Driuwtille

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Utsicht op in grutte driuwtille yn 'e Grutte Geule te Kyldert.

In driuwtille, driuwpôle, driuwsompe, reidtille of sodzepôle is in driuwend eilantsje fan mei planten begroeide seadden dy't fan 'e wâl los rekke binne.

De basis fan in driuwtille wurdt foarme troch ûnderdielen fan lossleine oereplanten, lykas de woartelstokken fan reid en giele plomp, oanfolle mei gerzen, modder en oanwaaid struisel. Op dy op it wetter omdriuwkeljende matte, dy't troch wyn en weachslach byinoar brocht is en holden wurden, kin him, as de driuwtille grutternôch is, in bysûndere fegetaasje ûntjaan fan û.m. siggen en feanmoas.

Driuwtillen spylje in wichtige rol yn it ferlâningsproses fan swietwetterlichems. Stadichoan fynt der in ferskowing nei moerasfegetaasje plak, sadat it eilantsje úteinlik troch djipwoartelige planten oan 'e boaiem fêst komt te sitten. As dit proses de frije hân kriget, sil it wetter nei ferrin fan desennia tichtgroeie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.