman wikkelet it brutsen beamke yn tape en seit dat er it oerlibje sil as de woartels sterk binne. Daniel fertelt Miyagi dat er him ynskreaun hat foar it karatetoernoai, en Miyagi nimt dat nijs foar kennisjouwing oan, mar wegeret noch hieltyd om him te trainen. Neitiid beävensearret Silver lykwols in 'tafallige' moeting mei Daniel, wêrby't hy oanbiedt Daniel te trainen foar it toernoai. Yn 'e Cobra Kai-dojo bringt er Daniel in rige brute, gewelddiedige oanfalstechniken by. Hy lit de karateformen fan Miyagi ôfrinne en set Daniel ûnder druk om in houten oefenpop stikken te slaan en te skoppen, wêrby't de jonge ferskate ferwûnings oprint.

Miyagi, dy't net gek is, wit dat Daniel in oare karatelearaar fûn hat, en dat it hielendal mis driget te gean. Daniel syn frustraasje mei Miyagi syn duldsum ûndergean fan harren tsjinrampen is lykwols sa grut dat it him fan Miyagi ferfrjemdet. As Daniel en Jessica op in jûn in nachtklub besykje om te dûnsjen, wurdt troch Silver, dy't harren folge is, in willekeurige keardel omkocht om slaanderij mei Daniel út te lokjen. Daniel ferliest syn selsbehearsking en brûkt in karatetechnyk om 'e noas fan 'e man te brekken. As er dêrtoch ûnder oarmans bloed komt te sitten, kriget er einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat er hielendal paadbjuster rekke is. Neitiid ûntskuldiget er him foar Jessica oer en besiket er it goed te meitsjen mei Miyagi. Hy fertelt wa't syn nije karatelearaar is en set noch dyselde jûns ôf nei de Cobra Kai-dojo om 'e bannen mei Silver te ferbrekken.

Silver, dy't beseft dat syn spultsje út is, makket dan ta ôfgriis fan Daniel bekend wa't er wier is. Ek blykt er net allinne te wêzen, mar beselskippe te wurden fan Mike Barnes en de fan fakânsje weromkearde John Kreese. De mannen wegerje Daniel gean te litten, en as er úteinlik dochs ûntsnapt, stjoert Silver Mike efter him oan om him werom te heljen. It docht lykwols bliken dat Miyagi, dy't it spul net rjocht stie, Daniel folge is. Ynstee fan Daniel komt hysels de dojo yn, dêr't er Mike en Kreese sûnder muoite bûten gejocht stelt en dan Silver in leske leart. As dyselde oerwûn is, driget er lykwols in hiele keatling fan Cobra Kai-dojo's op te setten dêr't syn ûnmeilydsume, oanfallende foarm fan karate ûnderwiisd wurde sil, sadat dat de dominante foarm fan 'e sport yn 'e Feriene Steaten wurde sil. Neitiid jout Miyagi einlings belies en seit er ta dat er Daniel traine sil foar it toernoai, om't der no wat is dat it ferdigenjen wurdich is: karate sels.

It wylde bonsaibeamke is ûnderwilens wer oaninoar groeid, en de oare deis sette Miyagi en Daniel it wer werom op syn âlde plak op it klif. Dêrnei begjinne se oan 'e training fan 'e tradisjonele, ferdigenjende foarm fan karate fan Miyagi. Op it toernoai berikt Mike mei gemak de finale, wêryn't er tsjin Daniel útkomt. Silver en Kreese oarderje him om Daniel safolle mooglik pine lije te litten, troch de hiele omgong lang de skoare op 0-0 te hâlden. Dat docht Mike troch hieltyd in punt te skoaren mei in korrekte karatetechnyk en dan in ûnreglemintêre skop of slach út te dielen, dêr't er dat punt wer troch kwytrekket. As der nei de fêststelde tiid fan 'e omgong gjin winner is, giet de partij oer yn sudden death, wêrby't it earstfolgjende punt de oerwinner bepaalt. Foar't de fêststelde tiid om is, komt Mike Daniel al sa op 't sear dat dy bang fan him wurdt.

As de tiid om is, wol Daniel de striid opjaan, mar Miyagi praat op him yn en seit tsjin him dat syn bêste karate krekt as moed noch yn him sit. As de sudden death-omgong begjint, set Daniel útein mei de tradisjonele karate-oefening fan Miyagi, wat Mike yn betizing efterlit. As dyselde úteinlik nei foarren stoarmet om it oerwinnende punt te beheljen, hellet Daniel him ûnder fuotten en dielt ien inkele klap út wêrmei't er it toernoai wint en syn kampioenstitel prolongearret. It publyk begjint dêrnei de útdielde T-shirts fan 'e Cobra Kai-dojo werom te smiten nei Silver, dy't nidich as in spin fuortskonket, wylst Daniel Miyagi yn 'e earms falt.

Ralph Macchio (2018).
Pat Morita (2002).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Daniel LaRusso Ralph Macchio
menear Miyagi Noriyuki "Pat" Morita


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Terry Silver Thomas Ian Griffith
Jessica Andrews Robyn Lively
Mike Barnes Sean Kanan
John Kreese Martin Kove
Snake Jonathan Avildsen
Dennis Christopher Paul Ford
Lucille LaRusso Randee Heller
skiedsrjochter Pat E. Johnson
kommentator Rick Hurst
frou Milo Frances Bay
omke Louie Joseph V. Perry
Miloš Jan Třiska
himsels Glenn Medeiros
Rudy Gabriel Jarret

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Karate Kid Part III waard regissearre troch John G. Avildsen nei in senario fan Robert Mark Kamen. Avildsen sei letter dat er fan 'e trêde Karate Kid-film earst eins in prequel fan 'e besteande beide films meitsje wollen hie. Ek doe't al lang en breed besletten wie om dat net te dwaan, moast it senario, sa't Kamen dat oarspronklik skreaun hie, noch flink oanpast wurde. It personaazje fan John Kreese hie eins in folle wichtiger rol spylje sillen, mar dat koe net trochgean om't akteur Martin Kove tagelyk de film Hard Time on Planet Earth opnaam, sadat er mar in bytsje tiid oer hie foar The Karate Kid Part III. Sadwaande waard doe it personaazje fan Terry Silver yn 'e film skreaun.

In oar punt dat swierrichheden opsmiet, wie it feit dat Ralph Macchio ûnderwilens 27 jier wie (hoewol't er noch altyd de achttjinjierrige Daniel LaRusso spile), wylst Robyn Lively, dy't cast waard yn 'e rol fan Jessica Andrews, echt noch mar 17 jier wie. Dat leeftydsferskil waard as sa problematysk beskôge, dat de romantyske relaasje tusken harren personaazjes út it senario skreaun waard en ferfongen waard troch inkeld freonskip.

As produsint wie Jerry Weintraub by it projekt belutsen foar de filmstudio Columbia Pictures. Foar The Karate Kid Part III wie in budget beskikber fan $12,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Steve Yaconelli, dy't dy put oernaam fan 'e sike James Crabe, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Bill Conti, mei wa't Avildsen yn it ferline al gauris gearwurke hie, û.m. oan 'e Rocky-films. De opnamen fûnen plak yn Los Angeles en omkriten.

De distribúsje fan The Karate Kid Part III waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film iepene op 30 juny 1989 yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Fan 'e filmkritisy krige The Karate Kid Part III oer it algemien negative resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, dy't lof hie foar de earste beide Karate Kid-films, mocht net oer dizze trêde edysje. Syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune rikkemandearre dizze nije film likemin oan, hoewol't er dêrby oantekene dat it aktearjen fan Thomas Ian Griffith as de wichtichste antagonist hast genôch wie om 'e film te rêden. Yn 2008, by it útkommen fan in nije dvd-ferzje fan 'e film, skreau Scott Weinberg fan 'e webside JoBlo dat The Karate Kid Part III it diel fan 'e searje wie "dêr't de tsjillen los reitsje".

In protte resinsinten hekelen it nochris oereidzjen fan eleminten dy't yn 'e foargeande beide films al rom oan 'e oarder kommen wiene, lykas de tarieding op en dielname oan in karatetoernoai en in romantyske sydferhaalline dy't yn 'e nije film ek nochris op neat útrûn. Ek it brekme oan karakterûntwikkeling by haadpersoan Daniel LaRusso loek krityk. Sa skreau Caryn James fan The New York Times: "Hy is likernôch in jier âlder yn filmtiid, mar is gjin dei ferstanniger wurden." Yn 2015 joech regisseur John G. Avildsen sels ta dat The Karate Kid Part III "in earmoedige imitaasje fan 'e earste [film]" en "in freeslike film" wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Karate Kid Part III in leech goedkarringspersintaazje fan 15%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ynspiraasje is op 'e bon yn dizze trêde Karate Kid-film, dy't yn grutte halen de plot fan syn foargongers recyclet, mar dêr in ferrassend soad geweld oan tafoeget en teffens aktearprestaasjes dy't jin derta bringe soene om it dekôr op te fretten." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Karate Kid Part III in goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 12 resinsjes.

The Karate Kid Part III brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $38,9 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $12,5 miljoen, betsjut dat in winst fan $26,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Karate Kid Part III in beheind kommersjeel súkses.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Karate Kid (filmsearje)
The Karate Kid (1984) • The Karate Kid Part II (1986) • The Karate Kid Part III (1989) • The Next Karate Kid (1994) • The Karate Kid (2010)