Springe nei ynhâld

The King and I (film út 1956)

Ut Wikipedy
The King and I
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Walter Lang
produsint Charles Brackett
senario Ernest Lehman
basearre op Anna and the King of Siam
    fan Margaret Landon
de toanielmusical fan
    Rodgers & Hammerstein
kamerarezjy Leon Shamroy
muzyk Richard Rodgers (muzyk)
Oscar Hammerstein II (lietteksten)
filmstudio 20th Century Fox
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Deborah Kerr
Yul Brynner
byrollen Rita Moreno
Terry Saunders
Martin Benson
Patrick Adiarte
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 juny 1956
foarm lange filmmusical
sjenre romantysk histoarysk
   komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 144 minuten
budget en resultaten
budget $4,6 miljoen
opbringst $21,3 miljoen
prizen 5 × Oscar
2 × Golden Globe

The King and I is in Amerikaanske romantyske histoaryske filmmusical en komeedzjedramafilm út 1956 ûnder rezjy fan Walter Lang, mei yn 'e haadrollen Deborah Kerr en Yul Brynner. De titel betsjut "De Kening en Ik". It is in ferfilming fan 'e toanielmusical fan Rodgers en Hammerstein mei deselde namme út 1951. Dy wie basearre op 'e roman Anna and the King of Siam fan Margaret Landon út 1944, dy't sels wer tebek gie op 'e memoires fan Anna Leonowens. De film folget de Leonowens, in Ingelse, dy't yn 'e 1860-er jierren troch kening Mongkut fan Siam (no Tailân) oansteld wurdt as gûvernante foar syn bern en leararesse foar syn froulju.

Hoewol't it in histoaryske film is dy't yn grutte halen wier bard is, wurde de toansetting en beskate eleminten, lykas de ôfskildering fan Mongkut as in polkadûnsjende despoat, yn it moderne Tailân as misledigjend beskôge, sadat The King and I dêr nea te sjen west hat. Fan 'e Westerske filmkritisy krige de film lykwols rûnom lof taswaaid en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. The King and I waard nominearre foar njoggen Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film) en wûn dêrfan fiif. De film wûn ek twa Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje. Tsjintwurdich wurdt de film beskôge as in wiere klassiker. Yn 2021 waard bekendmakke dat der wurke wurdt oan in remake fan 'e The King and I.

In jonge Ingelske widdo, Anna Leonowens, arrivearret yn 1862 mei har jonge soan Louis yn Bangkok, de haadstêd fan Siam. Dêr sil hja gûvernante wurde foar de bern fan kening Mongkut. Se wurde nei it keninklik paleis begelaat troch de kralahome, de Siameeske earste minister. Dyselde wol hawwe, se sille fertrekken yn it paleis krije, mar Anna wie yn har briefkerij mei de kening in eigen hûs ûnthjitten, oanbuorjend oan it paleis. Anna is it sadwaande net iens mei de gong fan saken en ferbrekt it protokol fan it keninklik hof troch op stel en sprong in audysje mei Syn Majesteit ôf te twingen. Mongkut, lykwols, negearret har beswieren en bringt har yn 'e kunde mei frouwe Thiang, syn haadfrou, en mei de wichtichsten fan syn byfroulju. Wannear't de kening har de fyftjin fan syn 106 bern sjen lit foar wa't sy gûvernante wurde moat, ûnder wa kroanprins Chulalongkorn, is Anna ferkocht en beslút se nettsjinsteande har beswieren te bliuwen.

Anna moetet ek de nijste konkubine fan Mongkut, de jonge Birmeeske frou Tuptim. Letter wurdt se út petearen mei de oare keninklike froulju gewaar dat Tuptim tsjin har wil oan Mongkut úthylke is, hoewol't se eins fereale is op Lun Tha, de man dy't har út Birma nei Bangkok brocht hat. Mongkut stelt foar dat Anna ek dyjingen fan syn 67 froulju ûnderwize sil, dy't by him yn 'e geunst steane en goed leare kinne. Anna nimt dy opdracht oan, ek al wie fan soks yn harren briefkerij gjin sprake.

Mei't Anna noch altyd it hûs hawwe wol dat har ûnthjitten wie, ûnderwiist se de keningsbern oer de deugden fan in eigen hûs en leart se harren alderhanne Ingelske sprekwurden en siswizen mei de wurden house ("hûs") of home ("thús") deryn. Dy net sa subtile opstannigens giet net ûngemurken foarby oan 'e kening, dy't der frijwat argewaasje fan hat. Yn 'e tunen fan it keninklik paleis komt Anna op in dei Lun Tha tsjin, dy't yn Bangkok omhingjen bleaun is foar de seldsume gelegenheden dat er temûk Tuptim moetsje kin. Hy freget har om help by it beävensearjen fan in nije moeting. Anna stegeret him earst ôf, mar foldocht dan dochs oan syn fersyk. Lun Tha en Tuptim moetsje inoar yn 'e tunen ûnder beskûl fan it ynfallend tsjuster. Lun Tha ûnthjit dat er Tuptim ienris helpe sil om te ûntkommen, sadat se tegearre útnaaie kinne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Kening Mongkut kriget berjocht út 'e Britske koloanje Singapoer dat Siam foar it Britske regear oer ôfskildere wurdt as in efterlik lân en hysels as in barbaarsk lieder. De hoop is dat de Britten beslute sille om Siam binnen te fallen en der in koloanje of in protektoraat fan te meitsjen, in sitewaasje dêr't beskate hannelsbelangen grou jild oan fertsjinje kinne. (Wat fansels ek de reden is foar it op gong bringen fan 'e geroftestream.) De kening is sawol lulk as ûntrêstge troch it nijs, om't Siam it iennichste lân yn Súdeast-Aazje is dat oant no ta alle Jeropeeske koloniale grutmachten bûtendoar witten hat te hâlden. Wannear't it Britske regear in delegaasje stjoert om 'e stân fan saken yn Bangkok te ûndersykjen, wol Mongkut de gasten yntimidearje, mar Anna bepraat him om harren ynstee op freonlike en gastfrije wize te ûntfangen en in grut feest yn Jeropeeske styl ta harren eare te hâlden yn it keninklik paleis. Yn ruil foar it organisearjen fan it hiele spul ûnthjit de kening Anna har dochs noch har eigen hûs jaan te sillen.

Wannear't de Britske delegaasje arrivearret, ken Anna ien fan 'e leden wer as har âlde frijer sir Edward Ramsay. Syn oanwêzigens is gjin tafal, sa docht bliken, mei't Ramsay in eachje op Anna hat en derfoar soarge hat dat er foar de delegaasje útornearre waard spesjaal foar in moeting mei har. Hy besiket har oer te heljen mei him werom te gean nei Ingelân om mei him te trouwen, mar Anna makket dúdlik dat har libben no yn Siam is. It klaaien fan 'e keninklike konkubines yn Jeropeeske jûpen rint út op in fiasko wannear't de froulju de monôkle fan ambassadeur John Hay oansjogge foar it boaze each. Se lûke harren rokken op om harren gesichten te ferbergjen wylst se ûnder de jûpen gjin ûnderguod drage. Nei it feestmiel fiere leden fan it keninklik hof foar de gasten in toanielstik mei sang en dûns op yn 'e tradisjonele Siameeske styl, dat skreaun is troch Tuptim. Hja hat it lykwols basearre op it ferhaal fan 'e Amerikaanske abolisjonistyske roman Uncle Tom's Cabin, fan Harriet Beecher Stowe, dy't se fan Anna liend hie. De gasten fine it prachtich, mar kening Mongkut en de kralahome binne not amused, mei't de slavernij yn Siam noch bestiet en it toanielstik sjen lit hoe't in slavinne har frijheid wint troch te ûntnappen, wylst de slavehâldende kening dy't har efternei sit, ferdrinkt yn 'e rivier.

Nei't de gasten ôfset binne, docht bliken dat Tuptim poater is. Hja is útnaaid mei Lun Tha, mar hoewol't de leafde tusken harren beiden yn 'e harem algemien bekend is, hat nimmen it oan kening Mongkut útbrocht, dat dyselde taast alhiel yn it tsjuster oangeande de motiven fan it fanke om fuort te rinnen. Hy fermoedet earst dat se benaud is foar syn reäksje op it toanielstik, mar Anna leit him út dat se ûngelokkich is as ien fan 'e tsientallen froulju fan 'e kening. Mongkut besiket Anna dêrop út te lizzen dat polygyny (mearwiverij) in folle natuerliker ferskynsel is as de monogamy dy't manlju yn 'e Westerske wrâld oplein wurdt. Anna is it dêr net mei iens en geandewei begjint it petear oer Anna har eigen iere ûnderfinings mei manlju te gean, lykas har earste dûns. De kening wol dat se him sjen lit hoe't dat giet mei dy Westerske dûnsen, en ear't se it wit, dûnsje se tegearre de polka. Op dat stuit beseft Anna dat se fereale rekke is op 'e kening, wylst hy ek gefoelens foar har ûntwikkele liket te hawwen.

It fragile, emosjonele momint dat Anna en de kening inoar hàst tútsje, wurdt rou ferbrutsen wannear't de kralahome it fertrek binnen komt mei it nijs dat Tuptim finzen nommen is. Foar har ferrie risselwearret Mongkut har swypslaggen te jaan. Anna ferset har dêr fûleindich tsjin, en as de kening net om har sizzen jaan wol, ferklearret se dat er yndie in barbaar is. Dêrmei brekt se him: hy smyt de swipe fuort en ûntflechtet de keamer. Nei't it nijs komt dat Lun Tha dea oantroffen is en dat syn lyk yn 'e rivier smiten is, wurdt Tuptim yn triennen fuortlaat. As se allinnich efterbliuwe, feecht de kralahome Anna de mantel út, mei't se de kening yn in ûntmooglike posysje brocht hat: hy kin net tagelyk de beskaafde Westerling wêze dy't sy fan him meitsje wol en ek kening fan Siam, dat in hiel oare kultuer hat. Hy seit dat er wol woe dat se nea yn Siam kommen wie; sy antwurdet dat se it dêroer iens binne en dat se mei it earstfolgjende skip ôfsette sil, lykfol wêrhinne.

De jûns fan har ôfreis komme frouwe Thiang en kroanprins Chulalongkorn by Anna mei it berjocht dat kening Mongkut yn it stjerren leit. Fan Thiang kriget se in ûnfoltôge brief fan 'e kening, wêryn't er syn djippe tankberens ûnder wurden bringt en teffens syn respekt foar har, al hawwe se ek nòch safolle mieningsferskillen hân. Dêrtroch lit Anna har oerhelje om 'e kening noch in lêste kear te besykjen. By dy moeting skinkt Mongkut har syn ring en bepraat er har en Louis om dochs yn Bangkok te bliuwen. Hy stiet syn keningstitel ôf oan Chulalongkorn, waans earste dekreet is dat de slavernij yn Siam ôfskaft wurde sil en dat syn ûnderdienen har yn syn oanwêzigens net mear mei de foarholle tsjin 'e grûn oan hoege te bûgen. De kening ferstjert kalm, yn it folle fertrouwen dat it goed komme sil mei it lân. In gûlende Anna hâldt syn hân tsjin har betrienne wang oan.

  • Uvertuere – ynstrumintaal
  • I Whistle a Happy TuneAnna Leonowens en har soan Louis
  • The March of the Siamese Children – ynstrumintaal
  • Hello, Young Lovers – Anna Leonowens
  • A Puzzlement – kening Mongkut
  • Getting to Know You – Anna Leonowens en it koar
  • We Kiss in a Shadow – Lun Tha en Tuptim
  • Something Wonderful – frouwe Thiang
  • Finale, Act I – kening Mongkut en it koar
  • Entr'acte – ynstrumintaal
  • The Small House of Uncle Thomas – Tuptim (fertelling) en it koar (sang en dûns)
  • Song of the King – kening Mongkut
  • Shall We Dance? – Anna Leonowens en kening Mongkut
  • Finale (Something Wonderful) – koar

Trije lieten út 'e toanielmusical waarden wol opnommen foar de soundtrack fan 'e film, mar ûntbrieken yn 'e eigentlik film: Shal I Tell You What I Think of You?, I Have Dreamed en My Lord and Master.

Deborah Kerr.
Yul Brynner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
Anna Leonowens Deborah Kerr
(sang: Marni Nixon)
kening Mongkut fan Siam Yul Brynner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Tuptim Rita Moreno
(sang: Leona Gordon)
frouwe Thiang Terry Saunders
de kralahome Martin Benson
kroanprins Chulalongkorn Patrick Adiarte
Louis Leonowens Rex Thompson
sir John Hay Alan Mowbray
sir Edward Ramsay Geoffrey Toone
Lun Tha Carlos Rivas
(sang: Reuben Fuentes)
kaptein Orton Charles Irwin
prinsesse Ying Yaawolak Joyceline Lew

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The King and I waard regissearre troch Walter Lang nei in senario fan Ernest Lehman op basis fan 'e toanielmusical The King and I fan Rodgers en Hammerstein, dy't yn 1951 iepene op Broadway. De musical wie basearre op 'e roman Anna and the King of Siam fan Margaret Landon, dy't yn 1944 ferskynde. Dat boek gie sels wer te tebek op The English Governess at the Siamese Court, út 1870, de memoires fan Anna Leonowens (18311915). Sy wie in Ingelse dy't yn 1862 yndie gûvernante oan it keninklik hof yn Bangkok waard foar de bern fan kening Mongkut fan Siam (no Tailân). Har ferhaal joech in iensidich byld fan dat lân en syn kening, en wie ôfmakke mei weilittings en tafoegings. De lettere adaptaasjes fan it boek makken dat der net better op.

As produsint wie Charles Brackett by de film The King and I belutsen foar de filmstudio 20th Century Fox. Foar de film wie in budget beskikber fan $4,6 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Leon Shamroy. De filmmuzyk en de meldijen fan 'e lieten waarden fersoarge troch Richard Rodgers, wylst de lietteksten it wurk wiene fan Oscar Hammerstein II.

Rodgers en Hammerstein skreaune harren toanielmusical The King and I oarspronkik foar Gertrude Lawrence, dy't yn har kontrakt fêstlizze liet dat se de rol fan Anna Leonowens ek op it wite doek fertolkje meie soe as it ea ta in ferfilming kaam. Mar Lawrence rekke oanhelle mei kanker en ferstoar wylst de musical noch op Broadway rûn. Foar de froulike haadrol yn 'e film waarden sadwaande Dinah Shore en Maureen O'Hara yn omtinken nommen. It wie Yul Brynner, dy't op Broadway de rol fan kening Mongkut spile hie en dy rol ek yn 'e film behold, dy't derop oankrong om Deborah Kerr as syn tsjinspylster te casten. It sjongen fan Kerr waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei de stim fan Marni Nixon. Foar de rol fan Tuptim wie njonken Rita Moreno ek France Nguyen yn byld, mar dy lêste krige de rol net om't Moreno, oars as sy, al by 20th Century Fox ûnder kontrakt stie.

Deborah Kerr as Anna Leonowens yn The King and I.

De distribúsje fan The King and I waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 28 juny 1956 yn New York yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn juny 1956 by platemaatskippij Capitol Records.

Fan 'e filmkritisy krige The King and I yn 'e Feriene Steaten en de rest fan 'e Westerske wrâld oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau Bosley Crowther yn The New York Times: "As jo [dizze film] net sjogge, [...] dan misse jo in swide en oangripende ûnderfining". En neffens it tydskrift Variety wiene "alle yngrediïnten dy't The King and I fan Rodgers & Hammerstein ta sa'n memorabel toanielbarren makken, [...] trou oerset nei it wite doek." Yn Tailân waard de film lykwols ferbean omreden fan 'e as misledigjend ûnderfûne ôfskildering fan it lân en fan kening Mongkut.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The King and I in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 27 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The King and I in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 6 resinsjes.

The King and I brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $8,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $12,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $21,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $4,6 miljoen betsjut dat in winst fan $16,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The King and I de op fjouwer nei meast opbringende film fan 1956, nei The Ten Commandments, Around the World in 80 Days, Giant en Seven Wonders of the World.

Yn 1957 waard The King and I by de Oscars nominearre foar prizen yn 9 ferskillende kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste regisseur, bêste aktrise (Deborah Kerr) en bêste kamerarezjy yn in kleurefilm. De film wûn 5 Oscars, foar bêste akteur (Yul Brynner), bêste soundtrack, bêste lûd, bêste kostúmûntwerp en bêste artdirection fan in kleurefilm.

The King and I waard fierder nominearre foar 4 Golden Globes, wêrûnder de prizen foar bêste akteur yn in filmmusical of komeedzjefilm (Yul Brynner) en bêste film dy't ynternasjonaal begryp útdraacht. De film wûn 2 Golden Globes, foar bêste film – musical of komeedzje en foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Deborah Kerr).

Yn febrewaris 2021 waard bekendmakke dat de Amerikaanske filmstudio Paramount Pictures de filmrjochten fan 'e toanielmusical The King and I oankocht hie. Doel wie om in remake te produsearjen fan 'e filmklassiker út 1956.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.