Alfred L. Kroeber

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Afred L. Kroeber mei Ishi, yn 1911.

Alfred L. Kroeber (folút: Alfred Louis Kroeber; Hoboken (Nij-Jersey), 11 juny 1876Parys, 5 oktober 1960), wie in Amerikaansk antropolooch, argeolooch, etnolooch, taalkundige en heechlearaar fan etnysk Dútsk komôf. Hy wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e antropology en hold him benammen dwaande mei de stúdzje nei de Yndianen fan Kalifornje, wêrby't er him ek geregeldwei op it mêd fan 'e argeology, de etnology en de taalkunde bejoech. Oan it begjin fan syn karriêre die Kroeber wichtich ûndersyk nei de talen en dialekten fan 'e Arapaho. Letter wied er de earste heechlearaar antropology oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley, by San Fransisko. Teffens wied er direkteur fan wat no it Phoebe A. Hearst Museum foar Antropology is. Kroeber waard lykwols it bekendst troch syn jierrenlange wurk mei Ishi, it lêste oerlibjende lid fan it Jahy-folk. Fierders wie Kroeber de heit fan 'e ferneamde science fiction- en fantasyskriuwster Ursula K. (Kroeber) Le Guin.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Jonkheid[bewurkje seksje | edit source]

Kroeber waard yn 1876 berne yn Hoboken, yn 'e steat Nij-Jersey, yn in gesin dat ta de hegere middenklasse hearde. Syn heit wie Florence Kroeber (Kröber), dy't mei tsien jier mei syn âldelju út Dútslân nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie, en syn mem wie Johanna Müller, dy't ek fan Dútsk komôf wie. Doe't Kroeber noch hiel jong wie, ferhuzen syn âldelju mei him nei New York, dêr't er opgroeide mei trije jongere bruorren en susters. Yn 'e hûs waard Dútsk sprutsen en op 'e dyk Ingelsk, en Kroeber begûn al ier op skoalle Latyn en Gryksk te learen, wat yn him in libbenslange belangstelling foar talen wekker makke.

Stúdzje en ier wurk[bewurkje seksje | edit source]

Kroeber gie mei sechstjin jier al nei de Columbia Universiteit yn New York, dê'r't er yn 1896 in bachelorstitel yn Ingelske taal- en letterkunde behelle, en yn 1897 in masterstitel yn romantysk toaniel. Doe't de oplieding antropology oprjochte waard, feroare er fan stúdzje en learde er foar antropolooch ûnder Franz Boas. Om 'e ieuwiksel hinne died er as ûnderdiel fan syn stúdzje fjildûndersyk ûnder de Arapaho, yn Oklahoma en Wyoming, wêrby't er wurdlisten opstelde fan 'e útstoarne talen Besawûnena, Haänahawûnena en Nawatinehena, dy't letter fan krúsjaal belang blike soene te wêzen foar it moderne begryp fan 'e Arapahooske talen en har ûnderlinge relaasjes. Yn 1901 behelle Kroeber in doktoraat yn antropology, op basis fan in proefskrift fan 28 siden oer dekoratyf symbolisme ûnder de Arapaho. Dat wie it earste doktoraat yn dy stúdzje dat ea troch de Columbia Universiteit útjûn wie.

Priveelibben[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1906 troude Kroeber mei Henrietta Rothschild, dy't lykwols oanhelle rekke mei tuberkuloaze en yn 1913, nei in lang siikbêd, kaam te ferstjerren. Yn 1926 wertroude er mei Theodora Kracaw Brown, in widdo dy't letter sels ek in antropologe fan namme waard, en mei wa't er yn 'e kunde kaam doe't hja as studinte guon fan syn kolleezjes folge. Mei har krige Kroeber twa bern: de literêr kritikus Karl Kroeber, en de ferneamde science fiction- en fantasyskriuwster Ursula K. Le Guin. Dêropta naam er Ted en Clifton oan, har beide soannen út har earste houlik, dy't syn efternamme krigen.

Karriêre[bewurkje seksje | edit source]

Kroeber brocht it grutste part fan syn wurksume jierren troch yn Kalifornje, dêr't er oant syn pinsjonearring, yn 1946, heechlearaar wie oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley, yn Berkeley, ûnder de reek fan San Fransisko. Teffens wied er fan 1909 oant 1947 direkteur fan it doetiidske Museum foar Antropology fan de Universiteit fan Kalifornje, dat no it Phoebe A. Hearst Museum foar Antropology hjit. Hoewol't er benammentlik bekend wurden is as kultureel antropolooch, died er yn it ferlingde dêrfan ek frijwat wurk op it mêd fan argeology, taalkunde en folkekunde. Sa late er argeologyske opgravings yn Nij-Meksiko, Meksiko en Perû, en wied er mei Roland B. Dixon tige ynfloedryk by de klassifikaasje fan Yndiaanske talen yn Noard-Amearika, wêrby't er û.m. ferantwurdlik wie foar de earste gearstalling fan 'e Penûtiaanske en Hokaanske taalfamyljes.

Uteinlik krige Kroeber sa'n grutte ynfloed dat in protte kollega-antropologen harsels in selde soarte burd en snor as him oanmeaten. Syn learboek Anthropology, dat er foar it earst yn 1923 publisearre, waard desennialang rûnom brûkt. Om 1950 hinne wie it ien fan 'e tsien boeken dy't alle earstejiers studinten oan 'e Columbia Universiteit lêze moasten, lykfol hokker stúdzje oft se folgen. In oar boek fan Kroeber, Configurations of Cultural Growth, út 1944, hie in duorjende ynfloed op sosjaal-wittenskiplik ûndersyk nei de ferskynsels geniaalheid en grutheid. Kroeber wie fan tinken dat genialens op beskate tiden fuortkaam út 'e kultuer ynstee fan út ien beskaat yndividu, sa't de "grutte-man"-teory hawwe woe.

Syn wichtichste wurk die Kroeber op it mêd fan 'e antropologyske beskriuwing en it fêstlizzen fan folksferhalen en myten fan 'e lytse Kalifornyske Yndiaanske etnyske groepen, dy't faak slim te lijen hân hiene ûnder de blanke kolonisaasje fan 'e steat. Sa is de ynformaasje yn Handbook of the Indians of California, dat yn 1925 útkaam, fan ûnskatbere wearde om't it oars grif weiwurden wêze soe. Kroeber krige yn in breder fermidden bekendheid troch syn jierrenlange wurk mei Ishi, fan wa't beweard waard dat er de lêste oerbleaune Jahy (Yahi) wie, dy't it slachtoffer wurde wiene fan opsetlike útroeging troch blanke kolonisten. Nije ynformaasje makket it lykwols oannimlik dat Ishi fan mingd etnysk komôf west hawwe kin, mei in heit dy't mooglik ta de Wintû, Maidû of Nomlaky hearde. Kroeber syn frou Theodora Kroeber skreau in bekende biografy fan Ishi, mei as titel Ishi in Two Worlds. De relaasje tusken Kroeber en Ishi waard sa ferneamd dat der yn 1992 in film oer makke waard: The Last of His Tribe, mei akteur Jon Voight as Kroeber.

Kroeber trede al ier op as tsjûge-saakkundige foar de Yndianen yn rjochtsaken dy't Yndiaanske stammen oanspanden tsjin 'e Amerikaanske federale oerheid op it mêd fan lânrjochten. Ek dêryn wied er sa ynfloedryk, dat syn manear fan it oanfieren fan bewiismateriaal dêrby de noarm waard foar alle lettere lânrjochtesaken. Dat hie der ek mei te krijen dat bgl. yn 'e grutte saak "Yndianen fan Kalifornje vs. de Feriene Steaten" sawol syn assistint as de haadtsjûge-deskundige foar de Amerikaanske oerheid âld-studinten fan him wiene.

Ferstjerren[bewurkje seksje | edit source]

Alfred L. Kroeber ferstoar yn Parys, yn Frankryk, op 5 oktober 1960. It haadkertier fan 'e antropologyfakulteit fan 'e Universiteit fan Kalifornje, Kroeber Hall, is nei him ferneamd. Yn 2003 kaam der ûnder redaksje fan syn soan Karl en syn styfsoan Clifton in bondel essay's út oer it ferhaal fan Ishi, mei as titel Ishi in Three Centuries. Dat wie it earste wittenskiplike boek oer Ishi dat ek wurk fan Yndiaanske auteurs befette.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | edit source]

  • 1907 – Indian Myths of South Central California (yn: University of California Publications in American Archaeology and Ethnology; ek online op Sacred Texts)
  • 1907 – The Religion of the Indians of California (yn: University of California Publications in American Archaeology and Ethnology; ek online op Sacred Texts)
  • 1916 – Arapaho Dialects
  • 1925 – Handbook of the Indians of California
  • 1952 – The Nature of Culture
  • 1963 – Anthropology: Culture Patterns & Processes

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.