Rhysling Award

Ut Wikipedy
Rhysling Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar SF-, fantasy- en horror-poëzij
útrikt troch SFPA
frekwinsje 1x jiers
datum july
plak Boston (Massachusetts)
ynsteld 1978
1e útrikking 1978
offisjele webside
www.sfpoetry.com

De Rhysling Awards binne in pear Amerikaanske literatuerprizen dy't op jierlikse basis útrikt wurdt foar de bêste poëzij fan 'e sjenres science fiction-, fantasy- of horror. Der binne twa kategoryen: ien foar it bêste lange gedicht (50 regels of mear), en ien foar it bêste koarte gedicht (minder as 50 regels). De Rhysling Awards binne ferneamd nei de bline dichter Rhysling, in personaazje út it koarte ferhaal The Green Hills of Earth (1947), fan science fiction-skriuwer Robert A. Heinlein.

De Rhysling Awards besteane sûnt 1978 en de tawizing en útrikking wurdt fersoarge troch de Science Fiction Poetry Association (SCPA), dy't teffens de Dwarf Star Awards útrikt foar tige koarte gedichten fan maksimaal tsien regels. Sûnt 2005 fynt de útrikking fan beide kategoryen Rhysling Awards en fan 'e Dwarf Star Awards plak op 'e science fiction- en fantasykonvinsje Readercon, dy't elts jier yn july yn Boston holden wurdt.

Under de skriuwers dy't de Rhysling Award alris wûnen, binne fantasyfeteraan Ursula K. Le Guin (1982), foar it lange gedicht The Well of Bain, en de Libaneesk-Kanadeeske skriuwster Amal El-Mohtar (2009, 2011 en 2014) foar de koarte gedichten Song for an Ancient City, resp. Peach-Creamed Honey en Turning the Leaves. Foar in folsleine list mei winners, sjoch hjirre foar in opsomming fan winners fan 'e priis foar de lange foarm, en hjirre foar in opsomming fan winners fan 'e priis foar de koarte foarm.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.