Ype Baukes de Graaf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ype Baukes de Graaf
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ype Baukes de Graaf
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 10 augustus 1812
of earne yn 1813
berteplak Warkum (Fryslân)
stoarn 23 maart 1860
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
berop/amt havenarbeider, dykwurker
reden
  bekendheid
lêste persoan yn Fryslân
   dy't de deastraf krige

Ype Baukes de Graaf (Warkum, 10 augustus 1812[1] of [ûnbekende datum] 1813[2][3]Ljouwert, 23 maart 1860)[1][2][2] wie de lêste persoan yn Fryslân dy't de deastraf krige.[1][2][3] Hy groeide yn earmoede op yn Warkum en rekke al as opslûpen jonge op it ferkearde paad.[3] Hast de helte fan syn libben siet er yn it tichthûs.[3] Hy krige in relaasje mei Aafke Monsma, mei wa't er achttjin jier skeelde.[3] Doe't sy op in stuit fan him ôf woe, koed er dat net sette en stiek er har dea.[1][3] Dêrfoar waard er ta de dea feroardiele en ophongen op it Saailân yn Ljouwert.[1][2][3] Ype Baukes de Graaf wie de lêste yn fredestiid ta de dea feroardiele persoan yn Fryslân.[1][2][3] In jier letter waard de lêste deastraf yn Nederlân útfierd.[1] Op 18 maaie 1870 is de deastraf yn Nederlân ôfskaft.[1]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Graaf waard yn 1812 of 1813 berne yn Warkum, as it fjirde bern yn 'e húshâlding fan Bauke Arjens de Graaf en dy syn frou Weltsje Jâns Timmermans.[3] Hy groeide op yn syn berteplak, dêr't syn âldelju en harren bern wennen yn 'e Hongaresteech efter it Dwarsnoard,[3] yn in hûs dat eigendom wie fan 'e pleatslike parochy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en dat se dielden mei trije oare húshâldings.[3] De Graaf rekke al as opslûpen jonge op it ferkearde paad en waard mei achttjin jier foar ferskate gefallen fan dieverij feroardiele ta twa jier yn it tichthûs.[3] Dy finzenisstraf wie de earste fan in hiele rige. Yn totaal brocht De Graaf 22 fan syn 47 libbensjierren efter de traaljes troch.[3] Nei't er út it tichthûs kommen wie, sette er him nei wenjen yn Harns, dêr't er wurk fûn as 'sjouwerman' (havenarbeider) en dykwurker.[3]

Lettere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1847 fûn yn Harns it Jirpeloproer plak, wêrby't in kliber hongerige Harnzers in steamboat fol jirpels bestoarme. De Graaf wie dêrby belutsen en waard neitiid foar ferskate misdriuwen feroardiele.[3] Yn in tiid dat liifstraffen noch hiel normaal wiene, waard er op it Saailân yn Ljouwert mei in strûpe om 'e hals ôfseame mei in 'bollepyst' (de drûge penis fan in slachte bolle).[3] Ek krige er as ûnderdiel fan 'e bestraffing in brânmerk op 'e mûs fan ien fan syn hannen set mei in gleonhjit brânizer. Dat brânmerk bestie út 'e letters "TP", dat stie foar Travaux Perpétuels, "ivige twangarbeid".[3] Doe't De Graaf neitiid wer alderhanne misdriuwen begie, waard him in selde brânmerk yn 'e mûs fan syn oare hân baarnd.[3]

Om 1850 hinne kaam De Graaf op 'e merke yn 'e kunde mei de folle jongere Aafke Monsma, dy't ôfkomstich wie út 'e Harnzer Bargebuert.[3] Dat wie yn dy tiid wat tsjintwurdich in efterstânswyk neamd wurde soe. Hja krigen in relaasje en wennen trije jier gear sûnder te trouwen. Hoewol't dat yn dy tiid in grut skandaal wie, kaam it nea fan in houlik, want dêr hiene se it jild net foar, en De Graaf fûn soks boppedat ek nearne foar nedich.[3] Hy en Aafke krigen twa bern,[1][3] in dochter, Tjietske, en in soan, Jan, dy't lykwols net âlder waard as njoggen moannen.[3]

De Graaf hie oan Aafke ûnthjitten om op it rjochte paad te bliuwen. It is ûnbekend oft er dat no nea miend hie, of dat er der troch omstannichheden ta brocht waard syn wurd te brekken, mar feit is yn elts gefal dat er him der úteinlik net oan hold.[3] Koart nei't it ferstjerren fan 'e lytse Jan waard De Graaf, yn 1854, oppakt foar it stellen fan jirpels fan boere-arbeider Oane Zeinstra út Mullum.[3] Foar de rjochter oer ferklearre De Graaf dat er dêrta kommen wie "út grutte earmoede en gebrek."[3] Dat joech him lykwols neat, en hy waard feroardiele ta in iepenbiere giseling op it Saailân folge troch fiif jier finzenisstraf.[3]

Nei't er yn maaie 1859 frijlitten wie, reizge De Graaf mei it trekskip werom nei Harns.[3] Hy hie wol foar it ferstân dat er net samar by Aafke oankomme koe, dat yn pleats dêrfan socht er in sliepplak by in kammeraat. Doe't dy dúdlik makke neat mear mei him te krijen hawwe te wollen, wie De Graaf twongen om ûnderdak te sykjen yn it pleatslik 'sliepstee', de mienskiplike oernachtingsromte foar dakleazen oan it Molepaad.[3] Koart nei syn weromkear socht De Graaf kontakt mei Aafke, dy't ûnder syn finzenskip sels de kost winne moatten hie foar harsels en harren dochterke. Hy beprate har om him in nije kâns te jaan, en mei syn trijen loeken De Graaf, Aafke en Tjietske dêrnei yn by in broer fan De Graaf, yn in wente efter de Grutte Tsjerke.[3]

Nei ferrin fan tiid betocht Aafke har lykwols en loek se mei har dochter ynstee yn by in freondinne, de breidster Popkje de Jager.[3] De Graaf liet de moedfearren net hingje, mar socht har op om har oer te heljen en kom werom. Doe't Aafke dêr neat fan witte woe, helle er in mês foar 't ljocht, dêr't er har mei bedrige.[3] Kjel ûnthiet Aafke doe by him werom te kommen, mar doe't er ôfset wie, makke se ynstee in ôfspraak by de plysje om oanjefte tsjin him te dwaan.[3] Doe't De Graaf dêr lucht fan krige, besleat er har om te bringen. Neffens it offisjele arrest fan it gerjochtshôf soed er tsjin Murk Jâns, in kammeraat fan him, sein hawwe dat er gjin hope mear hie om Aafke weromwinne te kinnen, "mar dat it dan syn ûngelok of harres wurde soe."[3] De Graaf slipe syn mês oan in sânstien,[1][3] eat dat letter as bewiis oanfierd wurde soe dat er syn die willensmoeds, en net yn 'e hite hei, begien hie.

Moard op Aafke Monsma[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moarns ier op sneon 3 septimber 1859[1][3] gie De Graaf nei de jirpelmerk,[3] dêr't Aafke doe te finen wie om't se sjouwurk[1] die troch, as oanfolling op har haadbestean as arbeidster, sekken jirpels by de minsken thús te besoargjen.[3] Op 'e hoeke fan 'e Spekmerk en de Skritsen konfrontearre er har op ljochtskyndei en yn it folle sicht fan ferskate tsjûgen.[3] Hy spriek har oan, mar se woe neat mear fan him witte en joech him yn net mis te fersteane bewurdings te kennen dat er him ôfjaan moast.[1][3] De Graaf sei doe neffens de tsjûgen: "Aafke tinke der goed om..."[3] (letter foar de rjochtsaak oerset yn it Nederlânsk as: "Aafke, beraad je...").[1] Dêrop helle er syn mês foar 't ljocht en stiek sân kear op Aafke yn.[1][3] Syn motyf wie, neffens it arrest, dat er "it tinkbyld net ferdrage koe dat in oar him mei Aafke ferbine soe."[3]

Ien fan 'e tsjûgen wie in Jelte Doekes van der Leij, dy't de lûdroftige konfrontaasje tusken De Graaf en syn slachtoffer hearde en seach hoe't er op har ynstiek.[3] Doe't Van der Leij op harren ta draafde, naaide De Graaf út. Van der Leij tsjûge letter dat er derby west hie doe't Aafke op 29-jierrige leeftyd har lêste siken útblies mei de wurden: "Ik leau dat ik blied. Myn earm bern, myn earm bern."[3] De Graaf ûnflechte de stêd, mar waard in dei letter oppakt.[1] Ut 'e ferhearren die bliken dat er ek noch fan doel west hie om harren dochterke om te bringen en himsels tekoart te dwaan.[1] Dochter Tsjietske bedarre neitiid yn it weeshûs,[3] wylst Aafke ûnder grutte publike belangstelling begroeven waard.[3]

Berjochting en eksekúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de flot folgjende rjochtsaak easke de prokureur-generaal, mr. Adolph Ypeij, op 7 novimber 1859, foar de moard op Aafke Monsma de deastraf tsjin De Graaf.[3] Fiif dagen letter, op 12 novimber, die rjochter jhr. mr. Helenus Marinus Speelman Wobma útspraak en waard De Graaf yndie ta de dea troch ophinging feroardiele.[1][2][3] Yn it arrest fan it gerjochtshôf stie dat Speelman Wobma ta syn beslút kommen wie troch rekken te hâlden mei de earnst fan it misdriuw en ek mei De Graaf syn kriminele ferline.[3] De Graaf gie neitiid yn kassaasje by de Hege Ried, mar dat waard op 4 jannewaris 1860 ferwurpen.[3] Doe't in pear moanne letter ek it fersyk om graasje oan kening Willem III ôfwiisd waard, wiene der foar De Graaf gjin mooglikheden mear om it deafûnis te ûntrinnen.[3]

Op 22 maart krige De Graaf te hearren dat er noch mar in etmiel te libjen hie.[3] Hy bleau der, neffens de berjochten yn 'e doetiidske kranten, hiel kalm ûnder.[3] Dy nachts sliepte er bêst en de oare moarns, op 23 maart, de deis fan syn dea,[1][3] moast er sels wekker makke wurde troch in sipier.[3] Hy smookte inkele sigaren en liet him it galgemiel fan jirpels, fleis en snijbeane goed smeitsje.[3] Hy waard oerbrocht nei it Paleis fan Justysje, dêr't er troch de efterdoar deryn brocht waard, sadat er de galge net sjen soe dy't foar him op it Saailân boud wie.[3] Op it plein seach it swart fan 'e minsken dy't soms fan hein en fier kommen wiene om 'e eksekúsje by te wenjen.[3] In grutte kliber folk wie der sadwaande tsjûge fan dat De Graaf nei de galge ta laat en ophongen waard.[2][3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hallem, A., Moard yn Harns op 3 septimber 1859 – Ype Baukes de Graaf: De Lêste dy't yn Fryslân Ophongen Waerd, 1959

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Graaf, Ype Baukes de. .
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1057..
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 3,11 3,12 3,13 3,14 3,15 3,16 3,17 3,18 3,19 3,20 3,21 3,22 3,23 3,24 3,25 3,26 3,27 3,28 3,29 3,30 3,31 3,32 3,33 3,34 3,35 3,36 3,37 3,38 3,39 3,40 3,41 3,42 3,43 3,44 3,45 3,46 3,47 3,48 3,49 3,50 3,51 3,52 3,53 3,54 3,55 3,56 3,57 3,58 Koen, Wietske, Met snijboontjes in de buik naar de strop, yn: de Ljouwerter Krante, 3 septimber 2019, s. 30-31.