Midheechdútsk

Ut Wikipedy

It Midheechdútsk is de histoaryske foarm fan it Dútsk sa't dat tusken likernôch 1200 en 1500 sprutsen waard. It wie in sterk troch it Frânsk beynfloede taal op in Frankysk-Allemannyske basis, al waard der yn it súdeasten fan it Dútske taalgebiet in troch it Keizerlik Hof beynfloede skriuwtaal op Beiersk-Swabyske basis brûkt, it saneamde gemeine deutsch.

It Midheechdútsk moat net betize wurde mei it Middeldútsk, in beneaming dêr't de dialekten yn sintraal Dútslân mei oantsjut wurde, dy't de oergong foarmje tusken it Heechdútsk yn it suden en it Nederdútsk yn it noarden.

Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.