Harry Potter and the Goblet of Fire

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Harry Potter and the Goblet of Fire is in Ingelsk boek skreaun troch J. K. Rowling. It is it fjirde part fan de sânrige oer Harry Potter. It boek beskriuwt it fjirde jier fan de haadfiguer op in kostskoalle foar tsjoenders.

[bewurkje seksje] Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan it boek soe noch oerset wurde moatte troch Jetske Bilker by Utjouwerij Bornmeer. Hja wie ek de oersetster fan it earste diel, en hja wie fan doel ek de oare seis boeken oer te setten. De oersetting fan 'Harry Potter and the Goblet of Fire' soe yn 't Frysk likernôch 'Harry Potter en de Fjoertsjelke' wêze moatte.

[bewurkje seksje] Film

Der is ek in film nei it boek útkaam, dy Harry Potter and the Goblet of Fire hjit.

[bewurkje seksje] Gearfetting

Lykas alle jierren bringt Harry Potter de simmerfakânsje troch by syn ôfgryslike omke en muoike, dêr't 'e sfear dit jier ekstra min is, troch't harren bedoarne jonkje Melle Mûzema op dieet is. Harry kin dan ek net wachtsje oant er wer werom gean mei nei Swiniastate's Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, om oan syn fjirde skoaljier te begjinne. Mar ear't it safier is, wurdt er troch 'e Weasley-famylje op spektakulêre wize ophelle by de Mûzema's, om mei te gean nei de finale fan it wrâldkampioenskip swurkbal! Harry wit dan noch net dat der dat jier op Swiniastate in nóch grutter en spannender evenemint plakfine sil, dêr't ek learlingen fan oare, útlânske tsjoenderskoallen by fertsjintwurdige wêze sille. Nettsjinsteande alle opwining en magyske barrens besyket er him dochs op syn leksums te konsintrearje. Yntusken binne der ferskate tekens dy't oanjouwe dat Voldemort, mei help fan tsjustere tsjoenders, wer oan krêften wint. De eangst dat Hy Dy Net Neamd Wurde Meit opnij taslean sil, wurdt hieltyd grutter...
Oersette omslachtekst fan 'e Hollânske ferzje fan it boek.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen