Springe nei ynhâld

Bonsai

Ut Wikipedy
In bonsai
Bonsai

Bonsai (盆栽) is in Japansk wurd dat letterlik 'beam yn pot' betsjut. It wurd hat betrekking op in troch manipulaasje lyts hâlden plant dy't lykwols de yllúzje jout in grut en âld eksimlaar te wêzen. Dit wurdt yn de praktyk berikt troch tûkesnoei, woartelsnoei, kweken yn lytse potten en troch stâlen en stammen mei help fan aluminium- of útgloeid kopertried yn de winske foarm groeie te litten. Sa kin in beam, dy't ûnder natuerlike omstannichheden útgroeit ta in inkele meters of tsientallen meters heech eksimplaar, in sierlike plant wurde op keamerplantformaat.

Nije ûntwikkelingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist de klassike, Japanske bonsaifoarmen mei de spesifike, estetyske regels, dogge nije termen lykas potensai, mallsai en snobsai de ronde. Potensai wurdt faak brûkt om in bonsai yn wurding mei oan te tsjutten. Mallsai is in massabonsai dy't mei net te folle tawijing en estetyske kritearia tige goedkeap oanbean wurdt yn supermerken of túnsintra. Snobsai is in oantsjutting foar in djoere bonsai dy't troch rike minsken sûnder greveltsje kennis fan bonsai kocht wurdt en as klearebare dekoraasje en/of statussymboal brûkt wurdt.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bonsai fan Wikimedia Commons.