Brekking (taalkunde)

Ut Wikipedy

Brekking is in taalkundich ferskynsel wêrby't in fokaal fan klank feroaret.

Yn it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brekking nimt in wichtich plak yn 'e grammatika fan it Frysk yn. Der besteane trije farianten fan:

  • de âldere brekking (of Aldfryske brekking), dy't yn 'e Midsiuwen plakfûn en derfoar soarge hat dat wurden as "rjocht" en "wjek" yn it Frysk in j-klank hawwe, wylst dy yn bgl. it Nederlânske recht en wak ûntbrekt.
  • de nijere brekking (of Nijfryske brekking), dy't him pas om 1820 hinne oppenearre, en dy't as ien fan 'e skaaimerken fan it Nijfrysk beskôge wurdt. Hjirby beheinde de brekking him ta ferbûgings, lykas yn "beam" > "beammen" en "doas" > "doaske".
  • de Dongeradielster brekking, wêrmei't it Noardhoeksk him fan 'e oare Fryske dialekten ûnderskiedt, en dy't derfoar soarge hat dat yn it noardeasten fan 'e provinsje wurden as "bûse", "bûter" en "mûle" útsprutsen wurde as buosse, buotter en muolle. Dizze lêste brekkingsfoarm makket gjin diel út fan it Standertfrysk.

Ien fan 'e skaaimerken dêr't it Hylperske dialekt him mei ûnderskiedt fan it Standertfrysk, is dat net ien fan 'e neamde brekkingsfoarmen him dêryn foardien hat. Ek mûljearring is in foarm fan brekking, hoewol't dat ferskynsel yn it Standertfrysk ornaris as in spraakgebrek beskôge wurdt.

Yn oare talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferskynsel brekking komt ek yn oare talen foar. Sa bestie it histoarysk ek yn it Aldingelsk en it Midingelsk, de foarmen fan 'e Ingelske taal dy't it Aldfrysk it neist wiene. Yn it moderne Ingelsk komt it benammen foar yn twa dialekten fan it Amerikaansk-Ingelsk: it Súdlik Amerikaansk-Ingelsk, dat yn it Suden fan 'e Feriene Steaten sprutsen wurdt, en it dêr nau oan besibbe Afro-Amerikaansk-Ingelsk, dat sprutsen wurdt troch in grut diel fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip. Yn dy dialekten hawwe foarlûden in healfokaal (yn dit gefal in j-klank) ûntwikkele, dy't yn guon gebieten dan wer omleech giet nei in sjwa of stomme e. Wurden as pat (Standertingelske útspr.: [pæt]), pet ([pet]) en pit (pɪt]) wurde dan útsprutsen as [pæjət], [pɛjət], resp. [pɪjət]. (Soks is bygelyks tige dúdlik te belústerjen as men nei de útspraak harket fan 'e swarte patolooch-anotoom Curtis Brumfield, spile troch de akteur Windell Middlebrooks, yn 'e Amerikaanske plysjesearje Body of Proof.)

Ek talen as it Skotsk-Gaelysk, it Fêreusk, it Aldnoarsk en it Kebekaansk-Frânsk hawwe foarmen fan brekking.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Blom, Gosse, Hylper Wurdboek, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 16 055.
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Dijkstra, F.B., Stavering, Ljouwert, 1991 (Afûk), ISBN 9 06 27 34 537.
  • Duijff, Pieter, Fries en Stadsfries, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.