Newbery Medal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Newbery Medal ("Newbery-medalje"), eins folút John Newbery Medal, is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier oan in skriuwer takend wurdt foar it bêste wurk op it mêd fan 'e berneliteratuer fan it foargeande jier. De priis waard foar it earst útrikt yn 1921, wêrmei't it de âldste berneboekepriis fan 'e wrâld is. De Newbery Medal is ferneamd nei John Newbery, in achttjinde-ieuske Ingelske útjouwer dy't ien fan 'e earsten wie dy't boeken útjoech dy't folslein taspitst wiene op bern. Mei de Caldecott Medal (foar plaatsjeboeken) wurdt de Newbery Medal beskôge as ien fan 'e beide meast prestizjeuze Amerikaanske prizen foar berneliteratuer.

Allinnich Amerikaanske boargers en bûtenlanners dy't yn 'e Feriene Steaten wenje, kinne meidwaan om 'e Newbery Medal te winnen. De winner wurdt troch in faksjuery (wêrfan't de gearstalling elts jier feroare wurdt) útornearre út in stikmannich nominearden. Allinnich de winner kriget de medalje, mar de oare nominearden krije in oarkunde dy't offisjeel de Newbery Honor hjit, mar ek wol foar de Newbery Silver Medal (sulverne medalje) trochgiet. It tal nominearden ferskilt elts jier; soms binne der wol acht, mar it is ek wol foarkommen dat der mar ien wie, dy't dan automatysk de medalje wûn. Foar in folsleine list mei winners en nominearden, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.