Harry Potter and the Chamber of Secrets

Ut Wikipedy
Harry Potter and
the Chamber of Secrets
algemiene gegevens
auteur J.K. Rowling
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, berneboek
1e publikaasje 1998, Londen
oarspr. útjwr. Bloomsbury Publishing
rige
rige Harry Potter
● foarich diel Harry Potter and the
   Philosopher's Stone
● folgjend diel Harry Potter and the
   Prisoner of Azkaban
kodearring
ISBN 0 74 75 38 492

Harry Potter and the Chamber of Secrets is in Ingelsk boek skreaun troch J.K. Rowling. It is it twadde part fan de sânrige oer Harry Potter. It boek beskriuwt it twadde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Chamber of Secrets' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Keamer fol Geheimen' wêze moatte.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is ek in film nei it boek útkaam, dy Harry Potter and the Chamber of Secrets hjit.

Gearfetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in gryslike fakânsje by syn gemiene omke en muoike giet Harry nei de twadde klasse fan Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus. Mar allinich al om dêr te kommen blykt in drege heksetoer te wêze, dêr't in fleanende auto Harry en syn freon Ron útkomst by jout. Nei alle aventoeren fan it foarrige skoaljier tinkt Harry dat er him rêstich wije kin oan syn ûnderrjocht fan leksums toverdranken, betsjoenings en ferdigening tsjin 'e tsjustere krêften en syn favorite tsjoenderssport swurkbal. Mar dan heart er in mysterieuze stimme, hawwe der nuvere oanslaggen plak en ûntdekket er in tige, tige bysûnder deiboek....
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.