Springe nei ynhâld

Driuwtille

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Driuwpôle)
Utsicht op in grutte driuwtille yn 'e Grote Geule te Kieldrecht

In driuwtille, driuwpôle, driuwsompe, reidtille of sodzepôle is in driuwend eilantsje fan mei planten begroeide seadden dy't fan 'e wâl los rekke binne.

De basis fan in driuwtille wurdt foarme troch ûnderdielen fan lossleine oereplanten, lykas de woartelstokken fan reid en giele plomp, oanfolle mei gerzen, modder en oanwaaid struisel. Op dy op it wetter omdriuwkeljende matte, dy't troch wyn en weachslach byinoar brocht is en holden wurden, kin him, as de driuwtille grutternôch is, in bysûndere fegetaasje ûntjaan fan û.m. siggen en feanmoas.

Driuwtillen spylje in wichtige rol yn it ferlâningsproses fan binnenwetters. Stadichoan fynt der in ferskowing nei moerasfegetaasje plak, sadat it eilantsje úteinlik troch djipwoartelige planten oan 'e boaiem fêst komt te sitten. As dit proses de frije hân kriget, sil it wetter nei ferrin fan desennia tichtgroeie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.