Ursula K. Le Guin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ursula K. Le Guin yn july 2004.

Ursula K. Le Guin (folút: Ursula Kroeber Le Guin, útspr. ['œɹsələ 'kɹoʊbəɹ lə ɡwɪn]; Berkeley (Kalifornje), 21 oktober 1929), is in Amerikaansk skriuwster, dichteresse, essayiste en oersetster, dy't in grut oeuvre oan fantasy- en science fiction-literatuer, mar ek berneboeken, gedichten en essay's op har namme stean hat. Hja is ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske auteurs fan har sjenre, en hat troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn, wêrûnder ferskate Hugo Awards, Nebula Awards en World Fantasy Awards en mar leafst 21 Locus Awards. Ek hat se in National Book Award wûn en hat se twaris nominearre west foar in Pulitzer Prize. Le Guin har boeken binne oerset yn in grut tal ferskillende talen, wêrûnder it Nederlânsk.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | edit source]

Ursula Le Guin waard yn 1929 berne as Ursula Kroeber, yn Berkeley, yn 'e steat Kalifornje, ûnder de reek fan San Fransisko. Har heit wie de foaroansteande wittenskipper Alfred L. Kroeber, ien fan 'e grûnlizzers fan 'e antropology, dy't oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley perfester wie. Har mem wie Theodora Kracaw Kroeber, dy't sels ek namme makke as antropologe. Le Guin is oan har heite kant fan etnysk Dútsk komôf. Hja groeide op yn in gesin mei twa âldere styfbruorren út har memme earste houlik, Clifton en Ted, en in folle broer, Karl, dy't letter in foaroansteand literatuerkritikus en heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde wurde soe. Alle fjouwer bern waarden al ier oanfitere om te lêzen, en dat makke by Le Guin in libbenslange ynteresse yn literatuer wekker, dy't har al op har njoggende oansette ta it skriuwen fan in eigen science fiction-ferhaal.

Oplieding en gesin[bewurkje seksje | edit source]

Le Guin gie nei de middelbere skoalle yn Berkeley en behelle yn 1951 in bachelorstitel yn Frânske en Italjaanske Renêssânseliteratuer oan it Radcliffe Kolleezje te Cambridge, yn Massachusetts. Yn 1952 folle se dat oan mei in masterstitel yn Frânske en Italjaanske literatuer oan 'e Columbia Universiteit yn New York. Se wûn in beurs om yn 1953-1954 in jier yn Frankryk te studearjen. It wie har bedoeling om ûndersyk te dwaan foar in dissertaasje oer de dichter Jean Lemaire de Belges, mar nei't se ûnderweis nei Frankryk yn 'e kunde kommen wie mei de histoarikus Charles Le Guin, mei wa't se in relaasje krige, besleat se om har stúdzje ôf te brekken.

It pear troude letter dat jiers yn Parys, mar kearde yn 1954 werom nei de Feriene Steaten, dêr't Charles Le Guin yn 1954-1955 foar syn doktoraat studearre oan 'e Emory Universiteit, yn Atlanta, en fanôf 1956 oan 'e Universiteit fan Idaho, yn Moscow. Yn dy jierren wurke frou Le Guin as siktaresse en wie se dosinte Frânsk oan 'e universiteit. De earste beide bern fan 'e Le Guins, Elizabeth (1957) en Caroline (1959), waarden yn Moscow berne. Letter yn 1959 ferfear it gesin nei Portland, yn Oregon, dêr't se nea wer weigien binne. Charles Le Guin fûn der wurk oan 'e Portland State University. Yn 1964 waard it gesin kompleet mei de berte fan in trêde bern, Theodore.

Skriuwkarriêre[bewurkje seksje | edit source]

Tusken 1951 en 1961 skreau Le Guin fiif romans, dy't allegear troch útjouwers ôfwiisd waarden om't se harren ûntagonklik talieken. Se skreau ek gedichten, dy't úteinlings yn 1975 yn 'e bondel Wild Angels publisearre wurde soene. Har ierste skriuwwurk, dat se letter foar in part omwurke ta de Orsinian Tales en Malafrena, wiene mainstream-ferhalen oer betochte lannen yn ús wrâld, dêr't gjin fantasy oan te pas kaam. Mei't Le Guin socht nei in manear om útdrukking te jaan oan wat har yn 'e besnijing hold, kearde se úteinlik werom nei science fiction. Fanôf 1960 waarden har ferhalen geregeldwei publisearre yn ferskate tydskriften, lykas Asimov's Science Fiction en Fantastic. Tsjin 'e ein fan 'e jierren sechtich waarden einlings en te'n lêsten har earste boeken útjûn, en yn 1970 briek Le Guin troch mei The Left Hand of Darkness, dat yn itselde jier sawol de Hugo Award as de Nebula Award foar bêste roman wûn. Yn 1975 werhelle se dat keunstke nochris mei The Dispossed.

Sawol The Left Hand of Darkness as The Disposessed hearre ta de saneamde Hainish Cycle, in rige fan yn prinsipe op harsels steande science fiction-romans en -ferhalen dy't spylje yn in takomst wêryn't ûntdutsen wurdt dat de Ierde, Terra, mar ien fan withoefolle planeten is dy't foarhinne diel útmakke fan in beskaving fan galaktyske skaal. Dy beskaving is lykwols yn it ûnleech rekke en de minsken op 'e ûnderskate planeten binne fergetten dat hja sibben yn oare stjerrestelsels hawwe. De boeken fan 'e Hainish Cycle draaie om it krewearjen fan 'e minsken om sa'n galaktyske beskaving wer op 'e nij op te bouwen en de swierrichheden dy't men dêrby ûnderfynt, benammen as bliken docht dat op guon planeten de befolking him oerjûn hat oan ûnbeheinde genetyske manipulaasje.

Le Guin lêst foar út har roman Lavinia, yn 'e boekhannel Rakestraw Books, yn Danville (Kalifornje), op 23 juny 2008.

Le Guin har meast ferneamde wurk is lykwols de fantasyrige Earthsea, dy't spilet op in wrâld dy't foar it grutste part út oseaan bestiet, mei ien grutte groep eilannen. De searje set útein mei A Wizard of Earthsea (1968), wêryn't de jonge Ged folge wurdt wylst er him ûntjout ta in machtich tsjoender. Hiel yn 'e fierte hat (in diel) fan dat ferhaal wol wat fan 'e Harry Potter-boeken fan J.K. Rowling, dy't har mooglik troch A Wizard of Earthsea ynspirearje litten hat. It is in ferliking dy't wol faker makke wurdt, mar de Britske krante The Guardian skreau dêroer: "Rowling kin type, mar Le Guin kin skriuwe."

It wichtichste motyf yn 'e Earthsea-rige is lykwols de striid tusken goed en kwea, dy't ek yn 'e folgjende boeken wjerklank fynt. Le Guin ferwevet dy beide konsepten lykwols sa mei-inoar dat se net mear ûnttize wurde kinne. Doe't yn 2006 de Japanske tekenfilm Tales from Earthsea (ゲド戦記, Gedo Senki) fan regisseur Gorō Miyazaki útkaam, dy't basearre wie op 'e boeken The Farthest Shore en Tehanu, makke Le Guin har dan ek flink lulk oer de ferskowing fan 'e moraal fan it ferhaal en it folle gruttere omtinken dat jûn waard oan fysyk geweld. "It kwea is hjir noflik út 'e minsken weihelle en yn in smjunt pleatst," sa skreau se, "dy't maklikernôch om hals brocht wurde kin, sadat alle swierrichheden oplost wurde. Yn moderne literêre fantasy en politike fantasij is it fermoardzjen fan minsken de gewoanlike oplossing foar de sabeare oarloch tusken goed en kwea. Myn boeken binne net yn 'e foarm getten fan sa'n oarloch, en biede gjin simpele antwurden op simplistyske fragen."

Le Guin wurdt tsjintwurdich sjoen as ien fan 'e wichtichste Amerikaanske fantasy- en science fiction-auteurs. Hja hat troch de jierren hinne tsientallen prizen wûn, wêrûnder 5 prestizjeuze Hugo Awards (de wichtichste priis foar Ingelsktalige fantasy en science fiction), 6 Nebula Awards en 2 World Fantasy Awards. Ek hat se mar leafst 21 Locus Awards wûn, wat mear is as lykfol hokker oare skriuwer ek (mar minder as de redakteur fan tydskriften en ferhalebondels Gardner Dozois en de omslachkeunstner Michael Whelan). Fierders hat Le Guin yn 1973 de National Book Award krigen foar The Farthest Shore, en hat se twaris nominearre west foar in Pulitzer Prize foar koarte fiksje, ien kear yn 1992, foar de ferhalebondel Searoad, en ien kear yn 1997, foar de bondel Unlocking the Air and Other Stories. Teffens hat Le Guin earedoktoraten takend krigen fan teminsten njoggen universiteiten. Dêrnjonken hat se 11 nominaasjes foar in Mythopoeic Award yn 'e wacht sleept, mar dy priis nea wûn.

Op it mêd fan oeuvreprizen waard Le Guin yn 1979 de Gandalf Award foar "grutmasterskip yn fantasy" takend. Yn 1989 krige se de Pilgrim Award fan 'e Science Fiction Research Association foar har science fiction-oeuvre, en ien fan har beide World Fantasy Awards wie de oeuvrepriis foar "bûtengewoane ynset foar it sjenre fan 'e fantasy", dy't se yn 1995 wûn. Yn 2000 beneamde de Library of Congress Le Guin ta in Living Legend ("libbene leginde") yn 'e kategory "skriuwers en keunstners", foar har wichtige bedragen oan it Amerikaanske kultureel erfskip. Har oeuvre fan koarte fiksje waard yn 2002 bekroand mei in PEN/Malamud Award. Yn 2004 krige hja twa prizen takend troch de American Library Association foar har "duorjende bydragen" oan jongereinliteratuer (de Margaret A. Edwards Award) en oan berneliteratuer (de May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award). De sjuery sei dat Le Guin "fjouwer generaasjes fan jongerein ynspirearre hat om prachtich opboude taal te lêzen, om fantasijwrâlden te besykjen dy't har dingen fertelle oer har eigen libben, en om oer ideeën nei te prakkesearjen dy't noch ûnbelangryk noch ienfâldich binne." Yn 2009 krige Le Guin fierders fan 'e ateïstyske Freedom from Religion Foundation de Emperor Has No Clothes Award tawiisd as erkenning foar har iepenheid oer de tekoartkommings fan it fenomeen godstsjinst.

Yn desimber 2009 sei Le Guin yn in berucht ynsidint har lidmaatskip fan it Amerikaanske Auteursgilde op út protest tsjin 'e stipe fan dy organisaasje foar it boekedigitalisearringsprojekt fan Google. "Jimme hawwe besletten om te hantsjebakken mei de duvel," skreau Le Guin yn in iepen brief oan it bestjoer. "It giet hjir om prinsipes, yn it foarste plak it hiele begryp copyright; en jimme hawwe besletten om dy oerboard te setten om it op in akkoartsje te goaien mei in grutte korporaasje, op hàrren betingsten, sûnder lykfol hokker foarm fan ferset."

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Earthsea-rige[bewurkje seksje | edit source]

romans
  • 1968 – A Wizard of Earthsea
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Machten van Aardzee (fert. Frits Oomes, 1974)
  • 1971 – The Tombs of Atuan
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Tomben van Atuan (fert. Frits Oomes, 1974)
  • 1973 – The Farthest Shore
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Koning van Aardzee (fert. Frits Oomes, 1974)
  • 1990 – Tehanu
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Tehanu (fert. Rifke Porcelijn, 1991)
  • 1998 – Dragonfly (koart ferhaal út 'e bondels Legends en Tales from Earthsea dat in wichtige brêgefunksje ferfollet tusken de romans Tehanu en The Other Wind)
  • 2001 – The Other Wind
koarte fiksje
  • 1964 – The Word of Unbinding (yn it tydskrift Fantastic; yn 1975 werpublisearre yn 'e ferhalebondel The Wind's Twelve Quarters)
  • 1975 – The Rule of Names (yn 'e ferhalebondel The Wind's Twelve Quarters)
  • 1998 – Dragonfly (yn Legends, in bondel mei wurk fan ferskate auteurs, ûnder red. fan Robert Silverberg; yn 2001 werpublisearre as ûnderdiel fan Tales from Earthsea)
  • 2001 – Tales from Earthsea (ferhalebondel)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Ferhalen van Aardzee (fert. Annemarie van Ewijck, 2001)
non-fiksje
  • 1993 – Earthsea Revisioned (publisearre lêzing oer it ferbân tusken it iere en it lettere wurk út 'e Earthsee-rige, yn: Mike Cadden, Ursula K. Le Guin Beyond Genre: Fiction for Children and Adults, 2005)

Hainish Cycle[bewurkje seksje | edit source]

romans en novelles
  • 1966 – Rocannon's World
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Rocannon (fert. H. Swildens, 1974)
  • 1966 – Planet of Exile
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Ballingsplaneet (fert. Tonny Vos-Dahmen von Buchholz, 1973)
  • 1967 – City of Illusions
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Shing-begoocheling (fert. A.B.H. van Bommel-Van Terwisga, 1972)
  • 1969 – The Left Hand of Darkness
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Duisters Linkerhand (fert. M.K. Stuyter, pseudonym fan Mieke Groot, 1971; fanôf de 5de druk, yn 1988, útjûn as De Linkerhand van het Duister)
  • 1972 – The Word for World Is Forest (novelle)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Het Woord voor Wereld Is Woud (fert. Jean Arnoldus Schalekamp, 1975)
  • 1974 – The Disposessed
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Ontheemde (fert. Annemarie van Ewijck, 1975)
  • 2000 – The Telling
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Vertelling (fert. Annemarie van Ewijck, 2000)
omnibusedysjes
  • 1996 – Worlds of Exile and Illusion (omnibusedysje dy't Rocannon's World, Planet of Exil en City of Illusions omfettet)
koarte fiksje
  • 1964 – Dowry of the Angyar (as prolooch yn Rocannon's World; ûnder de titel Semley's Necklace yn 'e bondel The Wind's Twelve Quarters)
  • 1969 – Winter's King (yn 'e bondel The Wind's Twelve Quarters)
  • 1971 – Vaster Than Empires and More Slow (yn 'e bondel The Wind's Twelve Quarters)
  • 1974 – The Day Before the Revolution (yn 'e bondel The Wind's Twelve Quarters)
  • 1990 – The Shobies' Story (yn 'e bondel A Fisherman of the Inland Sea)
  • 1993 – Dancing to Ganam (yn 'e bondel A Fisherman of the Inland Sea)
  • 1994 – Another Story, or: A Fisherman of the Inland Sea (yn 'e bondel A Fisherman of the Inland Sea)
  • 1994 – The Matter of Seggri (yn 'e bondel The Birthday of the World)
  • 1994 – Unchosen Love (yn 'e bondel The Birthday of the World)
  • 1994 – Solitude (yn 'e bondel The Birthday of the World)
  • 1995 – Coming of Age in Karhide (yn 'e bondel The Birthday of the World)
  • 1995 – Four Ways to Forgiveness (syklus fan fjouwer koarte ferhalen)
  • 1996 – Mountain Ways (yn 'e bondel The Birthday of the World)
  • 1999 – Old Music and the Slave Women (yn 'e bondel The Birthday of the World)

Poëzij en koarte ferhalen fan Orsinia[bewurkje seksje | edit source]

  • 1959 – Folksong from the Montayna Province (yn Prairie Poet)
  • 1976 – Orsinian Tales (ferhalebondel)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Orsiniaanse Vertellingen (fert. Bea Nuis, 1980)
  • 1976 – The Diary of the Rose (yn 'e bondel The Compass Rose)
  • 1979 – Malafrena
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Malafrena (fert. A.B.H. van Bommel-Van Terwisga, 1980)
  • 1979 – Two Delays on the Northern Line (yn 'e bondel The Compass Rose)
  • 1996 – Unlocking the Air (yn 'e bondel Unlocking the Air and Other Stories)

Op harsels steande romans en sykly fan koarte ferhalen[bewurkje seksje | edit source]

  • 1971 – The Lathe of Heaven
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Meesterdromer (fert. Gerard Suurmeijer, 1974)
  • 1978 – The Eye of the Heron (yn 'e bondel Millennial Women)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Het Oog van de Reiger (fert. Annemarie van Ewijck, 1983)
  • 1980 – The Beginning Place (yn 1986 werpublisearre ûnder de titel Threshold)
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Aan Gene Zijde (fert. Heleen Kost, 1981)
  • 1985 – Always Coming Home
  • 2008 – Lavinia

Ferhalebondels[bewurkje seksje | edit source]

  • 1975 – The Wind's Twelve Quarters
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Twaalf Windstreken (fert. Jean Arnoldus Schalekamp, 1976)
  • 1982 – The Compass Rose
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Windroos (fert. Gerard Suurmeijer, 1985)
  • 1987 – Buffalo Gals, and Other Animal Presences
  • 1991 – Searoad
  • 1994 – A Fisherman of the Inland Sea
  • 1996 – Unlocking the Air and Other Stories
  • 2002 – The Birthday of the World
  • 2003 – Changing Planes
  • 2011 – The Wild Girls
  • 2012 – The Unreal and the Real: Selected Stories
    • 2012 – Volume 1: Where on Earth
    • 2012 – Volume 2: Outer Space, Inner Lands

Berne- en jongereinliteratuer[bewurkje seksje | edit source]

Catwings-kolleksje
  • 1988 – Catwings
  • 1989 – Catwings Return
  • 1994 – Wonderful Alexander and the Catwings
  • 1999 – Jane on her Own
Annals of the Western Shore
  • 2004 – Gifts
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: De Wilde Gave (fert. Peter Cuijpers, 2009)
  • 2006 – Voices
  • 2007 – Powers
oare berne- en jongereinliteratuer
  • 1976 – Very Far Away from Anywhere Else
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Zo Wil Ik Dat Je Bent (fert. Hellen Clique-Vos, 1977)
  • 1979 – Leese Webster
    • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Liesbeths Wonder-web (fert. Hans P. Keizer, 1984)
  • 1983 – The Adventure of Cobbler's Rune
  • 1984 – Solomon Leviathan's Nine Hundred and Thirty-First Trip Around the World
  • 1988 – A Visit from Dr. Katz
  • 1989 – Fire and Stone
  • 1992 – Fish Soup
  • 1992 – A Ride on the Red Mare's Back
  • 2002 – Tom Mouse
  • 2009 – Cat Dreams

Poëzij[bewurkje seksje | edit source]

  • 1974 – Wild Angels
  • 1981 – Hard Words
  • 1988 – Wild Oats and Fireweed
  • 1993 – Blue Moon over Thurman Street (mei Roger Dorband)
  • 1994 – Going Out with Peacocks
  • 1996 – The Twins, the Dream (mei Diana Bellessi)
  • 1999 – Sixty Odd
  • 2006 – Incredible Good Fortune
  • 2010 – Out Here: Poems and Images from Steens Mountain Country (mei Roger Dorband)

Non-fiksje[bewurkje seksje | edit source]

  • 1973 – From Elfland to Poughkeepsie
  • 1979 – The Language of the Night
  • 1989 – Dancing at the Edge of the World
  • 1998 – Steering the Craft: Exercises and Discussions on Story Writing for the Lone Mariner and the Mutinous Crew
  • 2004 – The Wave in the Mind
  • 2009 – Cheek by Jowl (essay's)

Oersettings[bewurkje seksje | edit source]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1968 Boston Globe-Horn Book Award wûn bêste boek út 'e kategory "fiksje en poëzij" A Wizard of Earthsea
1969 Hugo Award wûn bêste roman The Left Hand of Darkness
Nebula Award wûn bêste roman The Left Hand of Darkness
1972 Locus Award wûn bêste roman The Lathe of Heaven
Mythopoeic Award nominearre bêste fantasy The Tombs of Atuan
National Book Award wûn bêste berne- of jongereinboek The Farthest Shore
Newbery Medal wûn sulverne medalje The Tombs of Atuan
1973 Hugo Award wûn bêste novelle The Word for World Is Forest
Mythopoeic Award nominearre bêste fantasy The Farthest Shore
1974 Hugo Award wûn bêste koarte ferhaal The Ones Who Walk Away from Omelas
1975 Hugo Award wûn bêste roman The Disposessed
Jupiter Award wûn bêste koarte ferhaal The Day Before the Revolution
Locus Award wûn bêste roman The Disposessed
wûn bêste koarte ferhaal The Day Before the Revolution
Nebula Award wûn bêste koarte ferhaal The Day Before the Revolution
wûn bêste roman The Disposessed
1976 Locus Award wûn bêste koarte novelle The New Atlantis
wûn bêste ferhalebondel The Wind's Twelve Quarters
1977 Jupiter Award wûn bêste koarte ferhaal The Diary of the Rose
1979 Gandalf Award wûn grutmasterskip yn fantasy oeuvre
Lewis Carroll Shelf Award wûn n.f.t. A Wizard of Earthsea
1980 Hugo Award nominearre bêste non-fiksje The Language of the Night
1981 Mythopoeic Award nominearre bêste fantasy The Beginning Place
1983 Locus Award wûn bêste koarte ferhaal Sur
wûn bêste ferhalebondel The Compass Rose
1985 National Book Award nominearre bêste roman Always Coming Homes
1986 Janet Heidinger Kafka Prize for Fiction wûn bêste roman Always Coming Home
Mythopoeic Award nominearre bêste fantasy Always Coming Home
1987 Prix Lecture-Jeunesse (Frânsk) wûn n.f.t. Very Far Away from Anywhere Else
(yn 'e Frânske oersetting fan Laroche)
1988 Hugo Award wûn bêste ferhalebondel Buffalo Gals, and Other Animal Presences
International Fantasy Award wûn bêste ferhalebondel Buffalo Gals, and Other Animal Presences
Theodore Sturgeon Memorial Award nominearre n.f.t. Buffalo Gals, Won't You Come Out Tonight?
1989 Pilgrim Award wûn oeuvrepriis science fiction-oeuvre
1990 Hugo Award nominearre bêste non-fiksje Dancing at the Edge of the World
Nebula Award wûn bêste roman Tehanu
1991 Harold D. Vursell Memorial Award wûn n.f.t. oeuvre
Locus Award wûn bêste fantasyroman Tehanu
Mythopoeic Award nominearre bêste fantasy Tehanu
Pushcart Prize wûn bêste koarte ferhaal Bill Weisler
1992 Oregon Book Award wûn H.L. Davis Award for Short Fiction Searoad
Pulitzer Prize for Fiction nominearre bêste koarte fiksje Searoad
1993 Mythopoeic Award nominearre bêste bernefantasy Fish Soup
1994 James Tiptree, Jr. Award wûn n.f.t. The Matter of Seggri
1995 Asimov's Readers' Award wûn bêste novelle Forgiveness Day
Hubbub Annual Poetry Award wûn n.f.t. Semen
Locus Award wûn bêste novelle Forgiveness Day
Nebula Award wûn bêste koarte ferhaal Solitude
Theodore Sturgeon Memorial Award nominearre n.f.t. Another Story, or: A Fisherman of the Inland Sea
wûn n.f.t. Forgiveness Day
World Fantasy Award wûn World Fantasy Award for Life Achievement (oeuvrepriis) oeuvre
1996 James Tiptree, Jr. Award wûn James Tiptree, Jr. Retrospective Award The Left Hand of Darkness
Locus Award wûn bêste ferhalebondel Four Ways to Forgiveness
1997 Locus Award wûn bêste koarte novelle Mountain Ways
James Tiptree, Jr. Award wûn n.f.t. Mountain Ways
Pulitzer Prize for Fiction nominearre bêste koarte fiksje Unlocking the Air and Other Stories
1998 Bumbershoot Golden Umbrella Award
(fan it Bumbershoot Arts Festival fan Seattle)
wûn n.f.t. oeuvre
2000 Library of Congress beneamd Living Legend ("libbene leginde") bydrage oan it Amerikaanske kultureel erfskip
Los Angeles Times Book Prize wûn Robert Kirsch Award oeuvre
2001 Endeavour Award wûn n.f.t. The Telling
Locus Award wûn bêste science fiction-roman The Telling
wûn bêste koarte novelle The Birthday of the World
Pacific Northwest Booksellers Association wûn Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) oeuvre
Science Fiction and Fantasy Hall of Fame ynhuldige Science Fiction and Fantasy Hall of Fame n.f.t.
Theodore Sturgeon Memorial Award nominearre n.f.t. The Birthday of the World
2002 Locus Award wûn bêste novelle The Finder
wûn bêste koarte ferhaal The Bones of the Earth
wûn bêste ferhalebondel Tales from Earthsea
Mythopoeic Award nominearre bêste folwoekseneliteratuer The Other Wind
PEN/Malamud Award for Short Fiction wûn n.f.t. oeuvre fan koarte fiksje
Willamette Writers Association wûn Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis)
World Fantasy Award wûn bêste roman The Other Wind
2003 Asimov's Readers' Award wûn bêste ferhalebondel The Wild Girls
Endeavour Award wûn n.f.t. Tales from Earthsea
Locus Award wûn bêste koarte novelle The Wild Girls
Science Fiction Writers of America wûn beneaming ta "grutmaster" n.f.t.
Theodore Sturgeon Memorial Award nominearre n.f.t. The Seasons of the Ansarac
nominearre n.f.t. The Wild Girls
2004 Locus Award wûn bêste ferhalebondel Changing Planes
Margaret A. Edwards Award wûn n.f.t. A Wizard of Earthsea,
The Tombs of Atuan,
The Farthest Shore,
Tehanu,
The Left Hand of Darkness,
The Beginning Place
May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award wûn oeuvrepriis oeuvre oan berneliteratuer
Mythopoeic Award nominearre bêste folwoekseneliteratuer Changing Planes
2005 Locus Award wûn bêste non-fiksje The Wave in the Mind
2006 Maxine Cushing Gray Fellowship for Writers
(fan it Washington Center for the Book)
wûn treflik oeuvre oeuvre
2008 Nebula Award wûn bêste roman Powers
2009 Emperor Has No Clothes Award wûn n.f.t. iepenheid oer tekoartkommings fan godstsjinst
Locus Award wûn bêste fantasyroman Lavinia
Mythopoeic Award nominearre bêste folwoekseneliteratuer Lavinia
2010 Locus Award wûn bêste non-fiksje Cheek by Jowl
2011 Mythopoeic Award nominearre bêste stúdzje fan myten en fantasy Cheek by Jowl
2012 Mythopoeic Award nominearre bêste stúdzje fan myten en fantasy Cheek by Jowl
UC Riverside's Eaton Lifetime Achievement Award
(fan 'e Universiteit fan Kalifornje)
wûn n.f.t. oeuvre

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Citations en Further reading, op dizze side.