De Fal fan Camelot

Ut Wikipedy
De Fal fan Camelot
algemiene gegevens
oarspr. titel Idylls of the King
auteur Alfred Lord Tennyson
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre gedichtesyklus
1e publikaasje 1856-1885
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fal fan Camelot
publikaasje 2011, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 08 95 43 042

De Fal fan Camelot, yn it oarspronklike Ingelsk: Idylls of the King, is in syklus fan tolve ferheljende gedichten fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Ingelske dichter Alfred Lord Tennyson (1809-1892). Yn 'e gedichten wurdt de leginde fan kening Arthur op 'e nij ferteld, mei syn ridders fan 'e Rûne Tafel en syn tsjoender Merlyn, syn leafde foar Guinevere, har tragyske ferrie en oerhoer mei Lancelot, en de opkomst en ûndergong fan Arthur syn keninkryk. Idylls of the King, wêrfan't de ôfsûnderlike gedichten tusken 1856 en 1885 publisearre waarden, wurdt faak beskôge as in allegory fan 'e maatskiplike konflikten yn it Fiktoriaanske Grut-Brittanje. De Fryske oersetting fan Geart fan der Mear kaam út yn 2011.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tennyson basearre syn Arthursyklus fierhinne op it klassike Le Morte d'Arthur, fan sir Thomas Malory, en op 'e Ier-Midsiuwske Welske Mabinogion, al foege er dêr eigen eleminten oan ta en wreide er guon passaazjes út. Ek feroare er hjir en dêr wat, lykas it lot fan Guinevere, dy't by Malory feroardiele wurdt om libben ferbaarnd te wurden, mar dan rêden wurdt troch Lancelot; yn Idylls of the King flechtet hja nei in kleaster, kriget ferjeffenis fan Arthur en dêrnei berou en bliuwt oan har dea ta yn it kleaster.

Tennyson hat desennialang oan Idylls of the King wurke, en de gedichten dy't úteinlik it gehiel opmakken, kamen dan ek net tagelyk út. Al yn 1835 wied er úteinset mei in Arthurleginde, dy't er sels seach as de oanset ta in grut wurk. Dat Arthurferhaal ferskynde yn 1842 ûnder de titel Morte d'Arthur. De ûntfangst wie lykwols net goed en sadwaande liet er it projekt neitiid mear as tsien jier rêste. In oanpaste en útwreide ferzje fan Morte d'Arthur soe úteinlik oan Idylls of the King tafoege wurde as it slotdicht, The Passing of Arthur. Pas yn 1859 waard de bondel The Idylls of the King publisearre, mei dêryn de gedichten Enid (letter midstwa spjalte ta The Marriage of Geraint en Geraint en Enid), Vivien, Elaine en (it letter noch útwreide) Guinevere. Yn 1869 folge in oare bondel, The Holy Grail and Other Poems, dêr't The Coming of Arthur, The Holy Grail, Pelleas and Ettare en The Passing of Arthur ta hearden. The Last Tournament waard yn 1871 publisearre yn Contemporary Review. Gareth and Lynette kaam it jiers dêrop út, en de samling Tiresias and Other Poems, út 1885, befette de lêste idylle, Balin and Balan.

De gedichten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yndieling fan 'e ôfsûnderlike gedichten fan 'e syklus is sa (de Frysktalige nammen binne oernommen út 'e Fryske oersetting fan Geart fan der Mear):

  • The Coming of Arthur (De Komst fan Artur)
  • Gareth and Lynette (Gareth en Linet)
  • The Marriage of Geraint (It Houlik fan Gereent)
  • Geraint and Enid (Gereent en Enid)
  • Balin and Balan (Balin en Balan)
  • Merlin and Vivien (Merlyn en Vivien)
  • Lancelot and Elaine (Lanselot en Eleen)
  • The Holy Grail (De Hillige Graal)
  • Pelleas and Ettare (Pelleas en Etar)
  • The Last Tournament (It Lêste Toernoai)
  • Guinevere (Ginevra)
  • The Passing of Arthur (Arturs Ofreis)

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Coming of Arthur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arthur wurdt te Camelot ta kening kroane en komt koarte tiid letter kening Leodogran fan Cameliard te help. Nei't er dy syn fijannen ferslein hat, freget er Leodogran om him syn dochter Guinevere ta frou te jaan. Lancelot wurdt stjoerd om Guinevere nei Camelot te begelieden.

Gareth and Lynette[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arthur syn omkesizzer Gareth reizget yn momkape nei Camelot ta, dêr't er in hoart as kokenjongen tsjinnet, mar úteinlik komt út wa't er is en dan wurdt er troch syn omke ta ridder slein. As Lynette, in sjegrinige jonkfrouwe wa har suster finzen holden wurdt, Arthur om 'e help fan Lancelot freget, kriget se ynstee de jonge Gareth mei, dy't himsels nettsjinsteande har tsjinakseljen op dizze kweeste bewiist.

The Marriage of Geraint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste geroften oer de oerhoer fan Lancelot en Guinevere geane oan it hof, en Geraint, de foarst fan Devon en ien fan Arthur syn fazallen, rekket dertroch obsedearre dat syn eigen frou Enid him ek bedraacht. Hy nimt har mei nei hûs en bewekket har dei en nacht, mar lit syn foarstedom fertutearzje, sadat men al gau de gek mei him hat. Om him te bewizen set er ôf op in kweeste mei inkeld syn frou as selskip.

Geraint and Enid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op harren reis docht Enid der alles oan om ta fermoedsoening mei har man te kommen en kear op kear rêdt se syn libben, mar Geraint leit al har dieden ferkeard út en bliuwt like oergeunstich en sjegrinich. Mar as se finzen nommen wurde troch in rôfridder hâldt Geraint him dea en dan merkt er dat Enid, dy't mient dat er omkommen is, om him skriemt. Pas dan leaut er al har betsjûgings fan leafde. Nei't se tegearre ûnkommen binne, komt alles wer goed.

Balin and Balan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arthur syn ridder Balan giet út om in demon yn it wâld te bejeien, wylst syn opljeppene broer Balin oan it hof bliuwt. Mar as Balin yn in opwâling fan razernij immen deadocht, flechtet er it wâld yn, dêr't er Vivien tsjinkomt. Dy fertelt him dat Guinevere Arthur bedraacht mei Lancelot. Balin wurdt dan sa breinroer dat er it útraast. Balan heart dy skriklike skreau en tinkt dat er de demon einlik fûn hat. Te let kenne de beide bruorren inoar wer en Balan stjert oan 'e wûnen dy't Balin him tabrocht hat.

Merlin and Vivien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjoede Vivien kringt it hof fan Arthur binnen en as se de kening sels net ferliede kin, ferliedt se syn tsjoender Merlyn. Se ûntfytmannet him in tsjoendersspreuk, dy't se daliks tsjin him brûkt, sadat er foar ivich finzen rekket yn in holle ikebeam.

Lancelot and Elaine[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lancelot nimt yn momkape diel oan in toernoai en draacht dêrby de kleuren fan Elaine fan Astolat. De de naïve jonkfrouwe wurdt smoarfereale op him en as Lancelot har neitiid útleit dat harren leafde neat wurde kin, winsket se dat se dea wie. Dêrop rekket se yn 'e minnichte en stjert.

Kening Arthur en Merlyn op in yllústraasje fan Gustave Doré.

The Holy Grail[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ridders fan 'e Rûne Tafel dogge yn ôfwêzigens fan Arthur in eed om op 'e siik nei de Hillige Graal te gean, mar inkeld Galahad kriget dy te sjen, wylst Percivale en Lancelot de beiden in glimp fan opfange. De oaren sykje om 'e nocht. Lang om let keart mar in restant fan 'e ridders werom; de syktocht nei de Hillige Graal stiet symboal foar it ûndergean fan 'e Rûne Tafel, wat ien fan 'e wichtichste redens is foar de fal fan Camelot.

Pelleas and Ettare[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jonge ridder Pelleas rekket fereale op 'e frouwe Ettare, mar dy wol neat fan him witte. De ridder Gawain, dy't de reputaasje hat in rokkejager te wêzen, biedt Pelleas oan om yn syn plak (en mei sletten fizier) Ettare it hof te meitsjen, en Pelleas stimt ta. As er nei trije nachten noch neat fan Gawain heard hat, giet er it kastiel fan 'e frouwe yn en fynt har dêr sliepend yn Gawain syn earms. Pelleas lit syn swurd lizzend oer harren kielen efter, ta teken dat er harren deadzje kinnen hie mar it net dien hat. Dan wurdt Ettare einlings fereale op him, mar it is te let en hja kwynt fuort. Pelleas ferlit Arthur syn hof as in desyllúzjonearre man en wurdt de tsjoede Reade Ridder fan it Noarden.

The Last Tournament[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst Arthur en it meastepart fan syn ridders fuort binne om mei de Reade Ridder fan it Noarden ôf te weven, nimt Lancelot de lieding oer in toernoai oer, dat dêrop ferwurdt ta in farse fan ûnhoaskens, brutsene regels en misledigings. Tristram wint it toernoai en wol de priis, in robinen halskeatling, oan Isolt, de keninginne fan Cornwall en frou fan kening Mark jaan, mar op it stuit dat er dat docht, slacht Mark him dea.

Guinevere[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De românse tusken Guinevere en Lanselot komt einlings en te'n lêsten oan it ljocht, en Guinevere naait út nei it kleaster Almesbury, dêr't se heart oer de oarloch tusken Arthur en Lancelot en hoe't Modred de troan grypt. Arthur komt yn Almesbury oan en ferjout har; as se sjocht hoe't er fuortgiet, kriget se berou. Hja bliuwt oant har dea yn it kleaster en wurdt der letter abdisse.

The Passing of Arthur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jammerdearlike lêste slach deadet Arthur Modred, mar rekket dêrby sels deadlik ferwûne. Alle ridders fan 'e Rûne Tafel binne omkommen, útsein de ridder Bedivere, dy't de kening nei in tsjerke ta bringt te Avalon. Dêr twingt Arthur Bevidere om syn swurd Excalibur werom te jaan oan 'e Frouwe fan 'e Mar. Dan stjert er.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Idylls of the King ferskynde yn 2011 ûnder de titel De Fal fan Camelot by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Geart fan der Mear, dy't it boek ek fan in ynformative ynlieding foarseach. Dêryn leit er û.m. út dat er guon fan 'e nammen ferfryske hat; Arthur staveret er bgl. as "Artur", Lancelot as "Lanselot" en Elaine as "Eleen". Guinevere (mei de klam op it earste wurdlid) hat er "Ginevra" (de Italjaanske foarm fan 'e namme, mei de klam op it twadde wurdlid) fan makke, om't him dat metrysk better útkaam.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.