Betsjoenings yn de Harry Potterrige

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjoene mei in wisp

Yn 'e Harry Potterrige wurde ferskate betsjoenings brûkt, dy't allegeare in oar effekt hawwe en dy't allegearre wat barre litte troch magy. Troch mei in toverwisp te swieren en in tsjoenspreuk te sizzen, litte tsjoenders en tsjoensters bygelyks wat fleane of meitsje se ljocht. It meastepart fan de tsjoenspreuken yn 'e rige binne semi-Latynske wurden of sinnen, dy't grammatikaal gauris net korrekt binne.

Oersjoch[bewurkje seksje | edit source]

Potter-skriuwster Rowling hat de betsjoenings op dizze side allegeare betocht

Hjir in oersjoch fan 'e tsjoenspreuken dy't te finen binne yn 'e boeken fan de Harry Potterrige.

De betsjoenings út 'e filmferzjes fan 'e boeken en de videospultsjes binne net brûkt

Duell. = in typyske duellearspreuk


Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

A[bewurkje seksje | edit source]

  • Accio
Hjirmei kinst eat sommearje, dat wol yn dizze kontekst sizze: eat nei dy tafleane litte
Latyn: accio = ik sommearje
  • Aguamenti
Lit wetter ferskine
Latyn: aqua = wetter.
  • Alohomora
Hjirmei kinst doarren iepenmeitsje
Hawajaansk: aloha = goeie, Latynsk: mora = hinder
  • Amnesia
Hjirmei wurdt in diel fan it ûnthâld fan immen wiske
(Of Amnesia Completa: it ûnthâld wurdt hielendal wiske)
Latyn: Amnesia = ûnthâldferlies
  • Anapneo
Spreuk dy't immen sykhelje lit wannear't er smoart
Âld-Gryksk: 'αναπνέω (anapneo), (yn)azemjen
  • Anti-Migelbetsjoening
Sjoch: 'Repello Migelandus'
  • Aparecium
Makket saken dy't net te sjen binne wer te sjen
Latyn: aparere = ferskine
  • Avada Kedavra
Duell.
In ûnferjoulike flok, de flok om immen te fermoardzjen, giet gear mei in grut, grien ljocht. Hat de mem en heit fan Harry Potter ek fermoarde.
Arameesk: adada kedabra (abrakadabra) = It ding moat ferneatige wurde
  • Avis
Spreuk dy't lytse fûgels ferskine lit út 'e wispe
Latyn: avis = fûgel

B[bewurkje seksje | edit source]

  • Balsemio
Hielet wûnen.
Krekt lykas it Fryske wurd "Balsemje"
  • Banflok
Betsjoening ûnbekend
Lit eat weisjitte/ weifleane
  • Buorrelhollebetsjoening
Betsjoening ûnbekend
Soarget foar in loftbuol op dyn holle.

C[bewurkje seksje | edit source]

  • Cave inimicum
Beskermet tsjoenders tsjin 'eat'
Latyn: cave = útsjen (sjoch út!), inimicus = fijân
  • Colloportus
Betsjoening dêr't immen in doar magysk mei beskoattelje kin
Latyn: collere = plakken, portus = doar
  • Confringo
Gruzelflok
Lit eat eksplodearje
Latyn: confringo = ik brek
  • Confundo
Duell.
Dwylsinnigensflok, hjirtroch kinst fertize reitsje
Latyn: confundo = ik bring yn 'e tiis
  • Crucio
Duell.
In ûnferjoulike flok, de tamtearflok
Latyn: crucio = ik martelje

D[bewurkje seksje | edit source]

  • Defodio
Hjirmei kinst stikken fan it plafond weisnije
Latyn: defodere = útgrave
  • Deletrius
Hjirmei kin it tsjustere teken ferdwine litte wurde.
Ingelsk: delete = weihelje
  • Densaugeo
Duell.
Dizze spreuk lit 'e tosken fan immen waaksje.
Latyn: dens = tosk, augeo = ik lit groeie
  • Deprimo
Lit (bygelyks) in muorre eksplodearje
Latyn: deprimere = yndrukke
  • Descendo
Dizze spreuk lit eat nei ûnderen ta gean.
Latyn: descendere = nei ûnderen ta gean
  • Detentio
Duell.
Spreuk dy't immen fêstmakket mei tou.
Latyn: detendere = besitte
  • Diffindo
Toarnbetsjoening
Hjirmei kin immen wat stikken meitsje of dingen spjalte
Latyn: diffindere = spjalte, stikken meitsje.
  • Dissendium
Magyske tagongskoade nei in geheime gong yn Swiniastate
Latyn: discendo = ôfbûging
  • Duplicatus
Ferdûbelt eat
Latyn: duplicare = ferdûbelje
  • Duro
Makket eat hurd en massyf
Latyn: duro = hurd meitsje
  • Duvelsfjoer
Duell.
Betsjoening ûnbekend
Dizze spreuk kin ferflokt fjoer meitsje, sa ûntsteane der bygelyks meunsters en draken fan fjoer, dy't eltse fijân dea meitsje

E[bewurkje seksje | edit source]

  • Enervatio
Makket de spreuk 'Paralitis' ûndien
Latyn: enervare = krêfteleas meitsje
  • Engorgio
Fergruttet eat en eat dat lytser makke is troch 'Reducio', krijt syn gewoane grutte wer
Ingelsk: gorgeous = tige grut
Patronus (hart) fan Harry
  • Erecto
Rjochtet eat op (bygelyks in tinte)
Latyn: erectus = oprjochte
  • Expecto Patronum
Duell. (tsjin in Dementor)
Makket in sulverwite, ljochtjaande Patronus dy't beskerming jout tsjin û.o. Dementors. In Patronus is in positive krêft dy't de foarm fan in dier oannimt. In Patronus is ek te brûken as kommunikaasje.
Latyn: exspectare = ferwachtsje, patronus = beskermer
  • Expelliarmus
Duell.
Ûntwapenet in tsjinstanner.
Latyn: arma = wapens en expello = weihelje/ferdriuwe
  • Evanesco
Lit eat ferdwine
Latyn: evanescere = ferdwine

F[bewurkje seksje | edit source]

  • Ferula
Kin bygelyks in brutsen skonk spalkje
Latyn: ferula = stôk
  • Fideliusbetsjoening
Betsjoening ûnbekend
In geheim wurdt opslein yn 'e siele fan 'e geheimhâlder. It geheim wurdt ferbrutsen wannear't de geheimhâlder it trochfertelt
Latyn: fides = betrouberens
  • Finite (Incantatem)
Lit it effekt fan in oare betsjoening ophâlde
Latyn: finire = in ein meitsje oan eat, incantatio = betsjoening
  • Fladderfleareflok*
Duell.
Betsjoening ûnbekend
Betsjoening wêrtroch't immen fol mei lytse wjuksjes komt te sitten
  • Flagrato
Nei't dizze spreuk útsprutsen is, kin immen mei syn wisp yn 'e loft skriuwe, wêrnei't gleone letters ferskine
Latyn: flagrare = barne, glânzgje
  • Flok fan skonkeplak
Duell.
Sjoch: 'Locomotor Mortis'
  • Furninculus
Duell.
Dêr't immen rekke wurdt, wurdt de hûd tige wartich
Etymology net fûn

(* Yn't Hollânsk: Vleddervleervloek )

G[bewurkje seksje | edit source]

  • Geomanni Pesternomi
Net tige effektive ferstiivingsbetsjoening foar ierdmantsjes
Âld-Gryksk: Γαῖα (gaia) = ierde
  • Glisseo
Lit de treppen fan in trep yn Swiniastate yn in glierbaan feroare
Frânsk: glisser = glydzje
  • Gniisspreuken
Duell.
Sjoch 'Rictumsempra'

H[bewurkje seksje | edit source]

  • Homenum revelio
Jout oan of't der minsken oanwêzich binne yn 'e omjouwing
Latyn: homo = minsk, Ingelsk: reveal = ûntbleate
  • Homorfusbeswarring
Duell. (tsjin in wearwolf)
Tydlike remeedzje tsjin in wearwolf
Latyn: homo = minsk, Âld-Gryksk: μορφή (morfê) = uterlik
  • Hygiëna
Himmelspreuk, hjirmei kinst eat skjinmeitsje
Âld-Gryksk: 'υγιεινή (hugyeinê) = goadinne fan 'e sûnens

I[bewurkje seksje | edit source]

  • Impedimenta
Duell.
Strjemspreuk
In oanfal wurdt fertrage, kin ek byeffekten lykas by 'Paralitis' hawwe
Ingelsk: impediment = hinder
  • Imperio
Duell.
In ûnferjoulike flok, jout folsleine kontrôle oer immen, dy't dan alles foar dy dwaan sil
Latyn: imperare = befelje
  • Incendio
Lit eat ûntbarne
Latyn: incendere = yn brân sette

K[bewurkje seksje | edit source]

  • Kameoflaazjespreuk
Jout folsleine kamûflaazje, immen nimt 'e kleuren fan 'e êftergrûn oan

L[bewurkje seksje | edit source]

  • Levicorpus
Duell.
Lit immen ûndersteboppest yn 'e loft hingje
Latyn: levare = lichter meitsje, corpus = lichem
  • Liberacorpus
tsjinbeswarring fan 'Levicorpus', lit immen wer op 'e grûn falle
Latyn: liberare = befrije, corpus = lichem
  • Locomotor
Lit eat in bytsje omheech fleane en dyn wisp folgje
Latyn: Locus = plak, motus = beweging
  • Locomotor Mortis
Duell.
Flok fan skonkeplak
Limet skonken oan elkoar
'Lumos!'
Latyn: Locus = plak, motus = beweging, mors = dea
  • Lumos
In lyts ljochtsje ferskynt oan de útein fan dyn wisp
Latyn: lumen = ljocht

M[bewurkje seksje | edit source]

  • Meteomaledictus recanto
Tsjinbeswarring foar waarflokken
Latyn: recantare = weitsjoene, maledicere = ferflokke, meteo-... = waar-...
  • Mobiliarbus
De 'Locomotor'-ferzje spesjaal foar beamen
Latyn: mobilitas = beweechlikens, arbor = beam
  • Morsmordre
Hjirmei wurdt it tsjustere teken fan Voldemort oproppe
Latyn: mordere = bite, mors = dea
  • Mobilicorpus
De 'Locomotor'-ferzje foar in minskenliif
Latyn: corpus = lichem, mobilitas = beweechlikens
  • Murmelio
Hjirtroch kinnen oaren dy net heare, om't se gegûns yn harren earen heare
Hollânsk: murmele = reauntsje, gûnslûd meitsje
Dizze spreuk soe nei it Frysk oerset wurde kinne as bygelyks: 'Rencelio'

N[bewurkje seksje | edit source]

  • Nox
Ljocht makke mei 'Lumos' giet út
Latyn: nox = nacht
  • Nonpluvius
Spreuk wêrtroch eat net mear wiet wurdt
Latyn: non = net, pluvius = reinêftich, rein-...

O[bewurkje seksje | edit source]

  • Oppugno
Duell.
Lit eat (bygelyks op magyske mêd produsearre fûgels (sjoch 'Avis')) immen oanfalle
Latyn: oppugnare = fjochtsje/ stride tsjin eat
  • Orchidea
Hjirmei kinst in boskje blommen te foarskyn tsjoene
In orchidee is in blom

P[bewurkje seksje | edit source]

  • Paralitis
Duell.
Mei dizze spreuk kinst immen ferlamje mei in grutte, reade ljochtstriel
Âld-Gryksk: παραλύειν (paraluein) = ferlamje
  • Permaninte plakbeswarring
Betsjoening ûnbekend
Lit eat foar altyd earne oan fêstkleevje
  • Petrificus Totalus
Duell.
Lit immen hieléndal ferstiivje
Âld-Gryksk: πέτρα (petra) = stien, Ingelsk: petrify = ferstiivje, Latyn: totalus = hielendal
  • Portus
In betsjoening om earne in Fiafia fan te meitsjen
Latyn: portare = bringe, porta = doar
  • Prior incantato
Dizze spreuk lit sjen hokker spreuken koartlyn útsprutsen binne mei in wisp.
Latyn: prius = earder, incantare = in tsjoenspreuk útsprekke
  • Priori Incantatem
Duell.
Tsjoensters
Wannear't twa tsjoenders mei-inoar fjochtsje (in tsjoendersduel) en harren wispen hawwe in selde kearn, kinne de wispen mei in ljochtstriel kontakt meitsje en kin ynienen it effekt fan 'prior incantato' ûntstean
Sjoch foar de etymology hjirboppe ('prior incantato')
  • Protego
Duell.
Skyldspreuk
Hjirmei kinst dysels beskermje tsjin lytse flokken en betsjoeningen (net tsjin grutte flokken lykas de ûnferjoulike flokken), wêrby't de flok ek wjerkeatst wurde kin nei de fijân, wêrtroch't er sels ferflokt wurdt.
Latyn: protegere = beskermje/ferdigene
Fariaasjes:
Protego horribilis (tsjin oeribele flokken)
Protego totalum (tsjin alle flokken)
  • Proteusbeswarring
Hjirtroch kinst in betsjoening oproppe wêrtroch in magysk ferbân ûntstiet tusken dingen: wannear't ien ding feroaret, feroarje alle dingen
Latyn: Proteus = god dy't himsels feroarje koe yn eat oars (stalferwikseling)

Q[bewurkje seksje | edit source]

  • Quietus
Spreuk waarmee je luide stem (door de spreuk sonorus) weer normaal wordt.
Latyn: quietus = stil

R[bewurkje seksje | edit source]

  • Reducio
Makket eat lytser en eat dat fergrutte is troch de betsjoening 'Engorgio', krijt syn gewoane grutte wer
Latyn: reducere = redusearje
  • Reducto
Gruzelflok
Lit eat eksplodearje
Latyn: reducere = redusearje
  • Reparo
Makket eat dat stikken is
Latyn: reparare = bymeitsje
  • Relashio
Befrijt immen fan eat wêrtroch't er fêsthâlden wurdt
Ingelsk: release = befrije
  • Renervatio
Hjirmei kinst immen wer by bewustwêze bringe
Latyn: re- = wer, nervus = û.o. krêft, enerzjy
  • Repello Migeltum
Hâldt migels op ôfstân
Latyn: repellere = ferdriuwe, Frysk: migel = immen dy't net tsjoene kin
  • Rictusempra
Duell.
Hjirmei kinst immen op magyske mêd kiizje, kidelje
Latyn: rictum = iepene mûle, semper = altyd
  • Ridiculus
Duell. (tsjin in bûzeman)
Kinst tsjin in sjamme/bûzeman brûke. Wylst do de betsjoening útsprekst, moast oan eat grappichs tinke.
Latyn: ridiculum = om te laitsjen

S[bewurkje seksje | edit source]

  • Salvio hexia
Kamûflaazjespreuk
Latyn: salvere = sûn wêze, Ingelsk: hex = flok
  • Sanitato
Hjirmei kinst eat skjinmeitsje of opromje
Latyn: sanus = sûn, skjin
  • Sectumsempra
Duell.
Asto dizze spreuk brûkst en mei dyn wisp swypkest, ferskine der bliedende wûnen dêr't dyn fijân rekke wurdt
Latyn: secare = fykje, repe, semper = altyd
  • Serpensortia
Duell.
Tsjoent in slange út dyn wisp
Latyn: serpens = slang(e), sortire = earne útgean
  • Silencio
Soarget derfoar dat immen net mear prate kin
Latyn: silere = swije
  • Sonorus
Makket dyn lûd/stimme hurder
Latyn: sonorus = lûd meitsjend
  • Specialis revelio
Kin eat dat ferside is, ûntbleatsje, bygelyks in betsjoening
Latyn: specialis = spesjaal, revelare = ûntbleatsje

T[bewurkje seksje | edit source]

  • Tarantallegra
Duell.
Tapdûnssbetsjoening
Italjaansk: tarantella = in Italjaanske dûns

U[bewurkje seksje | edit source]

  • Ûnfersteurberensspreuk*
Betsjoening ûnbekend
Makket eat (bygelyks in doar) lûdticht. Der kin ek neat mear troch

(* Yn't Hollânsk: fnuikspreuk

W[bewurkje seksje | edit source]

  • Waddiwasi*
Lit eat hurd weisjitte
  • Wingardium Leviosa
Lit eat fleane
Latyn: levare = licht meitsje
  • Wiis my de wei
Wynroasbetsjoening
Mei dizze betsjoening kinst dyn wisp brûke as kompas

(* Gommibommi yn't Hollânsk

Y[bewurkje seksje | edit source]

'Yt slakken!'
  • Yt slakken
Duell.
Lit immen slakken útspuie


Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

Foar dizze wiki-side binne de boeken fan 'e Potterrige brûkt en in wurdboek Latyn (De Pinksterferzje).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]