Springe nei ynhâld

West Vancouver

Ut Wikipedy
West Vancouver
Utsjoch op it sintrum fan West Vancouver fanút it westen, by de noardigge fan 'e Burrard-ynham lâns.
Utsjoch op it sintrum fan West Vancouver fanút it westen, by de noardigge fan 'e Burrard-ynham lâns.
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Britsk-Kolumbia
Reg. distrikt Metro Vancouver
Sifers
Ynwennertal 42.473 (2016)
Oerflak 87,26 km²
Befolkingsticht. 486,7 / km²
Stêdekloft Vancouver
Hichte 0 – 1.224 m
Oar
Stifting 1903
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 49°22′00″N 123°10′00″W
Offisjele webside
westvancouver.ca
Kaart
West Vancouver (Britsk-Kolumbia)
West Vancouver
Lizzing yn Britsk-Kolumbia.

West Vancouver is in stêd en distriktgemeente op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It is in foarstêd dy't diel útmakket fan 'e stêdekloft fan Vancouver. West Vancouver wurdt fan 'e stêd Vancouver skaat troch de Burrard-ynham, in fjord dy't út it westen wei djip yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op snijt. Yn 2016 wie de stêd de rykste gemeente fan Kanada. West Vancouver hie yn 2016 goed 42.000 ynwenners.

West Vancouver leit op it Legere Fêstelân, yn it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, oan 'e noardigge fan 'e Burrard-ynham. Dat is in grutte fjord, dy't út 'e Strjitte fan Georgia wei djip yn it fêstelân fan Britsk-Kolumbia op snijt. It grutste part fan West Vancouver leit oan 'e wide mûning fan 'e Burrard-ynham, dy't bekendstiet as de Ingelske Baai. It uterste easten leit oan 'e First Narrows ("Earste Nau"), dêr't de fjord tige fersmellet, en dêr't de First Narrows Bridge, better bekend as de Lions' Gate Bridge, West Vancouver ferbynt mei de stêd Vancouver oan 'e súdigge fan 'e Burrard-ynham.

De lizzing fan West Vancouver (read) yn 'e stêdekloft Vancouver en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia.

Yn it easten grinzget West Vancouver oan it distrikt North Vancouver (net te betiizjen mei de stêd mei deselde namme). De grins folget dêr de rin fan 'e rivier de Capilano. Yn it noarden grinzget West Vancouver oan Squamish. Yn it westen wurdt de stêd begrinzge troch de Howe Sound, in see-ingte tusken it fêstelân fan Britsk-Kolumbia en it eilân Bowen, dy't diel útmakket fan 'e gruttere Strjitte fan Georgia. West Vancouver hat in oerflak fan 87,26 km². De hichte rint útinoar fan seenivo oan 'e kust oant 1.224 m boppe seenivo oan 'e noardgrins, dy't yn it Kustberchtme leit. Mei de beide North Vancouvers foarmet West Vancouver de saneamde North Shore ("Noardkust").

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan 'e krite fan West Vancouver troch de blanken waard it gebiet bewenne troch de Yndiaanske Kust-Salisjaanske folken, dy't der ek hjoed de dei noch tahâlde. Yn 1792 joech de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver in kaap oan 'e westkust fan it hjoeddeistige West Vancouver de namme Point Atkinson. De ûntginning fan West Vancouver begûn yn 1872, en yn 1875 waard de earste fjoertoer op Point Atkinson boud. De earste blanke kolonist sette him lykwols pas yn 1903 yn 'e krite nei wenjen. Dat wie "Navvy Jack" Thomas, in Welske deserteur fan 'e Britske Keninklike Marine, dy't de kost fertsjinne troch in 'feartsjinst' te begjinnen wêrby't er lju oer de Burrard-ynham sett yn syn roeiboat.

Fan 1905 ôf gie it hurd mei de kolonisaasje fan West Vancouver, al hiet dat doe noch net sa. De krite hearde nammentlik sûnt 1891 ta it distrikt North Vancouver. Nei't de stêd North Vancouver him yn 1907 fan it distrikt ôfskate, begûnen der yn West Vancouver stimmen op te gean om fan dy mienskip ek in selsstannige bestjoerlike ienheid te meitsjen. Dat hie noch hiel wat fuotten yn 'e ierde, mar krige úteinlings syn beslach op 15 maart 1912, doe't West Vancouver omtrint 1.500 ynwenners hie. Tsjin dy tiid hie West Vancouver (sûnt 1909) in echte fearpont oer de Burrard-ynham, in eigen wetterlieding (sûnt 1910) en in eigen legere skoalle (sûnt 1911).

Yn 1914 waard West Vancouver fia it distrikt North Vancouver oansletten op it Kanadeeske spoarnetwurk. Yn 1922 krige de stêd elektryske trams, en yn 1927 gie de earste middelbere skoalle, Inglewood High School, iepen. Yn 'e folgjende jierren krige West Vancouver tillefoan (1928) en syn earste jachthaven (1931). Yn 1938 kaam de First Narrows Bridge ree, better bekend as de Lions' Gate Bridge, dy't West Vancouver oer it nau yn 'e Burrard-ynham in lânferbining joech mei Vancouver. Dat makke it paad frij foar in flugge befolkingsgroei yn West Vancouver. Yn 1961 waard it earste flatgebou yn 'e stêd boud, en yn 1962 gie yn West Vancouver it Park Royal Shopping Centre iepen, dat it alderearste winkelsintrum fan Kanada wie. Yn 2010 wie it Provinsjaal Park Cypress, yn West Vancouver, ien fan 'e plakken dêr't de wedstriden yn it ramt fan 'e Olympyske Winterspullen fan Vancouver holden waarden.

Der is yn West Vancouver gjin yndustry, om't dat dêr neffens de Town Planning Act fan 1926 ferbean is.

West Vancouver wie yn 2016 de rykste gemeente fan hiel Kanada. De huzen en apparteminten yn 'e stêd binne oer it algemien grut en djoer. In trochsneed huzepriis lei yn West Vancouver yn 2011 om-ende-by de C$2 miljoen. Fan 'e frijsteande huzen yn 'e stêd binne sa'n 16.000 (oftewol 95%) mear as C$1 miljoen wurdich. It trochsneed ynkommen lei yn 2016 yn West Vancouver foar manlju op C$86.253, en foar froulju op C$48.070. Mear as 80% fan 'e húshâldings hawwe in totaal ynkommen fan mear as C$100.000 yn 't jier.

It West Vancouver Aquatic Centre.

Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2016 hie West Vancouver doe in befolking fan 42.473 minsken, wat in ôfname fan 0,5% sûnt 2011 betsjut, doe't der noch 42.694 ynwenners wiene. De hiele stêdekloft fan Vancouver telde yn 2011 goed 2,3 miljoen ynwenners. De befolkingstichtens yn West Vancouver bedroech yn 2016 486,7 minsken de km².

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan West Vancouver oangiet, dy wie yn 2016 sa: 76,8% blanken; 21,5% Eastaziaten; 8,9% Westaziaten (benammen etnyske Perzen); 2,3% Súdaziaten; 1,6% Súdeastaziaten; 0,6% Latino's; 0,5% Arabieren; 0,2% Yndianen; 0,2% Mety (Métis); 0,2% swarten; 0,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn West Vancouver yn 2011 67,1% fan 'e befolking it Ingelsk as memmetaal spriek. De op ien nei grutste memmetaal yn it distrikt, mei 8,1%, wie it Perzysk. Dêrnei folgen it Sineesk (6,6%, wêrfan Mandarynsk 3,2%), it Dútsk (2,4%), it Koreaansk (2,2%) en it Frânsk (1,3%).

De Lions' Gate Bridge oer it nau yn 'e Burrard-ynham, dy't West Vancouver ferbynt mei Vancouver.

Fierders joech yn 2001 op religieus mêd 29,3% fan 'e ynwenners fan West Vancouver oan ateïst of agnost te wêzen, wylst 17,5% anglikaansk wie, 17,5% ta de feriene protestantske United Church of Canada hearde, 13,5% lid wie fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, en 5,9% út moslims bestie.

West Vancouver hat in seeklimaat, mei oangenaam waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis omtrint 23 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat omtrint 7 °C. De stêd kriget jiers trochinoar 1.830 mm delslach, mei dêrûnder goed 1.800 mm rein en oer it hiele winterhealjier ferdield sa'n 25 sm snie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.