The Mask (film út 1994)
The Mask | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Chuck Russell | |
produsint | Bob Engelman | |
senario | Mike Werb | |
basearre op | de stripsearje fan Dark Horse Comics | |
kamerarezjy | John R. Leonetti | |
muzyk | Randy Edelman | |
filmstudio | New Line Cinema Dark Horse Entertainment | |
distribúsje | New Line Cinema | |
spilers | ||
haadrollen | Jim Carrey Cameron Diaz | |
byrollen | Peter Greene Peter Riegert Richard Jeni Jim Doughan Amy Yasbeck | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 july 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | neo-noir-superhelde- komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $23 miljoen | |
opbringst | $351,6 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | The Mask | |
● folgjend diel | Son of the Mask |
The Mask is in Amerikaanske neo-noir-superheldekomeedzjefilm út 1994 ûnder rezjy fan Chuck Russell, mei yn 'e haadrollen Jim Carrey en Cameron Diaz. De titel betsjut "It Masker". It ferhaal folget Stanley Ipkiss, in bankmeiwurker en pechfûgel dy't op in dei in magysk masker fynt dat beset is troch de geast fan 'e Noardske trickstergod Loki. As er it opdocht, feroaret er yn syn alter ego 'The Mask', in grienhollige ûnrêststoker dy't it by fersin oan 'e stôk kriget mei de pleatslike maffia. The Mask krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar sawol in Oscar as in Golden Globe. It plan fan 'e regisseur en de produsinten om in ferfolchfilm te meitsjen, rûn op 'e non doe't haadrolspiler Carrey dêrfoar betanke. Uteinlik kaam der yn 2005 sûnder him dochs noch in ferfolch út, ûnder de titel Son of the Mask.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it fiktive Edge City brekt troch in ûngemak by ûnderwetterûnderhâld yn 'e haven in op 't slot sittende kiste iepen, sadat it masker dat dêryn sit, fuortdriuwt. Yn deselde stêd wennet Stanley Ipkiss, in bankmeiwurker mei in gebrek oan selsfertrouwen mei wa't eltsenien de gek hat útsein syn kollega en bêste freon Charlie Schumaker. In oare ynwenner fan Edge City is krimineel Dorian Tyrell, de eigner fan 'e nachtklub Coco Bongo, dy't mei in espel trewanten gearspant om maffiabaas Niko ûnder fuotten te heljen en syn organisaasje oer te nimmen. Om dat te bewurkmasterjen hat Tyrell ferlet fan in protte jild, en dêrom makket er plannen foar in berôving fan 'e bank dêr't Ipkiss wurket.
As Tyrell syn tsjeppe minneresse Tina Carlyle, dy't as sjongster yn 'e Coco Bongo wurket, nei de bank stjoert om 'e boel dêr te ferkennen, rekket hja oan 'e praat mei Stanley Ipkiss. Hy fielt him tige ta har oanlutsen en sy liket syn gefoelens te beäntwurdzjen. Stanley nimt dêrom de útnûging fan syn maat Charlie oan om dy jûns nei de Coco Bongo ta. Dat rint foar him op in teloarstelling út as er by de doar tsjinholden wurdt troch de útsmiter. Neitiid wurdt er hielendal ûnderspat as in foarbykommende auto troch in plasse riidt, wêrnei't de parkearhelp oankomt mei it âld wrak dat syn lûsje garaazjehâlder him te lien jûn hat foar syn eigen auto. Krekt op dat stuit arrivearret Tina by de klub en sjocht him sa krekt as er op syn minst is. Neitiid hâldt de âld auto der ûnderweis hielendal mei op. As Stanley yn wanhoop oer de reling fan in brêge oer de haven útstoarret, mient er immen driuwen te sjen. Hy springt yn it wetter om 'e man te rêden, mar it blykt mar in driuwpôle fan ôffal te wêzen mei in masker dat op in gesicht liek. Hy nimt it nijsgjirrige ding mei nei hûs.
As Stanley letter yn syn appartemint, dat er dielt mei syn hûntsje Milo, it masker foardocht, feroaret er op magyske wize yn in glêde, kreas klaaide keardel mei in grien gesicht, dy't it fermogen hat om op cartooneske wize himsels en syn om-en-by oan te passen. Dit alter ego fan Stanley, dat er 'The Mask' neamt, hat gjin sosjale remmings, en set daliks ôf om op komyske wize ôf te weven mei ferskate lju dy't Stanley ûnearlik of ûnfatsoenlik behannele hawwe. Sa jaget er syn sjegrinige hospita, frou Peenman, de stupen op it liif, en nimt er wraak op 'e oplichtsjende garaazjehâlder en syn monteur dy't Stanley wysmakke hawwe dat der fan alles oan syn auto mankearret wylst er him inkeld brocht hie om 'e oalje te ferfarskjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare moarns, as er wekker wurdt, mient Stanley dat er de foarfallen fan 'e foargeande jûns inkeld dreamd hat. Hy kriget lykwols al rillegau foar it ferstân dat dat net sa is as resjersjeur Mitch Kellaway by him oankloppet om't frou Peenman de foargeande jûns in maskere ynslûper yn it appartemintekompleks trappearre hat. Stanley hâldt út dat er fan neat wit, en dat docht er ek as er op syn wurk opsocht wurdt troch de kreaze readhierrige sjoernaliste Peggy Brandt, dy't ûndersyk docht nei de aparte mishanneling fan twa manlju yn 'e garaazje dêr't Stanley klant is.
Om oan it jild te kommen dêr't er ferlet fan hat om binnenlitten te wurden yn 'e Coco Bongo, sadat er in optreden fan Tina bywenje kin, docht Stanley oan it begjin fan 'e jûn op 'e nij it masker foar. As letter dy jûns de binde fan Tyrell de bankoerfal útfiere sil, komt The Mask krekt mei in pear jildsekken oer it skouder nei bûten ta. Hy naait út, wêrnei't fuort letter de plysje opdagen komt om't The Mask alle alaarms yn 'e bank ôfgean litten hat. De binde fan Tyrell wurdt op 'e die trappearre. Dat rint út op in sjitpartij wêrby't de bindeleden har úteinlik sûnder wat bedijd te hawwen út 'e fuotten meitsje. Underwilens hat The Mask foar himsels tagong ta de Coco Bongo kocht, dêr't er op oerdreaun entûsjaste wize reägearret op it optreden fan Tina. Neitiid springt er nei foarren ta om op útskroevene wize mei har te dûnsjen, eat dat einiget mei in herstochtlike tút.
Tyrell wurdt der troch ien fan syn oan 'e plysje ûntsnapte trewanten op wiisd dat de keardel mei wa't Tina dûnset, deselde is dy't de bankoerfal ferrinnewearre hat. Tyrell lit alle oanwêzigen út 'e nachtklub smite en besiket dan The Mask te fermoardzjen, mar dat slagget net. The Mask spilet úteinlik fan rutens, mar lit in ôfskuord stikje fan syn kolbêrjaske efter, dat weromferoaret yn in lapke fan Stanley syn mei in ûngewoan drok motyf bedrukte pyama. Neitiid wurde Tyrell en syn mannen foar de bankoerfal arrestearre troch resjersjeur Kellaway en syn ûnnoazele partner Doyle, wêrby't Kellaway yn 'e Coco Bongo in stikje weromfynt fan 'e pyjama dêr't er juster Stanley yn sjoen hat. Hy begjint dêrtroch te fermoedzjen dat Tyrell by de bankoerfal help hân hat fan binnenút, te witten fan Stanley.
De oare deis giet Stanley te rie by psychiater Arthur Neuman, dy't koartby in boek publisearre hat mei de titel The Masks We Wear ("De Maskers Dy't Wy Drage"). Dat giet eins oer minsken dy't har oars foardogge as se binne, mar Stanley mient mar dat Neuman in ekspêr op it mêd fan fysike maskers is. Aldergeloks is dat krekt Neuman syn hobby, dat hy kin Stanley fertelle dat syn masker út 'e fjirde of fyfde iuw út Skandinaavje stammet, en dat it nei alle gedachten Loki foarstelle moat, de Noardske god 'e nacht en fan nuvere streken. Stanley konkludearret dat it masker beset wêze moat troch de geast fan Loki, en ûntdekt ek dat it inkeld nei tsjuster wurket. Deselde deis komt Tina wer del yn 'e bank, dêr't se yn in petear mei Stanley belangstelling foar de bankoerfal toant en neifraach docht oer The Mask, dy't neffens har de bêste tuter is dy't se ea met hat. Stanley antwurdet dat er kunde hat oan The Mask, en ûnthjit om dy jûns yn it park in moeting te regeljen.
Dat dy jûns moetet Stanley, as The Mask, Tina yn it park, dêr't syn útwrydske remmingsleaze opstigings har suver oer de meuch geane. De moeting wurdt ûnderbrutsen troch Kellaway en Doyle, dy't The Mask besylje te arrestearjen, mar dyselde pykt út. Nei't er de troch Kellaway oproppen fersterkings ôflaat hat mei in sjong- en dûnsnûmer, skuort er yn steechje it masker ôf en ûntkomt er as Stanley oan Kellaway troch by sjoernalist Peggy Brandt yn 'e auto te springen. Peggy, dy't yn jildneed sit, ferriedt him lykwols oan Tyrell, dy't ûnderwilens in priis fan $50.000 op Stanley syn holle set hat. As Tyrell sels it masker opdocht, feroaret er yn in boasaardich grienhollich meunster dat Stanley twingt om te fertellen wêr't er it stellen jild fan 'e bankoerfal ferburgen hat, te witten: yn 'e ynboude kleankast yn syn appartemint. Tyrell stjoert in pear fan syn trewanten om it jild op te heljen, dy't neitiid folge wurde troch Stanley syn útsûnderlik yntelliginte hûntsje Milo. Underweis werom nei Tyrell smite se Stanley by it plysjeburo út 'e auto, wêrnei't er troch Kellaway oppakt en fêstset wurdt.
Milo folget syn baaske nei it plysjeburo, dêr't er him deljout yn 'e stege dêr't Stanley syn sel op útsjocht. As Tina him op it plysjeburo besiket, riedt er har oan om 'e stêd te ûntflechtsjen, mei't se yn grut gefaar ferkeart no't Tyrell it masker hat. Sy betanket him foar de freonlikens en waarmte dêr't er har altyd mei behannele hat, eat dat se net wend is. Ek fertelt se him dat er neffens har it masker net nedich is om bysûnder te wêzen. As se neitiid syn rie besiket op te folgjen om 'e stêd te ferlitten, wurdt se lykwols pakt troch Tyrell syn trewanten, dy't har by him bringe. De jaloerske Tyrell beslút wraak op har te nimmen troch har ûnder twang meigean te litten nei in goeddiedichheidsbal yn 'e Coco Bongo, dêr't Niko de gasthear fan is. De hiele hegerein fan Edge City sil dêr oanwêzich wêze, ûnder wa ek boargemaster Mitchell Tilton. Fuort nei syn oankomst fermoardet de maskere Tyrell Niko, wêrnei't er Tina fêstbynt en risselwearret om 'e hiele nachtklub mei alle oanwêzigen op te blazen mei in tiidbom.
Underwilens wit Stanley, dy't tusken de traaljes fan syn sel troch sjoen hat hoe't Tina troch Tyrell syn mannen ûntfierd is, syn hûntsje Milo troch it finster hinne syn sel binnen te krijen. Om't er it húsdier traind hat om syn autokaaien te sykjen en by him te bringen, dy't er altyd kwyt is, kin er de hûn no de kaaien fan 'e seldoar by in sliepende sipier wei helje litte. Om dêrnei út it plysjeburo te kommen, gizelet Stanley resjersjeur Kellaway, dy't him yn it selleblok oer it mad komt. Yn Kellaway syn auto riidt er mei Kellaway sels en Milo nei de Coco Bongo ta, dêr't er nei binnen giet en Kellaway boeid yn 'e auto efterlit mei de goerie om fersterkings op te roppen. Milo folget syn baaske nei binnen ta.
Yn 'e Coco Bongo sjocht Stanley syn maat Charlie, dy't dêr ek oanwêzich is. Hy stjoert him nei bûten ta om 'e ferwachte plysjefersterkings nei binnen te lieden. Sels wurdt Stanley lykwols al rillegau ûntdutsen en finzennommen troch Tyrell-en-dy. Tina lit Tyrell deryn rinne om syn masker ôf te dwaan, sabeare sadat se noch ien kear de man tútsje kin op wa't se fereale rekke is. As er it masker ôfdocht, skopt se it him út 'e hannen. It is har de bedoeling dat Stanley it weromkriget, mar dy kin der net by en ek Tyrell syn mannen gripe der by troch. Uteinlik is it Milo, dy't wend is om in frisbee út 'e lucht te gripen, dy't it ding opfangt en dermei útnaait. As ien fan Tyrell syn trewanten it hûntsje by de efterpoaten wit te pakken, docht Milo it masker sels op, wêrnei't er feroaret yn in meunstereftige hellehûn mei in grut tal tige grutte tosken.
Wylst Tyrell syn mannen no foar har libben drave moatte om oan Milo te ûntkommen, reitsje Tyrell sels en Stanley yn gefjocht. Nei't er úteinlik it masker weromkrigen hat fan Milo en it sels opdocht, feroaret The Mask, de ornamintele fontein yn 'e nachtklub yn in goatstien, dêr't er Tyrell yn trochspield. Hy slokt de tiidbom krekt op 'e tiid troch, sadat dy yn 'e mage fan The Mask ôfgiet, dêr't de eksplosiven inkeld wat oerstallige lucht feroarsaakje dy't er útkrôket. De ferwachte fersterkings fan 'e plysje wurde troch Charlie de klub yn laat, dêr't se Tyrell syn bindeleden oppakke. Kellaway wol Stanley ek wer finzennimme, mar dêr stekt boargemaster Tilton in stokje foar. Hy hat ommers mei eigen eagen sjoen dat Dorian Tyrell de wiere maskere krimineel wie, dy't sûnder mis ek de bankoerfal útfierd hat. Tsjin betterwitten yn moat Kellaway him dêrby dellizze en alle beskuldigings tsjin Stanley ynlûke.
As de oare moarns de sinne opkomt befynt Stanley him mei Tina, Charlie en Milo op 'e brêge by de haven. Hy freget Tina oft se der wol wis fan is dat er it masker fuortsmite moat, om't er dan inkeld himsels wêze kin. As antwurd pakt se him it ding út 'e hannen en smyt it oer har skouder de haven yn, wylst se him hertstochtlik begjint te tútsjen. Dêrtroch sjocht Stanley net dat Charlie gau-gau yn it wetter springt om sels it masker te bemachtigjen, mar as er dat hast berikt hat, swimt Milo him foarby en naait dermei út.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Stanley Ipkiss / The Mask | Jim Carrey |
Tina Carlyle | Cameron Diaz |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Dorian Tyrell | Peter Greene |
resjersjeur Mitch Kellaway | Peter Riegert |
Charlie Schumaker | Richard Jeni |
resjersjeur Doyle | Jim Doughan |
Peggy Brandt | Amy Yasbeck |
Bobby de útsmiter | Jeremy Roberts |
Freeze | Reginald E. Cathey |
Doc | William Daniel Mielcarek |
Sweet Eddy | Denis Forest |
Orlando | Nils Allen Stewart |
frou Peenman | Nancy Fish |
Niko | Orestes Matacena |
dokter Arthur Neuman | Ben Stein |
boargemaster Mitchell Tilton | Ivory Oceon |
bankdirekteur Dickey | Eamonn Roche |
Murray | Blake Clark |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Mask waard regissearre troch Chuck Russell nei in senario fan Mike Werb op basis fan 'e stripsearje The Mask, fan útjouwerij Dark Horse Comics. Oarspronklik wie it de bedoeling dat it in horrorfilm wurde soe, mar regisseur Russell fûn it geweld yn 'e strips ûntrêstgjend, en op syn inisjatyf waard besletten om it senario ynstee om te wurkjen ta in komeedzje.
As produsint wie Bob Engelman by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema en Dark Horse Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $23 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John R. Leonetti, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Randy Edelman. De special effects waarden yn 'e postproduksjefaze tafoege troch Industrial Light & Magic (ILM), it bedriuw fan George Lucas, en troch Dream Quest Images.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Mask waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 29 july 1994 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum mei muzyk fan û.o. Harry Connick jr. en Vanessa Williams ferskynde op 26 july 1994 by platemaatskippij Columbia Records. The Mask waard op 18 jannewaris 1995 útbrocht as VHS-keapfideo. De film kaam op 9 desimber 2008 foar it earst út op blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Mask oer it algemien positive resinsjes. De foaroansteande resinsinten Roger Ebert en Gene Siskel joegen de film yn harren tillefyzjerubryk Siskel & Ebert & the Movies twa tommen omheech. Yn syn resinsje foar de krante de Chicago Sun-Times part Ebert de film 3 fan 4 stjerren ta, wêrby't er yn 't bysûnder it "freugdefolle optreden" fan Jim Carrey oanhelle.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Mask in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 53 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sjit miskien like faak mis as rekke, mar Jim Carrey syn manyske bombast, Cameron Diaz har seksuele oantrekkingskrêft en de algemiene cartooneske oerdied hâlde The Mask oerein." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Mask in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 12 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Mask brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $119,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $232,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $351,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $23 miljoen betsjut dat in winst fan $328,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. As inkeld nei de ferhâlding tusken budget en opbringst sjoen waard, wie The Mask dêrmei de op ien nei meast opbringende film op basis fan in strip aller tiden, nei Superman út 1978. Mei de film konsolidearre Jim Carrey syn reputaasje as akteur dy't in potsje brekke kin, wylst Cameron Diaz mei har rol yn The Mask trochbriek.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Mask waard yn 1995 nominearre foar de Oscar foar bêste special effects, mar ferlear fan Forrest Gump. Jim Carrey waard nominearre foar de Golden Globe foar bêste akteur.
Ferfolchfilm en oare media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In tekenfilmsearje, The Mask: Animated Series, kaam fan 1995 oant 1997 op 'e Amerikaanske tillefyzje, mei stimakteur Rob Paulsen yn 'e rol fan Stanley Ipkiss alias The Mask. Der waard ek in fideospultsje foar Super Nintendo, mei as titel The Mask, op 'e film basearre. In ferfolchfilm kaam lykwols net fan 'e grûn om't Jim Carrey der net oan meiwurkje woe. Uteinlik waard yn 2005 dochs in ferfolch makke, Son of the Mask, mar dat wie in B-film sûnder Carrey of Cameron Diaz, dêr't de filmkritisy neat fan hawwe moasten en dy't boppedat flopte yn 'e bioskopen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Mask
- (in) Ynformaasje oer The Mask yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske superheldefilm
- Amerikaanske komeedzjefilm
- Superheldekomeedzjefilm
- Neo-noir
- Ingelsktalige film
- Film fan New Line Cinema
- Film fan Dark Horse Entertainment
- Film fan Chuck Russell
- Film út 1994
- Film oer de maffia
- Film oer in bank
- Film oer bankberôving
- Film oer muzyk en muzikanten
- Film oer hûnen
- Film oer tsjoenderij
- Film basearre op in strip
- Film basearre op de Noardske mytology