Helenus Marinus Speelman Wobma
Jhr. mr. Helenus Marinus Speelman Wobma, hear fan Heeswijk en Dinther (Den Dungen, 29 oktober 1787 - Ljouwert 20 maart 1867) wie in Nederlânsk jurist.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Speelman Wobma wie in telch út de aadlike famylje Speelman. De twadde efternamme Wobma naam er (voor zijn persoon alleen, dus niet voor zijn kinderen) yn 1806 oan, ûntliend oan syn oantroude omke Jacob Maximiliaan Wobma dy't troud wie mei syn muoike Geertruida Helena Speelman (1749-1791).
Nei syn stúdzje rjochten waard er haad-ûntfanger in Ljouwert. Dêrnei waard er lid fan de rjochtbank. Tusken oktober 1838 en 1845 wie er riedshear. Fan 1845 ôf oan wurke er by it Provinsjaal gerjochtshof yn Fryslân, ynearsten as ficepresidint en fan 1845 ôf oant syn pinsjoen op 1 oktober 1863 as presidint.[1] Yn dy lêste funksje wie ferantwurdlik foar it útsprekken fan de deastraf tsjin Ype Baukes de Graaf, dy't de lêste persoan yn Fryslân wurde soe dy't yn fredestiid eksekutearre waard.
Yn 1813 boaske er oan Antje Hoitinga Cats (Ljouwert, 1789-1826); sy krigen acht bern.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânsk Adelsboek 44 (1951), s. 476.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|