Harry Potter

Ut Wikipedy

Harry Potter is de namme fan in sândielich tige populêre rige fan fantasijboeken skreaun troch de Ingelske skriuwster J.K. Rowling. De fiktive haadpersoanen fan it boek binne tsjoendersbern Harry Potter en syn freonen.

Yn 'e boeken hinget de fantasij gear mei magy. Harry Potter is berne mei magyske krêften. Al gau sjocht er dat der mear lju binne mei sokke krêften, dy't anonym tusken de normale minsken libje. At er alve jier is, wurdt er útnûge foar in kostskoalle foar tsjoenders en tsjoensters, Swiniastate (Ingelsk: Hogwarts). Elts Harry Potter-boek fertelt likernôch in jier oer syn skoaltiid, oer it folk dêr't er mei yn 'e kunde komt, syn aventoeren en saken dy't er dêr leart. Yn sa likernôch alle boeken moat Harry yn it ein tsjin Voldemort (troch de measte tsjoenders út eangst "Dowitstwol" neamd) fjochtsje, of tsjin in tsjinner fan Voldemort. Dizze magyske striid is in wichtich motyf in it ferhaal.

Omskriuwing fan 'e strekking fan 'e ynhâld fan elts apart boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne yn 'e rige sân boeken skreaun. Dizze titels binne yn it Ingelsk útjûn:

1. Harry Potter and the Philosopher's Stone (1997)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Harry Potter and the Sorcerer's Stone yn de Feriene Steaten) Dit boek is oerset nei it Frysk mei as titel Harry Potter en de stien fan 'e wizen.

As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy't him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spûken en beswarrings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy't de tredde ferdjipping fan 'e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy't tige kostber of tige gefaarlik is. Miskien beide wol ... [1]

Harry Potter is in deagewoane, mar ûngelokkige jonge dy't sûnt de dea fan syn âlders by syn drûge en smoarge omke en muoike wennet, yn 'e biezemkas ûnder de trep. Op in dei krijt er in geheimsinnige slûf. En dêrnei noch ien en noch ien. De brieveslûven feroarje Harry's hiele libben: er wurdt rêde troch in woastling op in motorfyts en er komt derêfter wa syn ferûngelokke âlders wienen. Mei in bysûndere trein dy't ôfreizget fan perron 9 ¾, bedarret er op Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, dêr't er tige folle dinge learret oer biezemfleanen, magyske dranken en meunsters. Úteinlik moat Harry it opnimmen tsjin syn aartsfijân Voldemort, in libbensgefaarlike tsjoender.[2]

2. Harry Potter and the Chamber of Secrets (1998)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miniatuer fan Swiniastate

Nei in gryslike fakânsje by syn gemiene omke en muoike giet Harry nei de twadde klasse fan Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus. Mar allinich al om dêr te kommen blykt in drege heksetoer te wêzen, wêrby't in fleanende auto Harry en syn freon Ron útkomst biedet. Nei alle aventoeren fan it foarrige skoaljier tinkt Harry dat er him rêstich wije kin oan syn ûnderrjocht fan leksums toverdranken, betsjoenings en ferdigening tsjin 'e tsjustere krêften en syn favorite tsjoenderssport swurkbal. Mar dan heart er in mysterieuse stimme, fine der nuvere oanslagen plak en ûntdekket er in tige, tige bysûnder deiboek....

3. Harry Potter and the Prisoner of Azkaban (1999)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't Harry Potter oan syn tredde skoaljier op Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus begjint, moat er de simmerfakânsje trochbringe by syn gemiene omke en muoike. Troch in magysk ûngelokje komt er ynienen op 'e lette jûn op strjitte te stean. Dan blykt dat Sirius Black[3], in freze tsjinner fan Dowitstwol, út 'e finzenis fan Azkaban ûntkommen is. Hy is op 'e flecht en hat miskien 'e mint op Harry. der folgt in boeiend skoaljier mei nije skoalfakken lykas migelkunde en soarch foar fabeldieren, spannende swurkbalwedstriide en aaklike foarsizzings. De skoalle wurdt beweite troch Dementors, de freze beweitsers fan Azkaban, mar Harry sil syn leksums Ferdigening tsjin 'e tsjustere krêften hurd nedich wêze...

4. Harry Potter and the Goblet of Fire (2000)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas elts jier bringt Harry Potter de simmerfakânsje troch by syn ôfgryslike omke en muoike, dêr't 'e sfear dit jier ekstra minne is, troch't harren bedoarne jonkje Melle Mûzema op dieet is. Harry kin dan ek net wachtsje oant er wer werom gean meit nei Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, om oan syn fjirde skoaljier te begjinnen. Mar foar't it safier is, wurdt er troch 'e Weasley-famylje op spektakulêre mêd ophelle by de Mûzema's, om mei te gean nei de finale fan it wrâldkampioenskip swurkbal! Harry wit dan noch net dat der dat jier op Swiniastate in nóch grutter en spannender evenemint plakfine sil, wêrby't ek learlinge fan oare, bûtenlânske toverskoallen fertsjintwurdige wêze sille. Nettsjinsteande alle opwining en magyske barren besykt er him dochs op syn leksums te konsintrearjen. Yntusken binne der ferskate tekens dy't oanjouwe dat Voldemort, mei behelp fan tsjustere tsjoenders, wer oan krêfte begjint te winnen. De eangst dat Hy Dy Net Neamd Wurde Meit opnij taslean sil, wurdt hieltyd grutter...

5. Harry Potter and the Order of the Phoenix (2003)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trein dy't yn 'e films brûkt wurdt en dêr't Harry Potter yn ôfreizget nei Swiniastate

Harry's ferplichte simmerfakânsje by omke Vernon en muoike Petunia yn 'e Privet Drive is dit jier noch dreger as foarrige jierren: net allinnich wurdt er troch 'e Mûzema's wer âlderferskuorrendst behanneld, ek syn bêste freonen liken him dizze simmer hielgear te negearjen. Harry fynt dat er eat dwaan moat, makket net út wat, om sa rap mooglik weromkeare te kinnen nei Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus. Mar dan krijt 'e fakânsje lykwols in ûnferwacht ein en it wurdt sels ûnwis of Harry noch wol oan syn fyfte skoaljier op Swiniastate begjinne meit. Nuvere barren steapelje harren op en Harry docht ûntdekkings dy't it him ûnmooglik meitsje rêstich te bliuwen...

6. Harry Potter and the Half-Blood Prince (2005)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lân wurdt ûntheistere troch nuvere rampen en oanslagen, en hoewol't it heechsimmer is, hinget der in stiiffêste, driigjende mist. Yn 'e Privet Drive sit Harry Potter let yn 'e jûn ûnpasjintich op 'e komst fan professor Dumbledore te wachtsjen. Wat kin der sa wichtich wêze dat Dumbledore him by de Mûzema's opsykje komt en dat net wachtsje kin oant Harry's weromkear nei Swiniastate? Soe it eat te krijen haw mei de âlde profesy dy't Harry oan it ein fan syn fyfte skoaljier heard hat? Harry's seisde jier op Swiniastate begjint ûngewoan, as Voldemort opnij oan krêfte winnet en 'e wrâlden fan migels en tsjoenders harren hieltyd mear mei inoar fermingje...

7. Harry Potter and the Deathly Hallows (2007)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De simmerfakânsje is foarby, mar Harry Potter keart dit jier net werom nei Swiniastate. Er stiet foar 'e gefaarlike en hast ûnmooglike opjêfte fan Dumbledore: de oerbleaune Horcruxes opspoare en ferneatigje. Sil hy dêryn slagge?

Boeken mei eftergrûnynformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek in soad lytse boeken útjûn by de rige mei eftergrûnynformaasje:

De earste twa fan hjirboppe wiene tige rap útferkoft en wiene dêrnei net mear te besetten. Yn 2009 is der lykwols in werútjêfte útjûn. It jild dêrfoar gie, krektas yn 2001, nei Comic Relief.

Potter-films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In rige fan sân films oer de boeken binne makke troch Warner Bros.. Sy setten yn 2001 útein mei de earste film. De film oer it sânde boek Harry Potter and the Deathly Hallows is opknipt yn twa stikken. It earste diel is útkommen op 18 novimber 2010 en it twadde diel sil útkomme op 15 july 2011. Sa kinne de kaaisênes út it boek allegearre útwurke wurde yn de film.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sintaur

Njonken oersettings nei it Hollânsk, Frânsk, Dútsk, ensfh. is der ek in fryske oersetting. Dizze Fryske oersetting fan Harry Potter and the Philosopher's Stone kaam út op 23 july 2007 by Utjouwerij Bornmeer, mei de titel Harry Potter en de stien fan 'e wizen. Jetske Bilker wie de oersetster fan it earste diel, en hja sil fierder mei it oersetten fan oare Harry Potter boeken nei it Frysk. Bilker wurdt priizge troch in soad lêzers dêr't hja in boartlike oersetting makke hat mei oersettings lykas bygelyks Swiniastate (foar Hogwarts) en Melle Mûzema (foar Dudley Dursley).

Mytology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwster J.K. Rowling hat tajûn dat in protte nammen fan personaazjes, barren en bisten yn 'e boekenrige fan orizjine út 'e mytology fan 'e klassike âldheid (romynsk/ âldgryksk) komme.

Sa is de trijekoppige hûn yn it earste diel fan 'e rige baseare op 'e beweitser fan 'e ûnderwrâld yn 'e âldgrykske mytology, de hûn Kerberos, dy't ek trije hollen hat. Yn 'e Potterrige moat er de gong op de tredde ferdjipping beweitsje sa't nimmen by de stien fan 'e wizen komme kin.

Ek komt Harry Potter yn Harry Potter and the Philosopher's Stone in sintaur tsjin, dy't Firenze hjit. Dat healminske-healhynder beskermet Harry tsjin in tsjuster figuer yn it wâld by Swiniastate wêrnei't er Harry op syn rêch meinimt en yn feiligens bringt. Wannear't oare sintauren dat sjen, wurdt er útskelle. Dat is in direkt motyf út 'e mytology, wêr't dat krekt sa bart.

De namme fan Remus Lupin komt ek út 'e mytology. Romulus en Remus wiene de stifters fan 'e stêd Rome. Hja binne neffens it teltsje opfiede troch in wolf. Lupus yn it Latyn betsjut wolf. Remus Lupin is in personaazje dat by folle moanne yn in wolf feroaret: er is in wearwolf.

Yn it earste, fjirde en sânde diel fan 'e rige komt Harry draken tsjin, in typysk motyf yn teltsjes en mearkes yn Jeropa, Aazje, en 'e rêst fan 'e wrâld.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryske omslachtekst fan 'e Fryske ferzje fan it earste boek
  2. Fan hjir oant it sânde boek de oersette omslachteksten fan 'e Nederlânske ferzjes fan 'e boekerige.
  3. [roudrukte wurden binne Ingelske termen dy't noch net troch Jetske Bilker oerset binne, mooglik is der wol in Fryske oersetting fan de nammen. Sjoch ek it oerlis.