Springe nei ynhâld

The Lady Vanishes (film út 1938)

Ut Wikipedy
The Lady Vanishes
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
De sêne wêryn't Iris Henderson (Margaret Lockwood, m.) en Gilbert Redman (Michael Redgrave, rj.) de mei wynsels bewuolle pasjinte fan dokter Hartz ûndersykje. Lofts yn byld Catherine Lacey as de 'non'.
De sêne wêryn't Iris Henderson (Margaret Lockwood, m.) en Gilbert Redman (Michael Redgrave, rj.) de mei wynsels bewuolle pasjinte fan dokter Hartz ûndersykje. Lofts yn byld Catherine Lacey as de 'non'.
makkers
regisseur Alfred Hitchcock
produsint Edward Black
senario Sidney Gilliat
Frank Launder
basearre op de roman fan Ethel Lina White
kamerarezjy Jack E. Cox
muzyk Louis Levy
Charles Williams
filmstudio Gainborough Pictures
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. Ken.)
20th Century Fox (Fer. St.)
spilers
haadrollen Margaret Lockwood
Michael Redgrave
byrollen Paul Lukas
dame May Whitty
Basil Radford
Naunton Wayne
Cecil Parker
Linden Travers
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 7 oktober 1938
foarm langspylfilm
sjenre skrillerfilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Dútsk,
   Frânsk en Italjaansk)
spyltiid 97 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst ûnbekend

The Lady Vanishes is in Britske skrillerfilm út 1938 ûnder rezjy fan Alfred Hitchcock, mei yn 'e haadrollen Margaret Lockwood en Michael Redgrave. De titel betsjut "De Dame Ferdwynt". De film is basearre 'e roman The Wheel Spins, fan Ethel Lina White út 1936. It ferhaal giet oer in jonge Ingelske frou dy't op in treinreis yn East-Jeropa in âldere Britske dame moetet. Nei't se in slûchje dien hat, is de dame ferdwûn, en de oare ynsittenden ûntstride allegear dat se ea sa'n frou yn 'e trein sjoen hawwe. The Lady Vanishes wie in tige súksesfolle film, dy't foar Hitchcock de wei klearre nei in karriêre yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Neffens in ranglist fan it Britsk Filmynstitút (BFI) út 2017 is it de op 30 nei bêste Britske film aller tiden. Der waarden remakes fan makke yn 1979 en yn 2013.

De Ingelske toeriste Iris Henderson is mei har kammeraatskes Blanche en Julie op fakânsje yn Bandrika, in fiktyf lân yn East-Jeropa. Iris sil earder as de beide oaren werom nei hûs, om't se trouwe sil, mar se wurdt opholden trochdat in lawine de spoarline bedutsen hat mei in tsjûk pak snie. Dy moat sadwaande earst útgroeven wurde ear't der wer treinen ride kinne. De strâne passazjiers bringe de nacht troch yn in hotel. Under harren binne ek Charters en Caldicott, twa Ingelske hearen dy't sljocht binne nei cricket en entûsjast útsjogge nei harren thúskomst yn it Feriene Keninkryk, dy't se sa regele hawwe dat se noch krekt op 'e tiid wêze sille foar de lêste dagen fan 'e testwedstryd yn Manchester. In oare strâne reizger is frou Froy, in dame op jierren dy't yn Bandrika wurke hat as gûvernante, en weromgiet nei Ingelân om har noch âldere âldelju te besykjen.

Dy jûn wurdt Iris út 'e sliep holden troch in lûd gebonk yn 'e keamer boppe harres. Frou Froy, dy't de keamer njonken dy fan Iris krigen hat, en dy't besiket nei in strjitmuzikant bûtendoar te harkjen, hat der ek lêst fan. De beide froulju oerlizze oer wat se der oan dwaan kinne en Iris beslút de hotelmanager, dy't fereale op har is, te freegjen om derfoar te soargjen dat it lûd ophâldt. De manager set nei de keamer ta dêr't it leven wei komt. Dêr is de jonge musikolooch Gilbert Redman bêde, dy't in pleatslike folksdûns oan it fêstlizzen is sa't trije Bandrikanen dy foardogge (wat it gestamp op it plafon fan 'e ûnderlizzende keamers feroarsaket). Gilbert wol net om sizzen jaan, dat de manager giet werom nei Iris om har te fertellen dat er neat foar har dwaan kin. Dêrop keapet se him om en smyt Gilbert út syn keamer. Dyselde nimt lykwols wraak troch te bearen dat er dan gjin oare kar hat as om by har yn 'e keamer yn te lûken. As er mei witwat omhaal har bad folrinne lit, kapitulearret se en freget se de manager om him syn keamer werom te jaan. Underwilens wurdt de strjitmuzikant ûnder it finster fan frou Froy troch in ûnsjoene moardner smoard.

De oare moarns is de spoarline frijmakke, dat de passazjiers kinne har nei de trein bejaan. Op it treinstasjon moetet Iris op 'e nij frou Froy. As se dyselde besiket te helpen wurdt by in finster op 'e earste ferdjipping fan in oanbuorjend hûs troch immen fan wa't inkeld de hân te sjen is, in plantebak fan it finsterbank treaun. It ding, dat foar frou Froy bedoeld wie, rekket Iris fol op 'e plasse. Frou Froy helpt har neitiid oan board fan 'e trein, mar Iris hat pineholle en fielt har net goed. Se bekomt wat yn in kûpee dy't sy en frou Froy diele mei in Italjaanske gûchelder dy't Doppo hjit, dy syn frou en in baronesse. Oare Ingelske passazjiers yn 'e trein binne Gilbert Redman, Charters en Caldicott en in abbekaat dy't Eric Todhunter hjit mei syn mêtresse, dy't harsels foardocht as frou Todhunter. Nei't Iris wat bekommen is, giet se mei frou Froy nei de restauraasjewagon om tee. As se wer yn 'e kûpee weromkeard binne, falt se yn 'e sûs.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Iris wekker wurdt, is frou Froy poater. Se docht neifraach nei har, mar Doppo, frou Doppo en de baronesse hâlde út dat der nea in frou Froy west hat. Todhunter, by wa't frou Froy earder ûnderweis nei de restauraasjewagon troch in bocht yn 'e spoarline suver op 'e skurte foel, beart dat er him neat fan dat foarfal tebinnenbringe kin. Hy wol nammentlik beslist gjin oandacht lûke fanwegen it feit dat er beselskippe wurdt troch syn mêtresse. Charters en Caldicott, dy't Iris en frou Froy earder yn 'e restauraasjewagon troffen hawwe, lige dat se net witte wêr't Iris it oer hat om't se bang binne dat se troch opûnthâld de cricketwedstryd yn Manchester misse sille. De iennichste behelpsume passazjier dy't Iris fine kin, is Gilbert, dy't frou Froy wier net sjoen hat. In oare passazjier, de harsenssjirurch dokter Hartz, oppenearret dat Iris wolris lije kin oan hallusinaasjes dy't oproppen binne troch in harsensskodding.

Iris is lykwols wis dat se net gek is of hallusinearret, en om't de trein sûnt de ôfreis net stilholden hat, moat frou Froy noch oan board wêze. As de trein op in stuit foar it earst àl stoppet, hâlde sy en Gilbert beide kanten goed yn 'e rekken, mar der wurdt inkeld in yn wynsels bewuolle pasjint fan dokter Hartz ynladen. As Iris neitiid weromgiet nei de kûpee dy't se dielde mei frou Froy en de oaren, treft se dêr in frou Kummer, dy't krekt sa klaaid is as frou Froy, en likernôch deselde leeftyd hat, mar der fierders hiel oars útsjocht. Dokter Hartz ferskynt wer, dy't diskear útleit dat Iris frou Froy wierskynlik de foargeande jûns yn it hotel met hat en troch de klap op 'e holle letter har gesicht oan 'e persoan fan frou Kummer keppele hat. Iris leaut der neat fan, dat sy en Gilbert sykje troch. Gilbert hat himsels tsjin dy tiid oansteld as dejinge dy't om har tinkt, mei't it him wol dúdlik is dat se dat sels net docht.

Yn 'e bagaazjewagon ûntdekke se it earste bewiis dat frou Froy wol deeglik bestiet en oan board fan 'e trein is of west hat, as se har bril mei stikkene glêzen weromfine. Fuort dêrnei wurde se mei in stiletto oanfallen troch de gûchelder Doppo. Tegearre wurde se him oermânsk, mar hy wit te ûntkommen. Gilbert en Iris begjinne no te fermoedzjen dat de pasjint fan dokter Hartz, mei syn yn wynsels bewuolle gesicht, nimmen oars is as frou Froy, en dat frou Kummer, dy't sa ynienen opdoek nei't de trein stilholden hie, foar de pasjint trochgie doe't dy oan board brocht waard. Underwilens jout Hartz yn syn eigen kûpee de 'non' dy't op syn pasjint past de opdracht om in bedwelmjend middel yn it drinken fan Iris en Gilbert te dwaan. Hy makket lykwols de flater om harren, nei't se har drinken opdronken hawwe, te fertellen wat er dien hat. Iris en Gilbert beare dan dat se it bewustwêzen ferlieze, en Hartz, dy't derfan oertsjûge is dat er gjin lêst mear fan har beiden hawwe sil, jout him ôf.

It docht lykwols bliken dat de falske non, dy't in Ingelse is, út loyaliteit oan har lânslju Hartz syn opdracht net útfierd hat. Gilbert en Iris ûntsnappe út 'e kûpee dêr't se yn opsletten binne en befrije frou Froy. As frou Kummer harren oer it mad komt, oerweldigje se har, slane har bewusteleas en bewuolje har wer yn 'e wynsels. De folgjende kear dat de trein stilhâldt, flak foar de grins, lit dokter Hartz syn 'pasjint' útlade, mar as er yn 'e ambulânse dy't by it stasjon stiet te wachtsjen de wynsels fan it gesicht hellet by wa't er tinkt dat frou Froy is, ûntdekt er dat it frou Kummer is. Hartz lit dêrnei de wagons fan 'e trein op in sydspoar sette. As Gilbert en Iris dat ûntdekke, bejouwe se har nei de restauraasjewagon, dêr't op dat stuit alle Ingelske passazjiers oanwêzich binne om't it teetiid is. De trein hâldt ho en in ofsier komt yn 'e restauraasjewagon om harren te freegjen om mei út 'e trein te gean, mar Gilbert slacht him del en pakt syn pistoal ôf.

Der ûntstiet in sjitpartij tusken Gilbert, Charters en Caldicott en de soldaten oan 'e iene kant fan 'e trein. Frou Froy, dy't no tajout dat se in Britske spionne is, jout Gilbert en Iris in boadskip, kodearre ta in meldij, om oer te bringen oan it Britske Ministearje fan Bûtenlânske Saken yn Whitehall foar it gefal dat har wat oerkomme sil. It is deselde meldij dy't de fermoarde strjitmuzikant spile dy't by it hotel ûnder it finster fan frou Froy stie. Gilbert, dy't as musikolooch oanlis foar muzyk hat, leart it gau-gau út 'e holle, wêrnei't frou Froy fia de oare, ûnbewekke kant fan 'e trein útpykt. Todhunter, dy't inkeld krityk hat op wat de oare passazjiers by de ein hawwe, besiket himsels oer te jaan, mar wurdt deasketten. Gilbert en Caldicott kape dan de lokomotyf en ûntsnappe mei de trein oer de grins.

Nei't se einlings weromkeard binne yn Londen, lêze Charters en Caldicott op Victoria Station yn 'e krante dat de testwedstryd yn Manchester ôflast is fanwegen oerstreamings. Op itselde stasjon sjocht Iris har ferloofde oankommen, mar dûkt dan gau mei Gilbert yn in taksy. Dêr lit se har tútsje troch Gilbert. Se litte harren nei it Ministearje fan Bûtenlânske Saken ride, dêr't se yn 'e wachtkeamer plannen meitsje om mei-inoar te trouwen. As se deryn nûge wurde, beseft Gilbert ynienen dat er him de meldij net mear tebinnenbringe kin. Mar as hy en Iris yn it kantoar laat wurde fan 'e funksjonaris dy't har te wurd stean sil, hearre se itselde deuntsje wer: it is frou Froy dy't it op 'e piano spilet.

Margaret Lockwood.
Michael Redgrave yn 1978.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Iris Henderson Margaret Lockwood
Gilbert Redman Michael Redgrave


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dokter Hartz Paul Lukas
frou Froy dame May Whitty
Charters Basil Radford
Caldicott Naunton Wayne
dhr. Todhunter Cecil Parker
"mefr." Todhunter Linden Travers
de hotelmanager Emile Boreo
dhr. Doppo Philip Leaver
de "non" Catherine Lacey
de baronesse Mary Clare
frou Kummer Josephine Wilson
Blanche Googie Withers
Julie Sally Stewart
de ofsier Charles Oliver
mefr. Doppo Selma Vaz Dias
Anna Kathleen Tremaine

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lady Vanishes is loskes basearre op 'e roman The Wheel Spins, fan Ethel Lina White, út 1936, dy't neitiid troch it súkses fan 'e film ek wol ferskynd is ûnder de titel The Lady Vanishes. De film waard produsearre troch Edward Black, dy't lykwols net as filmprodusint fermelden wurdt op 'e begjin- of de eintitels. Hy kocht koart nei it útkommen fan White har boek de filmrjochten dêrop. Oarspronklik soe de film The Lost Lady ("De Fermiste Dame") hjitte en regissearre wurde troch de Ierske filmmakker Roy William Neill. Hoewol't fan begjin ôf oan al dúdlik wie dat de measte sênes yn 'e studio opnommen wurde soene, waard der in filmcrew nei Joegoslaavje stjoerd foar lânskips- en sfearbylden. Doe't de Joegoslavyske plysje lykwols by tafal ûntdiek dat it lân net botte posityf út it senario nei foarren komme soe, waard de filmploech it lân útwâde. It projekt waard dêrnei troch Black skrast.

In jier letter stie regisseur Alfred Hitchcock by Black syn Gainborough Pictures ûnder kontrakt foar it meitsjen fan in film, mar hy koe gjin gaadlik skript fine om te ferfilmjen. Doe kaam Black op 'e lapen mei The Lost Lady. Hitchcock wurke gear mei de senarioskriuwers Sidney Gilliat en Frank Launder om it begjin en de ein fan 'e film wat minder wiidweidich te meitsjen, mar naam fierders it skript oer sa't it wie. Hy feroare wol de titel yn The Lady Vanishes ("De Dame Ferdwynt"), in ferwizing nei de bekende gûcheltrúk fan 'e 'ferdwinende dame'. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack E. Cox, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Louis Levy en Charles Williams (dy't likemin as Black op 'e begjin- of eintitels fermeld waarden). De opnamen foar The Lady Vanishes fûnen plak yn 'e Gainsborough Studios yn 'e Londenske wyk Islington.

Foar de froulike haadrol hie Hitchcock earst Lilli Palmer yn gedachten, mar úteinlik keas er foar de doe noch relatyf ûnbekende Margaret Lockwood. De manlike haadrolspiler, Michael Redgrave, wie yn 1938 ek noch ûnbekend by it bioskooppublyk, mar hy wie in opkommende stjer fan it Londensk toaniel. Hy wie earst net botte happich op in filmrol, mar waard datoangeande bepraat troch John Gielgud. The Lady Vanishes makke him yn ien klap ta in ynternasjonale filmstjer. Lykwols koene Redgrave en Hitchcock min mei-inoar, en se botsten op 'e filmset geregeldwei om't Redgrave as toanielakteur mear rippetysjes hawwe woe, wylst Hitchcock krekt sterk hechte oan spontaniteit. Se wurken neitiid nea wer mei-inoar gear.

Yn The Lady Vanishes hie Hitchcock syn gebrûklike cameo oan 'e ein fan 'e film, as er yn Victoria Station yn Londen te sjen is, dêr't er in sigaretsje stiet te smoken.

De distribúsje fan The Lady Vanishes waard yn it Feriene Keninkryk fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer, yn it ramt fan in oerienkomst mei de Gaumont British Picture Corporation. Yn 'e Feriene Steaten beävensearre 20th Century Fox de distribúsje. De film gie op 7 oktober 1938 yn Londen yn premiêre.

Hoewol't The Lady Vanishes basearre is op 'e roman The Wheel Spins, fan Ethel Lina White, is de film gâns oars as de roman. Sa is frou Froy yn it boek echt in ûnskuldich âldwyfke dat ûntfierd wurdt om't se wat wit (sûnder dat se it sels beseft) dat gefaarlik is foar de autoriteiten. Ek wurdt yn it boek de geastlike betizing fan Iris feroarsake troch sinnestek (en net trochdat se in blombak op 'e holle krigen hat). Fierders hâldt de trein yn 'e roman fan White nea ho, mar riidt altyd troch, en likemin is der in sjitpartij op 'e ein fan it ferhaal.

Wat de personaazjes oanbelanget, hjit Gilbert Redman yn it boek Max Hare, en is er gjin frijbûtserige musikolooch, mar in jonge yngenieur dy't yn East-Jeropa is om in keardaam te bouwen. Fierders komt yn it boek in taalkundige foar dy't as tolk foar Iris en Max fungearret, mar dy't yn 'e film alhiel ûntbrekt. De troch cricket obsedearre personaazjes Charters en Caldicott komme dan wer net yn it boek foar en wiene spesjaal tafoege foar de film. Hja waarden troch de film sa populêr dat se neitiid yn in rige oare films, radioprogramma's en in tillefyzjesearje ferskynden.

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't The Lady Vanishes yn it Feriene Keninkryk yn 'e bioskopen iepene, wie it fuortendaliks in grut súkses. Itselde gou foar New York, doe't de film dêr yn 'e bioskoop kaam. Yn in doetiidske resinsje omskreau it Monthly Film Bulletin The Lady Vanishes as in "bûtengewoane en spannende skrillerfilm". Ek wie der lof foar de rezjy fan Hitchcock en it aktearjen fan 'e cast, yn 't bysûnder dat fan Michael Redgrave, Paul Lukas en dame May Whitty.

The Lady Vanishes waard troch The New York Times útroppen ta bêste film fan 1938, en yn 1939 waard Hitchcock dêrfoar de priis foar bêste regisseur takend troch de New York Film Critics Circle. Mei The Lady Vanishes wist Hitchcock de belangstelling fan 'e Amerikaanske filmyndustry te fangen. Hoewol't syn trije foargeande film it min dien hiene yn 'e bioskopen, klearre dit iene reuseftige súkses foar him it paad nei Hollywood, en koart nei de premiêre ferfear er dêrhinne.

Neitiid behold de film altyd syn populariteit. Sa neamde Jamie Russell The Lady Vanishes yn in resinsje foar de BBC út 2008 in "slûchslim fyn ynleine skriller" en in "geweldich stikje entertainment". En Mark Duguid fan it Britsk Filmynstitút (BFI) skreau dat de film "beskôge wurde kin as de bêste, en beslist as de grappichste fan Hitchcock syn Britske films, en him mjitte kin mei it bêste fan syn Amerikaanske wurk." Neffens in ranglist fan it Britsk Filmynstitút út 2017 is it de op 30 nei bêste Britske film aller tiden.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Lady Vanishes in tige heech goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 45 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze glânsrike skriller, ien fan Alfred Hitchcock syn lêste Britske films, jout in iere glim fan 'e regisseur op syn stylfolst en fermaaklikst." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Lady Vanishes in goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 17 resinsjes.

Der waard neitiid twaris in remake makke fan The Lady Vanishes:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.