Springe nei ynhâld

Geart fan der Mear

Ut Wikipedy
Geart fan der Mear
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Geart van der Meer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 maart 1944
berteplak Toppenhuzen (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre poëzij, non-fiksje, oersettings
bekendste
  wurk(en)
Skûl by Hanklit (poëzij)
Tess fan de D'Urbervilles (fert.)
De Tiidmasine (fert.)
útjouwer Utjouwerij Elikser
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
gjint

Geart fan der Mear, ek wol skreaun as Geart van der Mear of Geart van der Meer, (Toppenhuzen, 9 maart 1944) is in Frysk dichter, oersetter en âld-dosint Ingelsk en Frysk oan de Universiteit fan Grins. De hybride namme "Geart van der Mear" is in gefolch fan eigenwiis yngripen fan korrektoaren - hijsels hat dy namme noait sa brûkt: de namme "Geart van der Meer" is de namme brûkt foar wittenskiplik wurk en/of resinsjes, "Geart fan der Mear" foar it mear kreative.

Yn 1967 debutearre de jonge Geart fan der Mear as dichter yn it tydskrift De Tsjerne. Yn itselde nûmer debutearren noch in soad oare jonge dichters: Jan J. Bylsma, Meindert Bylsma, Berber van der Geest, Willem Abma, Sikke Doele en Geart van der Zwaag. Yn 'e jierren folgen publikaasjes yn de tydskriften Alternatyf (1970-1977) en Trotwaer (sûnt 2002 ûnderdiel fan De Moanne). Hy wie mei Lykele Jansma en Hindrik S. de Brún oprjochter fan it earste tydskrift. Fan 1976 oant 1982 siet er yn de redaksje fan Trotwaer, syn wichtichste bydragen wiene literêre kritiken, artikels oer Obe Postma en Douwe Tamminga en in tal gedichten.

Yn 1984 ferskynde it debút fan Geart fan der Mear: Skûl by hanklit. De bondel waard troch de krityk goed ûntfongen. De tema's út de earste bondel kamen ek werom yn de twadde bûndel Winterkriik dy't yn 1987 ferskynde. De bondel befettet 25 sonnetten.

Yn 1963 begûn er oan in stúdzje Ingelsk yn Grins, fan 1970 oant 2009 wie er dosint Ingelsk oan de universiteit. Tusken 1985 en 1990 wie er wurksum as dosint oan it Frysk Ynstitút. Yn 1985 promovearre er mei it proefskrift Frisian 'Breaking': Aspects of the Origin and Development of a Sound Change, dat giet oer it taalkundich ferskynsel dat 'brekking' neamd wurdt.

Al foardat Fan der Mear yn 2009 mei pinsjoen gie, wie er al útein set mei it oersetten. Sa hie er it Ingelsktalige libretto fan 'e opera Rixt (1989) al ferfryske. No koe er dwaande mei grutte wurken út de literatuerskiednis, dêr't er lykwols al mei begûn wie yn 2005. Yn 2009 ferskynde de oersetting fan it op Genesis 1 en 2 basearre epyske gedicht Paradise Lost (1667), fan ien fan de grutte Ingelske dichters, John Milton. It wurdt beskôge as it masterwurk fan Milton, Fan der Mear hat it de titel It Paradys Ferlern, meijûn. It jier dêrop kaam de oersetting fan Tess of the d'Urbervilles fan Thomas Hardy út: Tess fan de D'Urbervilles. Yn 2011 kaam sawol de Fryske as Nederlânske oersetting út fan Idylls of the King fan Alfred Lord Tennyson. It boek bestiet út in searje fan tolve lange, ferheljende gedichten oer kening Arthur en de Ridders fan 'e Rûne Tafel.

Heal 2013 ferskynde Fan der Mear syn oersetting fan Green Earth (as De Griene Ierde), oer in Fyske ymmigrant fan de tredde generaasje yn Iowa. Dy út 1977 datearjende en foar in wichtich part autobiografyske roman waard skreaun troch Frederick Feikema Manfred (1912-1994), dy't sels ek ôfstammet fan Fryske lânferhuzers. It boek jout in nijsgjirrige beskriuwing fan it boerelibben yn dat diel fan 'e Feriene Steaten yn 'e jierren 1912-1929, en teffens fan it fûnemintalistyske kristendom fan 'e haadpersoan, dêr't er him stadichoan fan losmakket. Nei Dit Is it Jier (1967), destiids oerset troch Klaes Dykstra, wie dit de twadde yn it Frysk ferskynde roman fan Manfred, dy't oait syn skriuwerslibben begûn as Feike Feikema.

Ek yn 2013 ferskynde Fan der Mear syn Fryske oersetting fan The Time Machine (1895) fan H.G. Wells (1866-1946) as De Tiidmasine. Dat is in boek dat ferskate kearen ferfilme is en wêrmei't Wells himsels ta ien fan 'e grûnlizzers it science fiction-sjenre makke. Neitiid wurke Fan der Mear goed oardel jier oan syn mânske oersetting fan David Copperfield (1850), fan Charles Dickens (1812-1870), dy't yn 2015 útkaam. Ek dat boek is al in oantal kearen ferfilme, en kin grif foar ien fan 'e bekendste literêre wurken fan 'e njoggentjinde iuw oanmurken wurde.

Yn 2017 is fan him ferskynd, tegearre mei Tineke Steenmeijer-Wielenga, it twillingboek Obe Postma, In libben dat bloeide nei syn aard Ljouwert, 2017, Elikser. It earste diel, fan de hân fan Tineke Steenmeijer-Wielenga, giet oer it libben fan Postma, wylst it twadde diel fan Van der Meer seis 'lêsferslaggen' befettet oer de poêzij fan Postma. Fierder steane der stúdzjes fan him yn oer Postma syn oersettingen fan Emily Dickinson en Rainer Maria Rilke. As lêste ek noch in koart stikje oer in fertaald sonnet fan Edna St. Vincent Millay.

  • 1984 – Skûl by Hanklit
  • 1987 – Winterkriik (eigen behear)
fan boeken
fan lieten
2013/2014 in tal oersettings fan lietteksten (sykje op "Geart")

Galery fan omslaggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: