The Tales Of Beedle the Bard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De skriuwster fan it boek (yn 'e minskenwrâld) J.K. Rowling

It Ingelske boek 'The Tales Of Beedle the Bard' is in fiktyf boek beskreaun yn 'e Harry Potterrige likegoed as in boek útjûn troch de útjouwer Bloombury yn Ingelân, fan 'e skriuwster J.K. Rowling.

It boek yn 'e tsjoenderswrâld[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e wrâld fan Harry Potter is it in boek wêryn't tsjoendersmearkes en -telstjes stiene. Ien fan dy mearkes is it teltsje fan 'e trije bruorren. In protte tsjoenders en tsjoensters yn 'e wrâld fan Harry Potter binne opfiede mei dizze mearkes, û.o Ron, in freon fan Harry.

It boek yn ús wrâld[bewurkje seksje | edit source]

Yn it echt is it boek skreaun troch J.K. Rowling, wêrfan de opbringst foar de stifting Children's High Level Group wie. Yn it boek stiene oantekenings, sabeare makke troch Albus Dumbledore*.

(* Bin in fryske oersetting nedich.

It teltsje fan 'e trije bruorren[bewurkje seksje | edit source]

Teken fan 'e Reliken fan 'e Dea

Yn it mearke wurdt it ferhaal beskreaun fan trije mei-inoar opreizgjende bruorren, dy't by in rivier komme. Se meitsje in magyske brêge, dêr't se net troch 'e rivier hinne kinne. De personifikaasje fan 'e 'Dea' stiet lykwols op 'e brêge en is tsjoed, dêr't 'e trije bruorren net ferdronken binne. Se meie allegearre in beleanning kieze. De âldste broer wol in tsjoenwisp hawwe dy't ûnferwinber is. De twadde broer wol eat hawwe dêr't er minsken mei út 'e dea oproppe kin en hy krijt in stien fan wjerkear. De tredde (de wiiste, hy leaut net yn betrouberens fan 'e 'Dea' ) wol eat hawwe, dêr't er him mei beskûlje kin foar de 'Dea'. Hy krijt in ûnsichtberensmantel. Dan geane de bruorren wei, apart fan inoar.

It plaatsje hjirnjonken lit ús de mantel sjen (trijehoek), de stien (rûnte) en de ûnferwinbere wisp (streek).

Lykwols: immen makket de âldste broer dea en rôft dêrnei de wisp. De twadde broer brûkt de stien om syn deade freondin werom te roppe út 'e dea, mar makket himsels dea as er útfynt dat se net 'echt' is. Se is kâld en tsjuster en semi-dea. De tredde broer wie net te finen troch 'e 'Dea', meidat er de mantel hie. Wannear't er âld is, jout er syn mantel oan syn bern en ferstjert rêstich. Einlings binne se allegearre dea.