Springe nei ynhâld

USS Maryland (skip út 1921)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan USS Maryland (BB-46))
USS Maryland
De USS Maryland yn febrewaris 1942.
De USS Maryland yn febrewaris 1942.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-46, "Old Mary",
"Fighting Mary"
skiednis
werf Newport News Shipbuilding
kyllizzing 24 april 1917
tewetterlitting 20 maart 1920
yn de feart 21 july 1921
út tsjinst 3 april 1947
status sloopt 8 july 1959
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Colorado-klasse
lingte 190 m
breedte 29.72 m
djipgong 9.30 m
deplassemint 32.600 long ton
tonnaazje 33.100 brt
bemanning 1.080 koppen
maks. faasje 21,7 knopen (39,2 km/h)
bewapening 8 × 16 inch (406 mm)-kanon
12 × 5 inch (127 mm)-kanon
4 × 3 inch (76 mm)-kanon
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings tarist mei 4 wetterfleantugen
en 2 fleantúchkattepûlen

De USS Maryland wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Colorado-klasse, mei de koade BB-46. It wie fan 1921 oant 1947 yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. It skip stie ûnder de bemanning bekend ûnder de bynammen Old Mary en Fighting Mary. Dizze USS Maryland wie it trêde Amerikaanske marineskip dat nei de Amerikaanske steat Marylân ferneamd waard.

Bou en skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske slachskippen fan 'e Colorado-klasse wiene hast folsleine kopyen fan 'e foargeande Tennessee-klasse. De kyl fan 'e USS Maryland waard lein op 25 april 1917 op 'e skipswerf fan Newport News Shipbuilding yn Newport News yn 'e Amerikaanske steat Firginia. It skip waard dêr op 20 maart 1920 te wetter litten. As marineskip wie de USS Maryland swier bepânsere en it wie bewapene mei acht 16 inch (406 mm)-kanonnen en dêropta mei ferskate mindere wapens. It skip hie in lingte fan 190 m, in breedte fan 29.72 m en in djipgong fan 9.30 m. De topsnelheid bedroech 21,3 knopen, oftewol 39,2 km/h.

De USS Maryland waard op 21 july 1921 troch de Amerikaanske Marine yn 'e tsjinst nommen. Koarte tiid letter waard de USS Maryland ta it flaggeskip makke fan admiraal Hilary P. Jones. Yn septimber 1922 eskortearre it skip tegearre mei in oar Amerikaanske slachskip, de USS Nevada, de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Charles Evan Hughes nei de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan Brazylje yn Rio de Janeiro. Yn 1923 fear de USS Maryland troch it Panamakanaal om him by de Amerikaanske Pasifyske Float te jaan. Datselde jiers waard de status fan flaggeskip ferskood nei de USS Pennsylvania. Yn 1925 die de USS Maryland mei oan in freonskiplik besyk oan Austraalje en Nij-Seelân. Yn 1928 ferfierde it skip de Amerikaanske presidint Herbert Hoover by it Pasifyske diel fan syn rûnreis troch Latynsk-Amearika. Neitiid waard it slachskip yn 1928 en 1929 yngeand modernisearre.

De USS Maryland ûnder de Oanfal op Pearl Harbor njonken de kapseisde USS Oklahoma, mei op 'e eftergrûn de brânende USS West Virginia.

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS Maryland dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden. It skip waard rekke troch twa bommen, wêrby't 3 deaden foelen. Ek de piloat fan in byhearrend wetterfleantúch kaam om doe't er delsketten waard. Fan alle slachskippen yn Pearl Harbor rekke de USS Maryland by it bombardemint it lichtst skansearre en it koe al yn febrewaris 1942 wer yn 'e tsjinst nommen wurde.

Rest fan de Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid waard de USS Maryland ynset yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Oseaan. By de Slach by Midway, yn juny 1942, dêr't de Amerikanen de Japanners in nederlaach tabrochten dy't fan krúsjaal belang blike soe te wêzen, spile it skip in ûnderstypjende rol. Dêrnei waard de USS Maryland yn it neijier fan 1942 mei syn susterskip de USS Colorado ynset foar patrûljes by de Fidzjy-eilannen, in Britske koloanje yn 'e Stille Súdsee, om dêr te wekjen foar in mooglik Japanske ynvaazje. Begjin 1943, nei it súkses fan Salomonseilânske Kampanje, giene de Alliëarden yn 'e Stille Súdsee yn it offinsyf, en waarden de beide slachskippen oerpleatst nei de Nije Hebriden (no Fanûatû). Yn augustus kearden se werom nei Pearl Harbor foar ûnderhâld.

De USS Maryland yn Pearl Harbor op 10 july 1944, mei de skea fan in torpedo dy't it skip oprûn hie yn 'e Slach om Saipan.

As flaggeskip fan skout-by-nacht Harry W. Hill naam de USS Maryland diel oan 'e Alliëarde befrijing fan 'e Gilberteilannen (no Kiribaty) ûnder de Gilberteilânske Kampanje. Yn 'e Slach om Tarawa, yn novimber 1943, ûnderstipe it skip mei syn mânske kanonnen in amfibyske operaasje fan it Amerikaanske Marinierskorps ûnder lieding fan generaal Holland "Howling Mad" Smith. Dêrnei naam de USS Maryland ek diel oan 'e Marshalleilânske Kampanje, wêrby't it ein jannewaris en begjin febrewaris 1944 soartgelikense stipe joech by de Slach om Kwajalein yn 'e Marshalleilannen. Yn maaie 1944 waard it skip by de Slach om Saipan, yn 'e Noardlike Marianen, rekke troch in torpedo fan in Japanske Mitsubishi G4M "Betty"-bommesmiter. Dêrby kamen twa bemanningsleden om. De USS Maryland moast mei in provisoarysk tichtmakke gat yn 'e stjoerboardkant fan 'e boech nei Pearl Harbor weromkeare foar reparaasjes.

Yn 34 dagen wie it skip wer klear, sadat it op 13 augustus al wer út Hawaï ôfsette koe. De USS Maryland waard doe ynset by de Slach om Peleliu yn 'e arsjipel fan 'e Karolinen (no ûnderdiel fan Palau). Neitiid waard it skip tafoege oan 'e Amerikaanske 7e Float en ynset om yn 'e Slach yn 'e Golf fan Leyte, yn oktober 1944 yn 'e Filipinen, de oan lân geande Amerikaanske soldaten fan see ôf rêchdekking te jaan. Letter ûnder dyselde operaasje naam de USS Maryland mei fiif oare Amerikaanske slachskippen diel oan 'e Slach yn 'e Strjitte fan Surigao, de lêste seeslach yn 'e skiednis dy't tusken slachskippen útfochten waard. It treffen einige yn in Amerikaanske oerwinning, mar nei ôfrin waard de USS Maryland troffen troch in kamikaze, dy't grutte skea oan 'e boppebou fan it skip tabrocht. Dêrby kamen 31 bemanningsleden om en rekken 30 oaren ferwûne. It skip gie lykwols troch mei funksjonearjen oant it op 2 desimber ôflost waard, wêrnei't it op 'e nij weromfear nei Pearl Harbor foar reparaasjes.

De USS Maryland nei de Twadde Wrâldoarloch foar anker yn 'e Puget Sound by Seattle.

Nei de reparaasje en in opfristraining foar de bemanning kearde de USS Maryland yn maart 1945 wer oan it front werom, krekt op 'e tiid om mei syn swiere kanonnen stipe te bieden by de Slach om Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen. Op 7 april fear it slachskip mei in taakgroep (TF 54) fan 'e Amerikaaske Marine nei it noarden om in Japanske float ûnder lieding fan it slachtskip de Yamato, dy't út Japan opstoomde, te ûnderskeppen. It wie de taak fan 'e USS Maryland om 'e Amerikaanske fleandekskippen dy't de oanfal op 'e Yamato en de oare Japanske skippen útfierden, te beskermjen. Dêrby waard it slachskip op 'e nij rekke troch in kamikaze, diskear mei 10 deaden, 37 ferwûnen en 6 fermisten ta gefolch. Op 14 april eskortearre de USS Maryland in konfoai troepeskippen by Okinawa wei, en fear fia de Noardlike Marianen, Gûam en Hawaï nei de Amerikaanske steat Washington.

It slachskip wie krekt reparearre en wer útfearn, doe't op 15 augustus it berjocht fan 'e kapitulaasje fan Japan kaam. De USS Maryland naam dêrnei diel oan Operaasje Magic Carpet, de repatriëarring fan hûnderttûzenen Alliëarde militêren nei harren ûnderskate heitelannen. Mids desimber 1945 kearde it skip yn Seattle werom, wêrnei't it yn april 1946 yndield waard by de ynaktive reserve fan 'e Amerikaanske Marine. Op 3 april 1947 de USS Maryland formeel út 'e tsjinst helle. It skip bleau ûnderdiel fan 'e Pasifyske Reservefloat oant it op 8 july 1959 foar de sloop ferkocht waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.