USS Nevada (skip út 1916)

Ut Wikipedy
USS Nevada
De USS Nevada ûnderweis op 'e Atlantyske Oseaan yn septimber 1944.
De USS Nevada ûnderweis op 'e Atlantyske Oseaan yn septimber 1944.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-36
skiednis
werf Fore River Shipbuilding Co.
kyllizzing 4 novimber 1912
tewetterlitting 11 july 1914
yn de feart 11 maart 1916
út tsjinst 29 augustus 1946
status sonken 31 july 1948
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Nevada-klasse
lingte 178 m
breedte 29.10 m
djipgong 8.70 m
tonnaazje 27.500 brt (by oplevering)
30.500 brt (reparaasje 1942)
bemanning 864 koppen (by oplevering)
1.398 (1929)
2.220 (1942)
oandriuwing 12 × boiler (by oplevering)
6 × boiler (ynstall. 1927-’30)
2 × skroef
maks. faasje 20,5 knopen (38 km/h)
bewapening 10 × 14 inch (356 mm)-kanon
2 × 3 inch (76 mm)-kanon
4 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings droech 3 wetterfleantugen mei
2 kattepûlen foar opstiigjen; nei
1942 2 wetterfleantugen mei
1 kattepûl

De USS Nevada wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Nevada-klasse, mei de koade BB-36. It wie fan 1916 oant 1946 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS Nevada rekke slim skansearre ûnder de Oanfal op Pearl Harbor, mar koe reparearre wurde en waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch fan oktober 1942 ôf wer ynset yn 'e striid tsjin sawol de Japanners as de Dútsers.

Bou en skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Nevada wie it twadde skip fan 'e Amerikaanske Marine dat nei de Amerikaanske steat Nevada ferneamd waard. It wie it prototype fan 'e Nevada-klasse, wêrfan't it ûntwerp yn 'e 1910-er jierren as revolúsjonêr beskôge waard. Fjouwer fan 'e fernijings fan it skip soene neitiid yn frijwol elts oar Amerikaanske slachskip oernommen wurde: geskutstuorren mei batterijen fan trije kanonnen elk, stookoalje ynstee fan stienkoal foar brânstof, steamturbines foar in grutter berik, en it alles-of-neatprinsipe op it mêd fan 'e bepânsering.

In replika fan 'e USS Nevada op in skaal 1:15, dy't boud waard foar de film Tora! Tora! Tora! (oer de Oanfal op Pearl Harbor), út 1970.

De kyl fan 'e USS Nevada waard lein op 4 novimber 1912 op 'e skipswerf fan 'e Fore River Shipbuilding Company yn Quincy yn Massachusetts, dêr't it skip op 11 july 1914 te wetter litten waard. De bou fan 'e USS Nevada koste $5.895.000, wat yn dy tiid in reuseftich fermogen wie. As marineskip wie de USS Nevada swier bepânsere, en it skip wie bewapene mei tsien 14 inch (356 mm)-kanonnen, en dêropta mei ferskate mindere wapens. It skip hie in lingte fan 178 m, in breedte fan 26 m en in djipgong fan 8.70 m. De topsnelheid bedroech 20,5 knopen, oftewol 38 km/h.

Tsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Nevada waard op 11 maart 1916 troch de Amerikaanske Marine yn 'e tsjinst nommen en yndield by de Amerikaanske Atlantyske Float yn 'e marinehaven Norfolk, yn Firginia. It skip die mei oan ferskate oefenings, wêrby't it alhiel nei it Karibysk Gebiet fear, foar't de Feriene Steaten yn april 1917 by de Earste Wrâldoarloch behelle rekken. Om't it Feriene Keninkryk mei in brânstoftekoart kampte, waard lykwols net de moderne USS Nevada, mar waarden ynstee fjouwer âldere op stienkoal farrende Amerikaanske slachskippen de Atlantyske Oseaan oer stjoerd om har by de Britske Grutte Float te jaan. Pas yn augustus 1918 reizge ek de USS Nevada ôf nei Jeropa, yn it selskip fan syn susterskip de USS Oklahoma en de USS Utah. De trije slachskippen operearren de lêste moannen fan 'e oarloch út 'e Bantrybaai yn Ierlân wei troch grutte en weardefolle konfoaien keapfardijskippen te eskortearjen.

Tsjin 'e tiid dat de oarloch op 11 novimber 1918 beëinige waard, hie de USS Nevada noch gjin skot lost. Yn desimber eskortearren tsien Amerikaanske slachskippen, wêrûnder de USS Nevada, it passazjiersskip de SS George Washington, mei de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson oan board, nei de Frânske havenstêd Brest, dêr't er wei trochreizge nei de Fredeskonferinsje fan Parys. De folgjende dei, 14 desimber, setten de slachskippen ôf oer de Atlantyske Oseaan, wêrnei't se op 26 desimber feestlik ynhelle waarden yn New York.

De USS Nevada strâne nei de Oanfal op Pearl Harbor.

Ynterbellum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Ynterbellum makke de USS Nevada diel út fan earst de Amerikaanske Atlantyske Float en letter fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float. Yn july 1921 fertsjintwurdige it skip de Feriene Steaten tegearre mei in oar slachskip, de USS Arizona, op 'e Wrâldtentoanstelling yn Perû. Yn septimber 1922 wie de USS Nevada mei de USS Maryland ien fan 'e slachskippen dy't de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Charles Evan Hughes nei de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan Brazylje yn Rio de Janeiro eskortearren. Fan july oant septimber 1925 brocht it slachskip mei oare skippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float in freonskiplik besyk oan Austraalje en Nij-Seelân. Fan augustus 1927 oant jannewaris 1930 waard de USS Nevada yn 'e Marineskipwerf fan Norfolk yngeand modernisearre.

Oanfal op Pearl Harbor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS Nevada dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden.

De USS Nevada ûnderstipet in Amerikaanske amfibyske operaasje yn 'e Slach om Iwo Jima mei in kustbombardemint (19 febrewaris 1945).

De USS Nevada wie it iennichste Amerikaanske slachskip dat de trossen los smiet en by de kade wei wist te kommen, mei de bedoeling om út te farren. Dat wie de fertsjinste fan luitenant-op-see earste klasse F.J. Thomas, dy't yn ôfwêzigens fan 'e kaptein it befel oer it skip oernaam. De USS Nevada wie doe al rekke troch in torpedo en stie midskips yn 'e brân. It skip loek mei syn ôfstekken in protte Japanske oanfallen en waard rekke troch seis bommen. Thomas liet de USS Nevada om 09:10 oere mei opsetsin yn ûndjip wetter oan 'e grûn rinne om foar te kommen dat it skip yn 'e havenmûning sinke en dy sa blokkearje soe. Der kamen 60 bemanningsleden om. Kadet Joe Taussig jr. ûnderskate him yn it bysûnder troch lieding te jaan oan it loftdoelgeskut; hy rekke swierferwûne, mar bleau op syn post.

Rest fan 'e Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it bombardemint waard de USS Nevada burgen en yn it Marinestasjon Pearl Harbor provisoarysk reparearre. It slachskip koe doe nei de Marineskipswerf fan 'e Puget Sound farre, yn 'e steat Washington, foar yngeandere reparaasjes. It skip waard yn oktober 1942 wer yn 'e tsjinst nommen; it wie doe net allinnich reparearre, mar hie ek ferskate modernisearrings ûndergien. It waard neitiid ynset foar it ûnderstypjen fan ferskate amfibyske operaasjes troch it útfieren fan kustbombardeminten. Sa wie de USS Nevada yn maaie 1943 belusten by de Slach om Attu, in ûnderdiel fan 'e Aleoetenkampanje yn Alaska.

De USS Nevada mei sichtbere skea by Bikini, nei Operaasje Crossroads.

Fan mids 1943 oant april 1944 tsjinne de USS Nevada as eskorteskip foar konfoaien keapfardijskippen yn 'e Atlantyske Oseaan. Yn juny 1944 ûnderstipe it skip de lânings op 'e kust fan Normanje op D-Day en dêropfolgjende dagen. Yn augustus en septimber 1944 wie it skip behelle yn Operaasje Dragoon, de lâning fan Alliëarde troepen op 'e kust fan 'e Provâns, wêrby't it syn grutte kanonnen ynsette om 'e Dútske kustferdigening by de haven fan Toulon út te skeakeljen. Yn febrewaris 1945 ûnderstipe de USS Nevada yn 'e Stille Oseaan de lâning fan Amerikaanske troepen yn 'e Slach om Iwo Jima, wernei't it skip yn maart fan dat jier itselde die yn 'e Slach om Okinawa. Yn dat lêste treffen waard de USS Nevada rekke troch in Japanske kamikaze, werby't 11 bemanningsleden omkamen en 49 oare ferwûne rekken.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kapitulaasje fan Japan, op 15 augustus 1945, naam de USS Nevada yn 'e Baai fan Tokio koart diel oan 'e besetting fan Japan, foar't it skip weromkearde nei Pearl Harbor. Mei in leeftyd fan mear as 32 jier waard de USS Nevada beskôge as te âld om te behâlden yn in ynkrompen float yn fredestiid. It krige dêrom in nije funskje as doelskip by Operaasje Crossroads, de atoomproeven dy't yn july 1946 op it atol Bikini, yn 'e Marshalleilannen, holden waarden. Doe't de USS Nevada dêrby de skokgolf fan 'e atoombom Able ûndergie, rekke it swier skansearre en oanhelle mei radio-aktive strieling. Om't it fierder nearne mear ta doogde, waard it skip op 29 augustus 1946 út 'e tsjinst helle. It waard nei iepen see sleept en op 31 july 1948 by in sjitoefening fan 'e marine ta sinken brocht.

Op 11 maaie 2020 waard it skipswrak troch in wittenskiplike ekspedysje werûntdutsen. It leit ûnderstboppest op in djipte fan 4.700 m foar de kust fan 'e Hawaï-eilannen, 120 km súdwestlik fan Pearl Harbor.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.