Obe Postma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Obe Postma
Fotograaf: A. S. Weinberg, Grins

Obe Piters Postma Koarnwert 29 maart 1868 - Ljouwert, 26 juny 1963 wie in Fryske dichter, natuerkundige (learaar) en amateur-histoarikus. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste 20e ieuske Fryske dichters, ek bûten Fryslân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libben en wurk

Postma, hikke en tein op de pleats fan syn âlden, Pieter Obes Postma en Sijbrigje Tjeerds Rinia, gie nei it Stedelijk Gymnasium yn Snits en studearre fan 1886 ôf wis- en natuerkunde yn Amsterdam. Hy wurke as dosint wiskunde yn Tiel en Tilburch en nei 1894 oan de Ryks-HBS yn Grins. Hy promovearre yn 1895. Syn debút as dichter makke er yn 1902 yn it tydskrift Forjit my net.

Nei syn pensjoen yn 1933 ferfarde er nei Ljouwert, dêr't er in protte skreau oer it Fryske lân en har bewenners troch alle tiden, nei ynbannich ûndersyk yn it doetiidske Ryksargyf yn de Kanselarij te Ljouwert. Neist skiednis hie er ek in soad niget oan natuer en fral lânbou.

Pleats by Koarmwert dêr't Postma berne is.

Postma hat him as earste yn Fryslân weage oan it saneamde 'frije fers' wêryn rym en fêst metrum loslitten wurde.

Postma wie tige befreone mei professer Tsjitse de Boer. Yn in pear gedichten oan him wijd liket der sprake te wêzen fan in homo-eroatysk fielen. Postma hat net troud west. Kaaiwurden yn syn wurk: freon, freonskip, mienskip.

Hy stoar op syn 95ste yn in sikehûs te Ljouwert en leit begroeven op it tsjerkhôf fan Koarnwert. Op syn sark stiet: "Dichter fan it Fryske lân".

Yn 1984 is troch Deputearre Steaten in literatuerpriis foar oersetters ynsteld, dy't nei him neamd is, de Dr. Obe Postmapriis.

[bewurkje seksje] Bibliografy

[bewurkje seksje] dichtbondels

  • Fryske Lân en Fryske libben (1918)
  • De ljochte ierde (1929)
  • Dagen (1937)
  • Gedichten fan Rilke (1933) - oersettingen
  • It sil bestean (1947)
  • Samle Fersen I en II (1949)
  • Fan wjerklank en bisinnen (1957)
  • Eigen kar (1963) - blomlêzing

[bewurkje seksje] skiedkundich wurk

  • Publikaasje oer de HBS yn Grins (1916)
  • Een Fries dorp in 1546 (1918) - oer Koarnwert
  • De Friesche kleihoeve. Bijdrage tot de geschiedenis van den cultuurgrond vooral in Friesland en Groningen (1934)
  • De fryske boerkerij en it boerelibben yn de 16e en 17e ieu (1937)
  • It Fryske doarp as tsjerklike en wrâldske ienheid foar 1795 (1941)
  • Tsientallen artikels yn 'De Vrije Fries' en 'It beaken'. (bygelyks: Verdronken plaatsen aan de westkust van Friesland, Oer it Fryske libben fan troch 'en dei yn 16e en 17e ieu (1955) en De begrenzing van de Middelzee)[1]
  • Obe Postma wurke mei oan de 'Geschiedenis van de Friese Landbouw' (1952)

[bewurkje seksje] Essays/oar wittenskiplik wurk:

  • 'eIets over uitstraling en opslorping (proefskrift) (1895)
  • Het meten, een kennistheoretische studie (1903)
  • De Fryske boerkerij om 1600 hinne (lêzing) (1929)

[bewurkje seksje] Oer him en syn wurk

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Sjoch it webstee fan it Obe Postma Selskip: http://www.obepostma.nl.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel: Obe Postma als historisch onderzoeker, Ljouwerter Krante, 18 novimber 2009. Side 19
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen