Harry Potter and the Half-Blood Prince

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Harry Potter and the Half-Blood Prince is in Ingelsk boek skreaun troch J.K. Rowling. It is it seisde part fan de sânrige oer Harry Potter. It boek beskriuwt it seisde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Half-Blood Prince' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Healbloed Prins' wêze moatte.

Film[bewurkje seksje | edit source]

Der is ek in film nei it boek útkomme, dy Harry Potter and the Half-Blood Prince hjit.

Gearfetting[bewurkje seksje | edit source]

It lân wurdt ûntheistere troch nuvere rampen en oanslagen, en hoewol't it heechsimmer is, hinget der in stiiffêste, driigjende mist. Yn 'e Privet Drive sit Harry Potter let yn 'e jûn ûnpasjintich op 'e komst fan professor Dumbledore te wachtsjen. Wat kin der sa wichtich wêze dat Dumbledore nei de Mûzema's komt om by him oan te sjen en wat net wachtsje kin oant Harry's weromkear nei Swiniastate? Soe it eat te krijen hawwe mei de âlde profesy dy't Harry oan it ein fan syn fyfte skoaljier heard hat? Harry's seisde jier op Swiniastate begjint ûngewoan, as Voldemort opnij oan krêften wint en 'e wrâlden fan migels en tsjoenders harren hieltyd mear mei inoar fermingje...
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.