Legere Fêstelân

Ut Wikipedy
Legere Fêstelân
Lower Mainland
It lânskip yn 'e Delling fan 'e Fraser.
It lânskip yn 'e Delling fan 'e Fraser.
polityk
soarte gebiet geografyske en
   kulturele regio
lân Kanada
provinsje Britsk-Kolumbia
regio Kust fan Britsk-Kolumbia
grutste plak Vancouver
sifers
ynwennertal 2.966.830 (2021)
oerflak 31.368,2 km²
befolkingstichtens 94,5 / km²
oar
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
koördinaten 49°05′ N 122°21′ W
kaart
It lânskip yn 'e Delling fan 'e Fraser.
De lokaasje fan it Legere Fêstelân yn Britsk-Kolumbia.

It Legere Fêstelân (Ingelsk: Lower Mainland) is in geografyske en kulturele regio yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. It omfettet de stêdekloft fan Vancouver en de Delling fan 'e Fraser. Anno 2021 wennen der krapoan 3 miljoen minsken, wat delkomt op likernôch 60% fan 'e hiele befolking fan Britsk-Kolumbia.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de term 'Legere Fêstelân' al yn dokumintearre gebrûk is sûnt de ierste perioade fan 'e kolonisaasje fan Britsk-Kolumbia yn 'e njoggentjinde iuw, is it gjin offisjeel toponym, en sadwaande binne de grinzen wat dizenich. Yn it westen en suden steane de begrinzgings yn elts gefal fêst: yn it westen wurdt de krite ôffrede troch de Strjitte fan Georgia, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Stille Oseaan, wylst it gebiet yn it suden trochrint oant de grins mei de Feriene Steaten. Yn it noarden giet men almeast út fan West Vancouver en dêrwei in line skean nei it noardeasten it lân yn nei Whistler. Yn it easten wurdt it Legere Fêstelân ornearre troch te rinnen oant en mei Hope oan 'e útein fan 'e Fraser Canyon.

In satellytfoto fan it Legere Fêstelân út 2012.

Dêrmei omfettet it Legere Fêstelân de stêdekloft fan Vancouver oan 'e kust en de Delling fan 'e Fraser eastlik dêrfan. It gebiet soe dan rûchwei gearfalle mei de regionale distrikten Metro Vancouver en Fraser Valley, útsein dat yn it easten fan Fraser Valley de westrâne fan 'e Fraser Canyon der net ta heart en yn it noardwesten dielen fan it regionaal distrikt Squamish-Lillooet wol. It Geografysk Namme-ynformaasje Systeem fan Britsk-Kolumbia (BCGNIS) wiist der lykwols op dat ynwenners fan 'e stêdekloft fan Vancouver mei it 'Legere Fêstelân' ornaris inkeld de stêdekloft sels bedoele, westlik fan Mission en Abbotsford, wylst ynwenners fan 'e rest fan Britsk-Kolumbia der in gebiet mei oantsjutte dat alles súdlik fan Whistler en westlik fan Hope beslacht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Legere Fêstelân ken al teminsten 8.000 oant 10.000 jier minsklike bewenning, sa't troch argeologyske fynsten yn it gebiet bewiisd wurdt. Yn 'e histoaryske perioade wie de krite it heitelân fan ferskate lytse etnyske groepen dy't ta it gruttere ferbân fan 'e Kust-Salisjanen hearden.

It ierste dokumintearre besyk troch in Jeropeaan oan it Legere Fêstelân datearret út 1791, doe't de Spaanske ûntdekkingsreizger José María Narváez de kust ferkende. It gebiet waard yn 1792 better yn kaart brocht troch de Britske ûntdekkingsreizger George Vancouver. De earste Jeropeaan dy't it gebiet oer lân berikte, wie Simon Fraser, in ûntdekkingsreizger en keapman foar de Noardwestlike Kompanjy, dy't yn 1808 de nei him ferneamde rivier de Fraser streamôf oan 'e mûning ta folge.

Neitiid waard it Legere Fêstelân net fuortendaliks kolonisearre. Dat barde ek net by de Goudkoarts fan 'e Fraser dy't yn 1858 mear as 25.000 blanke goudsikers nei súdlik Britsk-Kolumbia ta lokke. It goud wie nammentlik te finen yn 'e Fraser Canyon, noardeastlik fan it Legere Fêstelân. Mar yn 1862 setten de earste blanken har yn 'e krite nei wenjen. Yn 1884 waard it Legere Fêstelân troch it Kanadeeske Pasifyske Spoar ferbûn mei eastlik Kanada, wat de fierdere kolonisaasje fan it gebiet makliker makke.

Utsjoch op Vancouver.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2021 hie it Legere Fêstelân doe in befolking fan 2.966.830 minsken. De befolkingstichtens fan it hiele gebiet bedroech 94,5 lju op eltse km². Dat jout lykwols in fertekene byld, om't oan 'e kust fierwei de measte minsken wenje. Dus yn 'e stêdekloft fan Vancouver is de befolkingstichtens eins folle heger en yn it eastlike efterlân leit it eins folle leger. (Yn it regionaal distrikt Metro Vancouver wennen yn 2021 2.642.825 minsken, en yn it regionaal distrikt Fraser Valley mar 324.005 minsken.)

It Legere Fêstelân is ien fan 'e meast multykultirele dielen fan Kanada. Yn 2012 wie de etnyske gearstalling fan 'e befolking sa: blanken 45,7%, Eastaziaten 21,0%, Súdaziaten 14,5%, Súdeastaziaten 7,1%, Middeneasterlingen 3,1%, Yndianen 3,0%, Latino's en Brazyljanen 1,9%, Afro-Kanadezen 1,5%, en oaren of fan mingd etnysk komôf 2,3%.

De oarspronklike befolking fan it Legere Fêstelân bestiet út ferskate Halkomelem-sprekkende etnyske groepen dy't ta it gruttere ferbân fan 'e Kust-Salisjanen hearre. It westen fan 'e krite omfettet hielendal it tradisjonele wengebiet fan 'e Muskwiim (Musqueam) en de Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh) en dêropta it súdlike diel fan it tradisjonele heitelân fan 'e Skwamisj (Squamish). Mear it lân yn, by de kust wei, lizze de tradisjonele wengebieten fan 'e Stolo (Stó:lō), Tsjehalis, (Chehalis of Sts’Ailes), Katzy (Katzie), Kwantlen, Semiamû (Semiahmoo) en Tsawwassen.

Op religieus mêd bestie de befolking fan it Legere Fêstelân yn 2021 út de folgjende groepen: ateïsten en agnosten 46,6%, kristenen 33,8%, sikhs 9,1%, moslims 3,9%, boedisten 2,5%, hindoes 2,4%, joaden 0,7%, en oaren 1,0%.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Legere Fêstelân hat ien fan 'e myldste klimaten fan Kanada. It is in seeklimaat mei oangenaam waarme simmers en koele winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,2 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 6,3 °C. De jierlikse hoemannichte delslach rint útinoar fan 1,189 mm yn Vancouver, oan 'e kust, oant 2.000 mm yn 'e eastlike ein fan 'e Delling fan 'e Fraser.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.