Wearwolf

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wearwolf

In wearwolf is in minsk dy't yn 'e jûn, by folle moanne, fan stal feroaret en in wolf wurdt. Dan hat er ynienen gjin minsklik ferstân mear en kin er samar oare minsken deameitsje en sels syn freonen, dy't er dan net mear weromkent. Yn 'e moarntiid wurdt er wer in minsk en wit er neat mear fan dat wat er dien hat. De wearwolf wurdt beskreaun yn Jeropeeske folksteltsjes, mearkes en horrorteltsjes. Ek yn bygelyks de Harry Potterrige komt in wearwolf foar.

De namme 'wearwolf' is etomologysk te ferklearjen. It wurd bestiet út 'e wurden 'wer' en 'wolf'. It wurd 'wer' is Angelsaksysk en betsjut 'minsk'. Dat komt in bytsje oerien mei it Latynske 'vir', man. It twadde diel fan it wurd, 'wolf', betsjut gewoan wolf.

Patology[bewurkje seksje | edit source]

De sykte 'rabiës', hûnsdûmens, docht ek tinken oan it fenomeen 'wearwolf'. Men kin sa siik wurde, dat men der útsjocht as in bist en dêrnjonken ek âljen en flybkjen giet. Yn de psychiatry wurdt it ferskynsel dat immen miend dat er in wolf is, ûnder de term lykantropy rekkene.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopaedia Britannica Ultimate Reference Suite 2008: 'Werewolf'.