Emily Brontë

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Emily Brontë

Emily Jane Brontë (Thornton, 30 july 1818Haworth, 19 desimber 1848) wie in Britske romanskriuwster. Sy wie ien fan de trije Brontë-susters. Har susters binne Charlotte Brontë en Anne Brontë. Hja publisearre ûnder it manlik pseudonym Ellis Bell. Har ienichste roman Wuthering Heights wurdt algemien beskôge as ien fan de wichtichste romans fan de 19e ieu. De roman is in pear kear ferfilme.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Emily Brontë waard berne yn Thornton, ûnder Bradford yn Yorkshire, as dochter fan Patrick Brontë en Maria Branwell. Se wie de jongere suster fan Charlotte Brontë en de fyfde fan seis bern. Yn 1824 ferfarre de húshâlding nei Haworth, dêr't Emily's heit dûmny wie, en yn dy omkriten kaam hat literêre talint ta bloei. Yn harren bernejierren, nei de dea fan harren mem, skepen de trije susters en harren broer Patrick Branwell Brontë optochte lannen, dêr't de ferhalen dy't hja skreaunen har ôfspilen. Fan Emily is hast gjin wurk út dy peroade bewarre bleaun, útsein troch personaazjes útsprutsen gedichten. (The Brontës' Web of Childhood, Fannie Ratchford, 1941).

Yn 1838 gie Emily oan'e gong as gûvernante oan Miss Patchett's Ladies Academy yn Law Hill School, by Halifax, mar nei seis moanne waard hja sa ûnwennich dat se der mei ophâlde moast. Letter gie se mei Charlotte nei in privee-skoalle yn Brussel dy't laat waard troch Constantin Heger en syn wiif, Claire Zoë Parent Heger. Ek hawwe se tegearre besochht om thús in skoalle te begjinnen, mar se hiene gjin learlingen.

It wie Charlotte dy't Emily hat poëtysk talint ûntduts. Dat foarme de oanlieding ta it útjaan fan harren gedichten yn 1846, yn ien bondel, Poems by Currer, Ellis, and Acton Bell. Om de foaroardielen tsjin froulike skriuwers foar te wêzen namen de susters manlike foarnammen oan. Alletrije hâlden sy harren inisjalen: Charlotte waard Currer Bell, Anne hjitte no Acton Bell en Emily waard Ellis Bell.

Yn 1847 publisearre hja har iennichste roman, Wuthering Heights, yn twa dielen fan in bân mei trije dielen (it lêste diel waard foarme troch Agnes Grey fan har suster Anne). De nije sruktuer fan it boek brocht de kritisy in bytsje yn betiezing. Hoewol't it boek yn it earstoan mingde kritiken krige, waard it ferfolgens dochs in Ingelske literêre klassiker. Yn 1850 redigearre Charlotte de roman en brocht it as selstannich boek út ûnder Emily har wiere namme.

Portret Constantin Heger (1865), learaar fan Emily en Charlotte yn Brussel yn 1842

Emily's sûnens en dy fan har susters, hie te lijen fan de hurde omstannichheden sawol thús as op skoalle. Op de begraffenis fan har broer, it wie septimber, skipe hja kjelt dat laat hawwe soe ta tuberkuloaze. Emely wegere medyske help en stoar op 19 desimber 1848 middeis om twa oere hinne. Hja waard byset yn de Sint Michael Tsjerke te Haworth, West Yorkshire.

Fierder lêze[bewurkje seksje | edit source]

  • Emily Brontë, Charles Simpson
  • In the Footsteps of the Brontës, Ellis Chadwick
  • The Oxford Reader's Companion to the Brontës, Christine Alexander & Margaret Smith
  • The Brontë Myth, Lucasta Miller
  • Emily, Daniel Wynne
  • Emily Brontë, Winifred Gerin
  • A Chainless Soul: A Life of Emily Brontë, Katherine Frank
  • Emily Brontë. Her Life and Work, Muriel Spark en Derek Stanford (1953).
  • The Crimes of Charlotte Bronte, James Tully, 1999- hjir wurd sein dat Charlotte har suster Emily fergiftige hat....
  • 'De lach van Schreck', haadstik 'Het geraamte in de kast', Mensje van Keulen (1991). Oer in mooglike ynspiraasjeboarne foar Wuthering Hights.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]