USS Oklahoma (skip út 1916)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan USS Oklahoma (BB-37))
USS Oklahoma
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat, sjoch tekst
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-37
skiednis
werf New York Shipbuilding Corp.
kyllizzing 26 oktober 1912
tewetterlitting 23 maart 1914
yn de feart 2 maaie 1916
út tsjinst 1 septimber 1944
status sonken 17 maaie 1947
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Nevada-klasse
lingte 178 m
breedte 29.10 m
djipgong 8.70 m
tonnaazje 27.500 brt
bemanning 864 koppen (by oplevering)
1.398 (1929)
oandriuwing 12 × boiler (by oplevering)
6 × boiler (ynstall. 1927-’30)
2 × skroef
maks. faasje 20,5 knopen (38 km/h)
bewapening 10 × 14 inch (356 mm)-kanon
2 × 3 inch (76 mm)-kanon
4 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis
opmerkings droech 3 wetterfleantugen, mei
2 kattepûlen foar opstiigjen

De USS Oklahoma wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Nevada-klasse, mei de koade BB-37. It wie fan 1916 oant 1941 (formeel oant 1944) yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS Oklahoma waard ûnder de Oanfal op Pearl Harbor troch de Japanners ta sinken brocht.

Bou en skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Oklahoma wie it twadde skip fan 'e Nevada-klasse, nei syn susterskip de USS Nevada. De kyl fan 'e USS Oklahoma waard lein op 26 oktober 1912 op 'e skipswerf fan 'e New York Shipbuilding Corporation yn Camden yn Nij-Jersey, dêr't it skip op 23 maart 1914 te wetter litten waard. As marineskip wie de USS Oklahoma swier bepânsere, en it skip wie bewapene mei tsien 14 inch (356 mm)-kanonnen, en dêropta mei ferskate mindere wapens. It skip hie in lingte fan 178 m, in breedte fan 26 m en in djipgong fan 8.70 m. De topsnelheid bedroech 20,5 knopen, oftewol 38 km/h.

De USS Oklahoma wurdt te wetter litten op 23 maart 1914.

Tsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjinjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Oklahoma waard op 11 maart 1916 troch de Amerikaanske Marine yn 'e tsjinst nommen en yndield by de Amerikaanske Atlantyske Float. It skip die mei oan ferskate oefenings foar't de Feriene Steaten yn april 1917 by de Earste Wrâldoarloch behelle rekken. Om't it Feriene Keninkryk mei in brânstoftekoart op it mêd fan stookoalje kampte, waard lykwols net de moderne USS Oklahoma, mar waarden ynstee fjouwer âldere op stienkoal farrende Amerikaanske slachskippen de Atlantyske Oseaan oer stjoerd om har by de Britske Grutte Float te jaan. Pas yn augustus 1918 reizge ek de USS Oklahoma ôf nei Jeropa, yn it selskip fan syn susterskip de USS Nevada en de USS Utah. De trije slachskippen operearren de lêste moannen fan 'e oarloch út 'e Bantrybaai yn Ierlân wei troch grutte en weardefolle konfoaien keapfardijskippen te eskortearjen.

Tsjin 'e tiid dat de oarloch op 11 novimber 1918 beëinige waard, hie de USS Oklahoma noch gjin skot lost. Yn desimber eskortearren tsien Amerikaanske slachskippen, wêrûnder de USS Oklahoma, it passazjiersskip de SS George Washington, mei de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson oan board, nei de Frânske havenstêd Brest, dêr't er wei trochreizge nei de Fredeskonferinsje fan Parys. De folgjende dei, 14 desimber, setten de slachskippen ôf oer de Atlantyske Oseaan, wêrnei't se op 26 desimber feestlik ynhelle waarden yn New York.

De USS Oklahoma yn 1936 yn Gibraltar, ûnder de Spaanske Boargeroarloch.

Ynterbellum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin 1921 fear de USS Oklahoma troch it Panamakanaal foar marine-oefenings foar de westkust fan Súd-Amearika. Yn 1925 waard it skip oerpleatst nei de Amerikaanske Pasifyske Float, wêrnei't it meidie oan in freonskiplik besyk oan Austraalje en Nij-Seelân, mei op 'e weromreis in tuskenstop yn Amerikaansk-Samoä. Fan novimber 1927 oant it neijier fan 1929 ûndergie de USS Oklahoma in yngeande modernisearring op 'e Marineskipswerf fan Philadelphia. Nei oefenings yn it Karibysk Gebiet joech it slachskip him yn juny 1930 wer by de Pasifyske Float.

Yn 'e maityd fan 1936 sette de USS Oklahoma foar in trainingsreis ôf nei Jeropa, dêr't ferskate havens oandien waarden. De training waard ûnderbrutsen doe't yn Spanje dy simmer de Spaanske Boargeroarloch útbriek. De USS Oklahoma fear dêrom op 24 july de haven fan Bilbao, yn Baskelân, binnen en naam dêr Amerikaanske en oare bûtenlânske steatsboargers oan board dy't op 'e flecht slein wiene foar de oarloch. Dy lju sette it slachskip ôf yn 'e Britske kroankoloanje Gibraltar, foarôfgeande oan 'e oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan nei Norfolk yn Firginia, dêr't de USS Oklahoma op 11 septimber arrivearre. Ein oktober joech it skip him wer by de Pasifyske Float.

De USS Oklahoma kapseist op 7 desimber 1941 by de Oanfal op Pearl Harbor.

Oanfal op Pearl Harbor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS Oklahoma dêr ôfmarre oan Battleship Row doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden.

Under it bombardemint waard de USS Oklahoma rekke troch fiif torpedo's, de lêste beide boppe de bepânsering, wat it skip kapseize en sinke liet. Fan 'e bemanning kamen 429 man om. Oerlibbenen wiene twongen om fan board ôf 15 meter omleech te springen yn it mei baarnende oalje oerdutsen wetter fan 'e lagune Pearl Harbor of moasten oer de trossen krûpe dy't de USS Oklahoma ferbûnen mei de njonkenlizzende USS Maryland. In lyts diel fan 'e bemanningsleden dy't fan binnen yn it omrôle skip fêst kamen te sitten, waard rêden doe't matroazen mei snijbrâners gatten yn 'e romp fan 'e USS Oklahoma makken.

De USS Oklahoma nei de berging ôfmarre by de skipswerf fan it Marinestasjon Pearl Harbor, mei de modernere en folle gruttere USS Wisconsin oan 'e bûtenkant om it wrak rjochtop te hâlden.

Mear as in jier lei de USS Oklahoma neitiid op 'e boaium fan 'e lagune, mar yn 1943 waard it skip burgen. Oars as de measte Amerikaanske slachskippen dy't it mikpunt fan 'e Japanske oanfal west hiene, bliek de USS Oklahoma lykwols te swier skansearre te wêzen om noch reparearre wurde te kinnen. It skip waard dan ek op 1 septimber 1944 formeel út 'e tsjinst helle. It wrak fan 'e USS Oklahoma waard neitiid ûntdien fan alles dat noch brûkber wie, lykas de kanonnen (dy't ynstallearre waarden op oare slachskippen) en de boppebou, wêrnei't it yn yn 1946 foar skroat ferkocht waard. Yn maaie 1947 waard it wrak troch twa sleepboaten fan Hawaï oerbrocht nei San Francisco. Op 17 maaie kaam it konfoai 800 km fan Hawaï ôf yn in stoarm telâne. It wrak rûn fol wetter en kapseisde, en de sleepboaten koene mar krekt op 'e tiid de keabels losmeitsje om net meiskuord te wurden de djipte yn, doe't de USS Oklahoma sonk. De krekte lokaasje fan it slachskip is net bekend.

Omkommen bemanningsleden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e 429 deaden dy't de Oanfal op Pearl Harbor foelen ûnder bemanning fan 'e USS Oklahoma, koene doedestiden mar 35 identifisearre wurde. Nei ferskate kearen om 'e nocht besocht te hawwen mear fan 'e slim skeinde liken te identifisearjen, waarden de oare 388 matroazen en mariniers yn 1950 begroeven yn 45 oarlochsgrêven op it National Memorial Cemetery of the Pacific yn Hawaï. Op 7 desimber 2007, persiis 66 jier nei it bombardemint, waard op Ford Island yn 'e lagune Pearl Harbor in tinkteken foar de 429 deaden fan 'e USS Oklahoma oprjochte, deunby it plak dêr't no de USS Missouri as museumskip ôfmarre leit.

Yn april 2015 waarden de grêven iepene om te besykjen en brûk nije DNA-analyzes om 'e 388 ûnidentifisearre slachtoffers dochs noch oan harren famyljes oerdrage te kinnen. Op 6 desimber 2019 waard troch it Amerikaansk Ministearje fan Definsje bekendmakke dat dat ûnderwilens yn 236 gefallen slagge wie en dat 152 stoflike omskotten noch op identifikaasje wachten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.